| |
| |
| |
Eppie Dam
Ienpearich fortraechde biwegings
(oefeningen yn it proces nei sniepopstatus)
Bartle Laverman: winter
Koperative Utjowerij, cumulusrige 761.
Neffens it kolofon foarmje de fersen yn de nijste bondel ‘winter’ fan Bartle Laverman ‘in oanslutend gehiel op de bondel ‘skimerlânskippen’ forskynd yn 1975 by deselde útjower.’ Dy lêstneamde bondel is doedestiids foar Trotwaer treflik bisprutsen wurden troch Steven de Jong (Trotwaer 1976-2, side 100-103). De Jong nat út ‘skimerlânskippen’ trettjin motiven nei foaren helle. Nei myn bitinken hied er mei ien likegoed takinnen en hy seit sels ek al: ‘Al dizze motiven stean net los fan mekoar, men kin se mei in bytsje goede wil wol yn A ynpasse’, 101. Under A stiet dan: ‘identifikaesje fan plantaerdich en minsklik bistean’, 101. Koarter kin ik it net sizze. Better faeks al. Ik fetsje de bondel ‘skimerlânskippen’ gear (gearfetsjen is altyd foar it gemak) mei it fers ‘metamorfose’ op side 10 fan dy bondel:
djipper yn de ierde stjitten
| |
| |
It lêste fers yn ‘skimerlânskippen’ rint al foarút op de forfolchbondel ‘winter’. Dat lêste fers stiet ek ûnder de titel fan ‘metamorfose’. De Jong syn ynterpretaesje is de iennichste út syn bisprek dy't ik bistride wol. De Jong: ‘Laverman liket hjir hwat op 'e domeny, dy't de minsken wer út 'e put prate moat, dêr't er se earst yn holpen hat.’ 103. Nei myn bitinken is hjir gjin sprake fan in wer-út-de-put-praten, likemin fan tobekklauwen, mar, krekt oarsom, dizze metamorfose is de apotéose dêr't de godgânske flora yn bihelle wurdt. De identifikaesje, om by de Jong syn terminology to bliuwen, is hjir net langer soartboun, mar bislacht alles hwat woartel hat (gers stikels bûterblommen, ‘skimerlânskippen’, 23). Foarútrinne, hwant as de metamorfose folslein is, slút it fers en dêrmei de bondel ôf mei:
wachtsje jimme mar op dy hear
Opstanning of net, hwa't yn woartel, stâl en blêd bihelle wurden is, forlibbet de tiid.
Dizze ynformaesje koene wy net omhinne, om't Laverman yn ‘winter’ oan 'e iene kant deselde problematyk ophellet en, oan 'e oare kant, gâns oars fuortfart. Dichter hat byit ôfsluten fan ‘skimerlânskippen’ faeks de hope hawn dat er der ôf wie om't de twadde metamorfose (by wize fan doel yn dy bondel) slagge wie. Lykwols, syn oerwinterjen hat gjin wintersliep west en dêr ha wy dy twadde bondel fersen oan to tankjen. De bondel set mei it fers ‘motto’ útein. It bigjin:
it ûndersyk moat fierder:
gjin ein fan it beweegjen (7)
De metamorfose, sa docht bliken, is net slagge. In nije searje fersen sil nedich wêze om de konstante to finen, de rêst as tsjinstelling fan de biweging, iis foar wetter. Net dat dichter sels in hege pet ophat fan syn skreppen (om straks mei d' âlde lietsjes / fan kâlde kermis / thústekommen, 7), hy hat leard fan it mislearjen fan syn earste fersen yn dy sin dat se him net losrotsje (sjoch ‘metamorfose 2’, ‘skimerlânskippen’, 23) koene fan it deistich en minsklik bistean. Mar, lykwols... sst, sa einget ‘motto’, faeks is it wer in bisykjen wurdich en set d' âlde lietsjes (út 'skimerlânskippen) oer yn de nije wurden (fan ‘winter’) dy't nou eat útheve sille.
Foar't wy gear geane oer de (oare) fersen, earst noch in wurdmannich oer it fuortset-wurden fan it ‘skimerlânskippen-motyf’ oan 'e iene kant en it
| |
| |
dêrfan ôfwiken oan 'e oare kant. De identifikaesje fan minsklik libben mei plantaerdich libben hie syn oarsprong yn ûnfrede mei dat minsklik libben. De Jong hjit soks yn syn earderneamde bisprek: ‘in protest tsjin 'e beton- en plastictechnokraty fan ús dagen.’, 101. Foar my hoecht dy ûnfrede net mei safolle wurden sein to wurden, as mar dúdlik is dat er der is, by wize fan driuw. Unfrede mei it minsklik bistean is ek de driuw efter de fersen yn ‘winter’. Hwat dat oanbilanget is dizze bondel dus in regelrjochte fuortsetting fan de foargeande. Lykwols, Laverman forarbeidet nou syn ûnfrede net langer yn in rjochte wêzen op in oar, fégétatyf, nivo (‘skimerlânskippen’), mar hy bisiket hjir it bistean sels út to djipjen en der in boom yn to finen (tink ris nei by de stappen / dyst setst, 10, of: wol fierder bringt ús / meditaasje, 15). It is dan ek gjin wûnder dat guon fersen in hwat filosofyske ynslach hawwe. Hwa't frede hawwe wol mei it bistean, sil dat bistean earst ôftaeste en bigripe moatte, fan it bigjin oant en mei de ein, berte en dea.
It twadde fers ‘perspektiven’ is in bisykjen om gryp to krijen op de grounpatroanen fan it bistean. It fers falt yn trije parten útinoar, troch de skriuwer oantsjutten mei 1 libje, 2. libje en 3. lykwols. Yn 1. wurdt it bistean bigrepen as in ivich op-herhelling-wêzen, yn 2. is it hâldfêst de kennis fan in bigjin en in ein. It is de tsjinstelling tusken twa bikende fizys, de oasterske sirkelgong tsjing de westerske foarútgong. Laverman komt yn 3. lykwols ta in prachtige synthese:
It draeit yn ‘winter’ yn de neifolgjende fersen om twa of winliken om fjouwer wurden: A. waermte en kjeld, B. stilstân en biweging. Beide wurdpearen binne sa hecht meiinoar forboun dat it net mooglik is en helje se foar dit bisprek útinoar. Froast (winter) ympliseart net allinne kjeld (A), mar teffens stilstân (B), fan wetter bygelyks.
Hwat wol de dichter, hwat wolle de fersen. Hja wolle de deistige prosessen fan it minske-wêzen stadichoan ynfrieze (A) en stilsette (B). Net om it libben ûnmooglik to meitsjen, mar, krekt oarsom, om it libben to finen en in konstante to birikken, in lykwicht. Yn ‘waarmte’ stiet it sa: faaks dat men folslein / kâld / wurden wêze moat / om yn in fase / earder (of fierder) / de oplossing to finen, 9. De folsleine kjeld is in delte dêr't men trochhinne moat om der boppe to kommen. Kâld as stien / bgl., 9. Dit bislút fan ‘waarmte’ forwiist nei de dea, -273, folsleine stilstân. Tinkkrêft as middel foar it finen fan in lykwicht yn it bilibjen fan it libben ha wy it al even oer hawn. Net de bline krêften fan bloed (A) en spieren (B) meije it libben stjûre, né, allinne it ôfstân nimmen fan dy trochdriuwende funksjes bringt jin fierder: yn ‘tink ris nei’ it driuwt net mear (...) en dû hoechst net mear / dû belibbest
| |
| |
alles al, 10.
It fjirde fers ‘men smyt’ hie nei myn bitinken net yn dizze bondel moatten en oars net op dit plak. De kjeld is hjir gjin doel, gjin freon en forlosser, mar in lot dat jin letter treffe sil. Binammen is dit fers hjir net op syn plak om't it neifolgjende gedicht ‘kjeld’ in lofliet is (ah, wintertiid, 12) op de winter en syn froast dy't ommers alles stilset (it flugge wetter sels / is stil en hurd). De kjeld is in freon, middel en doel tagelyk. Hjir wurdt dat doel birikt:
De slotrigel fan dit fers, in foarjier komt telet, is gjin wanhoopswurd, gjin toloarstelling, mar earder in oerwinningswurd. It foarjier sil net by steat wêze en bring it wetter wer op gleed of meitsje dea wer libben. De bidriging fan de bûtewacht (hjir it foarjier) oppenearret him ek yn ‘wat snaffel’ en ‘haha’. De dichter hat him ynfrieze litten (kachel wennet hjir net mear, 13), mar in fûgel komt by him oan 't rút (roodborstje tikt tegen 't raam). Dichter forstiet syn oantwang wol, mar lit him lykwols net ûntteije. Hy seit de fûgel (bûtewacht) it foarjier ta (moarn is foar dy in nije dei, 13) mar hy wol sels bûten skot bliuwe. Dit docht tinken oan de beide slotrigels fan de bondel ‘skimerlânskippen’ (sjoch earder). Yn ‘haha’ wurdt de bûtewacht oantsjutte as (lju mei azemtocht, 14). Dat wol sizze, it folk dat noch meidraeit yn it ritme fan yn- en útazemje, stappe en forwege. Dichter hat him nou folslein distansjearre fan de machtige driuw fan it libben (hjoed bliuw ik stean / moarn gean ik ek net fierder / en lit gjin lju / mei azemtocht myn rêst forsteure / net thús, 14). Hy is ynferzen, konserfearre, it abslute nulpunt is birikt. En dan?
It neifolgjende fers ‘stien’ hie de ein wêze kinnen fan dizze searje. It is de dichter slagge en set de uterlike foarm fan libben (lichemswaermte, azem, biweging) stil. Mar ek binnen komt nou stil, 15. Dan de forrizenis:
mar sjoch dyn fleis en sop
Fan it nulpunt út, fan binnen út, bigjint it bloed (sop) op 'en nij to sieden (A) en it biweecht (B), Teiwaer, stilstân net foar ivich, rêst fan de ûnrêst. De stilte is mislearre, lykas de metamorfose yn ‘skimerlânskippen’. Hy tocht him dea, mar bloed (A) en sinen (B) krûpe dêr't hja net gean kinne, yn it minsklik bistean. Deagean, bifrieze, stilsette, kontrolearje, ôfstân nimme, bihearskje, lykwicht fine, konstant wêze, rêst hawwe is in fiksje. Men mei jinsels bigroeven hawwe de stien hat neat yn to bringen as lege briefkes. Werklikheit is oars!
| |
| |
Yn ‘snie’ en ‘snie 2’ wurdt noch bisocht en forlies de neitins oan it libben. Lykas de snie him oer kleuren en lûd hinne rôlle hat, hellet dichter it fel wat fierder oer de earen//dûbeld fel, 16, mar myn fuotstappen/moatte noch stil, 16, en syn woartelnoas is er (noch) kwyt, 17. De status fan sniepop is noch net birikt. Mei oare wurden: gjin metamorfose fan bloedminske nei iisfiguer. It fers ‘winter’ wol ik as iennichste yntegrael oemimme. It is eksimplarysk foar de bondel.
de kwalsters bjindere fan it liif
it hout spint waarmte yn it fjûr
yn spek en splinterich genever
ek boer draeit nou de klompen om
De dichter hat him identifisearre mei de boer dy't it ûngetiidzjen dien hat en him nei de winter set. Hy fynt de waermte by 't fjûr en genietet fan syn splinterich genever. It wurd ‘spinterich’ forwiist foar my nei kjeld (iis) en waermte beide. De kjeld is bitingst foar de waermte. Jenever wurdt kâld skonken, hyt dronken. De lêste strôfe is typearjend foar it mislearjen fan dichter syn skreppen om ynderlike frede en trijheit. De boer hoecht de hús net mear út (ek boer draeit nou de klompen om), mar it kommend foarjier hat him tofolle yn 'e bisnijing om him folslein deljaen to kinnen.
In trelike fynst fan Laverman is ‘noch’ yn pleats fan ‘al’, dat yn 'e reden lizze soe (it giet om it kommend foarjier). Mar ‘noch’ tsjut oan dat de boer, de dichter, net slagge is. Hy is noch net dêr't er wêze moat. It is itselde ‘noch’ as yn de slotrigels fan ‘snie’ en ‘snie 2’ (sjoch earder).
De lêste trije fersen ‘brea’, ‘groeden út wyns’ en ‘epilooch’ falle lykas ‘men smyt’ bûten de oarder fan dizze bondel en yn alle getallen bûten dizze nou bihannele syklus. Dat kin him oan de bisprekker lizze dy't syn taek to iensidich opfettet, mar in skriuwer dy't ienheit suggerearret, en mear as dat, kin wol neigean dat bisprekkers soks fuort oanpakke. Nou is der neat tsjin op tersebondels mei twa of mear motiven, mar nei myn bitinken hie dizze bondel sterker west as dy trije-fjouwer fersen weilitten wiene of faeks hiene der oare fersen foar yn 't plak kinnen. It ûnderwerp wie net útiten, tocht ik.
| |
| |
Op himsels binne de trije lêste fersen net min, ‘groeden út wyns’ is sels pûrbêst, lykas ek de lêste rigels fan ‘epilooch’. De ûndertitel fan de bondel, ‘popkes dy't wuive’, komt hjirwei en ik freegje my ôf oft Laverman sa de saken dochs byinoar plakke wollen hat.
As ik de beide bondels ‘skimerlânskippen’ en ‘winter’ meiinoar forgelykje nei de forwurking fan it motyf fan de ûnfrede mei it bistean, dan komt ‘winter’ der better ôf. De identifikaesje fan it minsklik - mei it plantaerdich bistean is op himsels wol nijsgjirrich, mar noeget (my alteast) net út ta werlêzen. Hwa't dat proses ien kear folge hat, leaut it wol en merkbyt ek al gau kunstmjittichheden en forsearre konstruksjes. De bondel ‘winter’ is grif net makliker to lêzen, mar (of dêrom?) yntrigeart hieltyd op 'en nij. De forynderliking fan it motyf yn ‘winter’ is mear werkenber by de lêzer en boppedat is de flecht hjir ek posityf to neamen, om't it yn wêzen in flecht is nei de kearn, it mulpunt fan it bistean.
Nou is it wol sa gelegen dat ik foar ‘skimerlânskippen’ mear wurdearring krigen haw nei it lêzen fan ‘winter’. Ik wie yn 't earstoan net wei fan Laverman syn ‘skimerlânskippen’, mar nou haw ik dy bondel dochs mei mear nocht lêzen, om't ‘winter’ foar my it antwurd wie op de fragen dêr't ik yn ‘skimerlânskippen’ mei sitten bleaun wie. Winliken is sa'n wurdearring négatyf. It hat eat wei fan de skilder dy't syn earste tekeningen forearet om de skilderijen dy't der út fuortkamen en de kontrasten yn kwaliteit dy't dêrmei gearhingje.
Oant nou ta ha wy dwaende west mei it ynhâldlik aspekt fan de bondel ‘winter’. Mar ek op it mêd fan de ferstechnyk is noch wol it ien en oar to sizzen. Tusken ‘it freeslik feest’ (Laverman syn alderearste bondel) en ‘skimerlânskippen’ wie al in forskil yn foarmjowing to merkbiten yn dy sin dat de lêste fersen kompakter en mear bihearske wiene. Dy ûntjowing hat him yn ‘winter’ trochset. De alderlêste fersen hawwe oer 't generael in koartere en mear konsekwinte strôfebou, hwat de fersen sels keameftiger en krêftiger makket. Of faeks is it oarsom en hat Laverman krêftiger (mear nei de essinsje) dichte en waerden dêrtroch de strôfen minder lang.
Ta de ferstechnyk rekkenje ik ek it wurdgebrûk en datoangeande leau ik dat Laverman in aerdich lykwicht foun hat tusken poëzijwurd en praetwurd. Yn ‘skimerlânskippen’ wie de tael al sûnder it forbân fan rigels poëtysk troch it tal poëtyske wurden by définysje. Dit hinget fansels ek gear mei it dwaende wêzen yn it fégétative; men kin dan net om biskate wurden hinne en ‘natuerwurden binne fan âlde tiden ôf al poëtysk’, Steven de Jong, 103. Mear filosofy, mear ôfstân smyt automatysk in oare tael op: minder eigenskipswurden, minder haednammen, of, oars sein: mear oare wurden tusken de haednammen' of, wer oars, minder gjalpen, mear skôging. It is Laverman syn fortsjinst dat er him yn syn mear praterige tael dochs tige biheind hat.
| |
| |
Dit is a-poëtyske poëzij, de slimste soarte om to skriuwen, de moaiste om to lêzen. Yn hwatfoar mjitte de treflike gedachte hjir drager (en goedprater) is fan de tael, yn pleats fan oarsom sa't dat by poëzij lang wenst west hat, wit ik net. Yn alle getallen, yn in strôfe as de neifolgjende geane nei myn bitinken wurd en idé yn kwaliteit suver lykop.
Mei it weilitten fan wurden birikt de dichter bytiden forraskjende effekten. It is hast net to omskriuwen mar sokke mei-opset-sinhiaten meitsje nou krekt de poëzij fan de poëzij út.
elke dei in bytsje oars (8)
mar fynstû ea dyn lapen wer
(as) de jas fersliten is? (11)
(in) kachel wennet hjir net mear (13)
ek (de) boer draeit nou de klompen om (18)
1.
Is der nou gjin forkeard wurd to sizzen fan Laverman syn ‘winter’? Grif wol. Wy ha 't al hawn oer it plak fan ‘men smyt’ en de lêste trije fersen yn de bondel. Mar ek guon (parten fan) fersen is wol hwat op oan te merken.
Bygelyks der't it it klisjémjittige oangiet, yn ‘motto’: om straks mei d'âlde lietsjes/fan kâlde kermis/thústekommen, 7, of yn ‘perspektiven’: de roas net mear yn knop, 8. Laverman hat sjen litten weilitte to kinnen, mar it (of fierder) yn it earder oanhelle fragmint út ‘waarmte’ wie oerstallich, lykas it oerwinningshaha! yn it fers ‘haha’. Ek de skrapkes om ‘noch’ yn syn woartelnoas is er (noch) kwyt, 17, hawwe my steurd.
De lêzer sil sels wol útmeitsje hoefolle kanten as er der mei út wol. Net alhiel foar rekken fan Laverman, hoewol..., komt de skriuwletter fan Anne de Vries. Dizze letters binne to tsjok en to fet, to breed nei harren greatens. Iepen letter binne tichtslike (a e o b d g p), gjin gesicht. Dan wie it skriuwen
| |
| |
yn ‘skimerlânskippen’ al better.
Dit kriget net wei dat Barle Laverman syn ‘winter’ in goeije searje fersen opsmyt, útbalansearre nei foarm, oer 't generael konstant en konsekwint fan gedachte. Hwat hat de kommisje dy't CRM adfisearje moat oangeande subsydzje ja dan né bisield en sprek oer ‘winter’ syn négatyf út! Faeks is it motto yn dizze bondel, in wurd fan Lichtenberg, op har fan tapassing.
‘Ein Buch ist ein Spiegel;
wenn ein Affe hineinguckt,
Oarsom kin fansels al. Der hâld ik it dan mar op.
|
|