Tichel wurk
Nei dizze in frisse
Yn de notuien fan de redaksjegearkomste fan Trotwaer d.d. 6 septimber 1975 stiet û.o. ‘Adri hat hast fiif jier redakteur west en hy wol der mei ophâlde.’
Men soe hast tinke kinne dat der in oarsaeklik forbân lizze moat tusken it fiif jier redakteur fan dit tiidskrift wêzen en mei dat reudkteurskip ophâlden. En dat is ek wol sa.
Doe't Trotwaer yn 1971, binammen trochdat Josse de Haan en Remko Heite de saek net slûpe litte woenen, wer hwat op 'e gleed kaem ha wy - de nij foarme redaksje y.c. Josse de Haan, Remko Heite, Leo Popma en ûnderskreaune - ôfpraet dat it om in tal redenen it bêste wêze soe dat in redaksjesit dochs net langer as in jier as fiif troch deselde man/frou biset waerd. Josse, Remko en Leo ha har oan dy ôfspraek hâlden, ik doch dat ek.
Dochs is dy ôfspraek foar my ek in bytsje in aliby om mei it redakteurskip fan Trotwaer to stopjen. It spyt my nammentlik, as ik earlik bin, eins net dat dizze perioade ôfsletten wurdt. En ik kin dêr ek wol hwat motiven foar neame:
Ik ha murken dat it Fryske literaire wrâldtsje in peyton place yn-de-lytst-tinkbere-form is. Ear't men it wit hat men viá - viá - viá to hearren krigen dat der guon lju binne dêr't men skeel mei hat, ek al hat men dy lju noch nea sjoen. Op it momint dat je it, as redaksjelid, bisteane om ien fan de yn dit lân fierstentofolle forskinende mini-kunstwurden - ek wol minkukels neamd - net de literatuerskiednis yn to skriuwen leit der by de administraesje in brief hweryn't in abonnemint opsein wurdt.
En dat binne gjin leuke dingen foar de minsken. Op it momint dat je bisykje literaire krityk to bidriuwen op de manear dy't jo in goede liket - en dat is dan in frijhwat rationele manear - komme der brieven fan maltraitearre skriuwers dy't fortelle dat it net past en binaderje har dochs mei safolle flyt byelkoar skreaune forhael, roman of fers op sa'n wize.
En dat binne gjin leuke dingen foar de minsken. Boppedat, ik ha it al earder sein, de wize hwerop't soms it ienfâldige feit dat men Frysk praet en/of skriuwt brûkt wurdt om bipaelde stellingen to ponearjen hâldt, neffens my, greate gefaren yn.
En dat binne heel forfelende dingen foar de minsken. Mar, ôfsjoen dêrfan, der moatte dochs yn dit libben aerdiger en wichtiger dingen to dwaen wêze as to harseskrabjen oer it takinnen fan de G.J. priis, de bêste stavering (Trinus hat nei myn bitinken gelyk) of oer de fraech oft Alternatyf nou al as net it plak is hwer't pommerant en pommerant-yn-hope elkoar moetsje of oer de fraech oft mr. dr. K. de Vries der altyd al útsjoen hat as op it momint of oer de fraech oft Tony Feitsma Buma opfolgje moat yn Grins. (dat moat al nei myn bitinken).
A. VAN HIJUM