Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 314]
| |||||||||||||||
Diktatuer fon ut truttedomEarme Durk hat óp syn soademyter krygen fon trije analfabeten fon de súttelaksje.Ga naar voetnoot1) Van der Ploeg hat ut bestien - hij hat him ûndervûn yn mooi friesk - en haf krytyk óp de súttelaksje. Mij tocht oas dot Van der Ploeg ut noch tige skaplek makke hie, mar selfs dot skynt net lije te kennen. Van der Ploeg fervachtet noi olle gedachten - lykos ik dot ek dien haf, en meskyn un heel soat skrjowers (en útjauers?), en sat út en tróch ek noch vól tróch lju fon de súttelaksje suggerjerre vurt - dot yn de súttelaksje OLLE bûkken un kôns krije en dot dur un bytsje ekstra flyt dien vurt óp de skiften vêrt nóit net fólle sleet yn sitten hat, gedichten, ferhalen, ‘moderne’ romans, sadat ut frieske bûk oer de hele lyny better rinne soe en ut fwar de útjauer oantreklek bijode (of vaar) óm un olsydeg en breed fûns óp te bauen. Krekt oasóm riddenjerje de anonyme ‘súttelsters’: ut goed ferkeapbere bûk mat oanpriizge vurre; vot net of slimmer te ferkeapjen is, lit dot mar yn de bus of ûnder yn de kroade leze. Ut doel fon de súttelaksje is blykber: safólle mooglek te ferkeapjen óp de maklekste menier. Van der Ploeg hat dur ol óp viisd dot yn ut ynstruksjebûkje gedichten helendol net neamd vurre. Dy hûgge net ferkocht te vurren? Dot binne kotten yn de sek? Van der Ploeg vaar (anonym) útmakke fwar un ‘sókses’. Olle krytyk óp ut sútteljen, de súttelsters, de súttelgoaden vurt achter de hage voi fwótskólden. En fjidders Van der Ploeg: ‘Hulde en sterkte mei jou skriuwerij!’ - mar vij súttelsters sille nóit ver un bûk fon jo ferkeapje. Dochs vie Van der Ploeg noch tige skaplek. Ut reade ynstruksjebûkje, skreon yn un vot behyplek friesk (‘dêr't wy graech fan wolle dal men jin der oan hâld’), jaut ónnoazele ópmerkingen bij de ferskillende tytels; ik sytear inkele fólslaine typjerringen:
Ferskillende typjerringen bestonne út stikjes sytaat, net iens un kwatte gearfotting fon de ynhôd, velnee, gevoan oanhellingstekens huppetee. Fon Sliepe yn spinreach - ut jinnege ‘vot dregere’ bûk dot neamd vurt - is un stkje út ut fwarópvud oerskreon. De gearstolder hal noch te beroed vest óm ut bûk te lêzen. Va hat dut kloatege bûkje trauens ynenwar kwarkjebroide? Mar, belangryker fraag, vot matte de súttelsters dyt self ONMOOGLEK olle frieske bûkken lêze kenne moi dy fólslain óntarikkende typjerringen? | |||||||||||||||
[pagina 315]
| |||||||||||||||
(Close-up: Súttelsters bij de doar, bûkje yn de hôn. Frau yn de doar. ‘Votfwar bûk is dot?’ ‘Punteg en kwatsvyleg.’ ‘Soe ut vot fwar myn dochter vêze?’ ‘Ja mefrau, dot tink ik vól, ut is punteg en kwatsvyleg.’ ‘Vêr gjit ut oer?’ ‘Oer punteghyd en kwatsvyleghyd.’ ‘Dur sit gin seks yn vól? Dêr vól ik myn dochter noch net oan ha.’ ‘Nee mefrau, dur moi us vot punteghyd en kwatsvyleghyd yn sitte, mar fjidder is ut tige punteg en kwatsvyleg, jer.’) Is ut no verklek san toer óm even un oersichtlek bûkje ynenwar te setten? Bennebûken yndele neffens de ôdens fon de bên vêrt se fwar ónjerre binne. Romons en ferhalen ferdele yn tradysjoneel-modern, kristlek-minsklek, typysk frieskúnnyferseel, avventoer-psychologysk, frijbljowend-krytysk ensafwóthinne; mun soe moi un stik of fiif sais vudden un bûk typeare kenne. Is dot no san toer? Ut hat fonself fon ut begin ô dúdlek vest dot ut sa mooi ydéalistysk ien-en-mien skauder oan skauder fwar ut friesk net véze kèn os ut fon bûtten ô lykje mûst. De minsken linke oer ollerhonde saken lang net gelyk en de skrjowers lykemin. Yn de lyteratuer/lektuer is un mooi pat fon dy ferskillende mieningen veróm te fynen. Fwótsterking fon ‘ut friesk’ hôrt don ek oltyt yn dot dur un yn prinsype ónbeskaat tol (tsjinstridege) ópfottingen propagjerre vurt. Ut vurt tróch de sútlelsters fwarsteld os soe ut dur óm gean safólle mooglek letterkes te ferkeapjen dyt waddere binne neffens ut frieske fonelogyske systeem, mar dot is net vier, ut bûk hat ek oltyt noch un ‘bwadskip’, ut vól de lêzer beynfloedzje: vekkerskrilje of yn de sliep prate, rjókser of lóftser maitsje, ensfh. De prov. steaten dyt de útjauers en de súttelaksje stypje, maitsje ut mooglek dot dur gôns ferskillende bûkken-moi-bwadskippen printe en ferkocht vurre. Dot vitte se, en ut sil har vól us oangrize dot dur fon ut grutste pat fon ut jild bûkken printe en útsúttele vurre dyt sij ûnder de mjitte, ydyoat, healviis, flau of net yn oerienstemming moi har morele, godstsjinstege en polityke ópfottingen befyne. Mar se kenne dur net ûnderút, se matte neat of olles stypje. Tróch de súttelsters (en vot him dêr ver achter ferskûllet) vurt de mearfwarmeghyd en de ‘mearmieneghyd’ fon de frieske lyteratuer óntkend. Ut mat ollegjerre smûk, geselleg en fijn bljowe. Gjin tjennevôderij, gjin dwaslezerij, gjin ópsternate gjolpen, neat vot de HILLEGE IENZENS febrekke ken. Ut motto is: olles fwar ollegjerre. Omdot dot nóit helendol te réalysearen is - dot vitte de sútlelsters ek vól, dêróm ek dy agresyve útfollen noi Van der Ploeg os dy dur un pear vudden oer soit - vurt dur yn praktyk rekken hôren moi de gruist moogleke min of mear homogene grûp lêzers en vurre dy bûkken oanpriizge dyt fwar un greot públyk gaadlek binne. De lêzers dyt vól us vot oas vólle os snoade ferhalen en ôseane kristlekhyd kómme net oan bod; olle stykelege bûkken enfessebóndels (dot is neat fwar ús-soat lju) fôle út de kroade.
Ype Poortinga hat tsien jier lyn de stônpunten fon Jan Jelles Hof en Douwe Kalma fergelykeGa naar voetnoot2). Hof voe havve de frieske lyteratuer hie un oanfóljende taak: vot de frieske lêzer miste yn de nederlonske (en vrôd-) lyteratuer, mûst de frieske lyteratuer oanfólje, sees mar senlymenteel-fólk loaristyske ferhalen oer ut typysk-frieske. Kalma voe dot yn prinsype olles yn de frieske lyteratuer beskreon vaar, typysk-friesk of únnyferseel. Poortinga kónstatjerre yn '65 dot Kalma syn miening ut vûn hie. Hût de tsjintvurge skrjowers dur oer tinke, vit ik net. Dur binne langer un bytsje skrjowers dyt de mûlle iepenskwórre - skrjowe dógge se nammes ek net fólle mear... Ut is óp ut stuit un ûgryslek deade boel, en ik voe dot vij dêr feroaring yn bringe | |||||||||||||||
[pagina 316]
| |||||||||||||||
koenen. Van der Ploeg syn rychje ûnderverpen jaut net un soat, bin ik bang. Doch matte vy óp heel kwatte termyn de 20-25-jirregen ‘twinge’ ta ut skrjowen fon romons, oas hûgt ut aansent ollegjer net mear. Mar dut sydlings -
Ik ken de hele skiednis net óphelje, dur havve hyltyt ver diskusjes vest noi 1915 - óm Pollema syn ferhalen, Schurer syn proklamaasje, un pear ier lyn noch Gildemacher - oer de tsjinstridege ópfottingen fon vot de frieske lyteratuer vêze mat: smaut of krytysk, fetsoenlek of agresyf achterhelle of aigentiidsk ensafwóthinne. Ik helje dut durbij óm ut dwan en litten fon de súttelsters yn perspektyf te pleatsen. Os dut un pear ier noch sa tróch gjit, sónder dot Jaap Mulder yngrypt, don keare de krytyske skrjowers en de krytyske lêzers har fon de frieske lyteratuer ô, en don fervurt dy ta un sljo en slop geëamel lyke slop os sloppe tee. Mun mat vól oannimme dot dot ut doel fon de súttelsters is - achter elk hondeljen sit un beskate ydéology - ut doel is de ûndergóng fon un fólvûksen, krytyske lyteratuer. Binne dot sókke rare frôlje? Velnee, ut binne hele normale frôlje. Ut is bekend dot frôlje har bên ljevver smoare os dot se ut oansjen matte dot dy bên fólvûksen en selfstondeg vurre. De agresyvytijt fon de mon is dúdlek en net te óntstriden: syn pymeltsje hinget bûtten syn liif. De agresyvytijt fon de frau is voimóffele achter sachte bwasten en brede heupen. En dêróm sa gefaarlek: ut deaknipen ken oltyt barre ûnder ut móm fon leafde.
TR. RIEMERSMA |
|