| |
| |
| |
Eppie Dam
Weromstuit
- In dou, sei de man.
As jonkje al hied er nocht hawn oan boartersguod dat by definysje min ofte mear automatysk by syn eigner werom komt. Sûnder doe wit hawn to hawwen fan de opmerklike oerienkomst oangeande dy spesifike eigenskip, wiene de reade jo-jo, de wytplestiken fuotbal en de linnen draek mei eagen fierwei syn leafste dingen. Twa-hûndert-trije-en-fyftich kear op en del hie, hwat dy jo-jo oanbilange, syn bêste resultaet west op in reinige middei foar it rút yn de achterkeamer. Sneintomoarnen út tsjerke wei, yn dy frjemde, lege ûren, koed er tiden achterinoar balje oer de skuorrereed, hieltyd de bal werom stuitsje littend fan de koumuorre. En syn draek, hwat hied er net gierd as er it ding, fiif meter boppe it lân, werom joech oan de wyn, opnij nei ûnderen helle, wer sjitte liet, hieltyd opnij En hied er ek net pûr west om't it heit mar net slagje woe en meitsje in boemerang, dy't nei de werp wer delkomt foar de fuotten fan de goaijer? En hwerom, net ien hie in boemerang. Hied er it fan de mient ôf kinnen, of hied er it him sels oanleard, hy wist it net, mar op skoalle wie hy de iennige dy't syn top in greate sirkel oer it plein biskriuwe litte koe, sa't er him wer krekt foar de swipe seilde.
- In postdou dan, bidoel ik, seid er der achteroan.
Pake hie yn de holle en jow him in geitsje mei syn fyfte jierdei.
It jonkje moast bitiid yn it boerelibben bihelle wurde, dêr hiene syn heit en mem letter oars net as wille en gemak fan. En hwat koe dan ea better fortuten dwaen as sa'n dierke alhiel fan him allinne, dat er fan eigen forsoarging great wurde litte koe. Moarns bitiid [...]jouweresom nei it bûthús. Pake oeremus, heit en mem lûkeagjend en glimkjend, it geitsje ûnkundich, ûnnoazel. Ik tocht fan in houn, hied er sein. Pake sneu, heit-en-dy lilk. It geitsje sneupte him oan de fuotten, nokkere earmhertich. Aei him mar, hy is leaf, hie mem him noch oanmoedige. Mar gûlendewei wied er nei bûten flein: Ik soe in houn ha! Trije wike hie it geitsje oan tsjoar sitten yn de blikke. Doe hie pake it wer ophelle, wylst er skodholle, forwoast prûmke en binnenmûls flokte. Dy forrekte jonge, dêr koene se noch hwat mei bileve. Mei mem hied er foar it rút stien. Hja hiene gjin sprek sprutsen, en wiene stilwei har wegen gien doe't pake de wei út boksele, it geitsje oan tou, ûnkundich, ûnnoazel. Jierren letter hied er syn houn krige, in brune harder, Alex. Dei út dei yn swalken hja de lannen troch, de dyk bylâns, hy en syn houn. It wetter hie syn smoargens yn in brede strook, oan de ein skerp ôftekene, op de wâl spield: dea reid, planken en balken, kistkes, lege plestykflessen, poppefuotsjes, iepen- | |
| |
skuorde ballen. Hast alles hied er bruke kinnen om Alex it opbringen to learen. Hy die it mei geduld, dat de houn wie gau bileard. Thús achter de skuorre koe de âlde boemerang tsjinje as objekt by it spul, dat him op it lêst alhiel yn 'e bisnijing hie. Trouwens, Alex net minder, tocht er.
- My tinkt, de lytse, blauwe doffert '71, gied er fierder.
Hwat hie him der ta brocht en meitsje letter alle jierren twa of trije jachtof plysjehounen klear? Wie it in sykte dy dieren syn sin op to lizzen? Drild hied er se ommers. Hompen fleis hiene klear lein oan de ein fan de baen. Sa'n houn der op ôf, en fiif meter foar dy wietreade pré: ho! En oft erek werom kaem! Wie it jild? Dy forrekte dútske keaplju. Earst stauden hja him fol mei harren Schnaps und Bier, fleis fan 't djûrste, stipkes dit en dat. Bezahlen mein Herr, drei mahl vierzig gulden. Dan hannelje, en mar hoopje dat er skeef genôch wie om 200 Mark minder to freegjen. De kringen, gjin Mark soene se minder jaen, 3000 en 3500 hied er se foar forkocht, stinnendewei, krôkjend, harren djûre sigaren smokend. Om it jild? Gean wei, it wie de sport, dat wie it, as dy rotsekken fan dútskers it mar net hiene. Bitelje soene se, bitelje om dea, en him fuorje, barstende fol.
- Distriktskampioen Suvilliers en St. Quentin, twadde út Beek, haw ik in bettere dou as myn lytse, blauwe doffert?
Tweintich jier hied er west doe't er mei douwen bigoun. It hie al earder sillen. Omke Doeke hie der al lang op oan stien. Dy jonge fan jim is in douweman, hy moast mar in spantsje fan my ha. Heit hie it tsjinhâlden, twa jier lang, oant er bisefte, dat er it net langer keare koe. Wrakguod hied er krige, in kreupele doffert en in meager douke. Omke Doeke, de miger. Mar hwat hied er der hwat fan makke. Twa jier neidetiid jeugdkampioen mei ien fan de jongen út Sutfen wei, in jier letter forieningskampioen, Maestricht wie dat, mei in kertier foarsprong op nûmer twa. Hwat hie in dou net mear as in houn, dy't men op heechút fiifhûndert meter biroppe koe, né, fiifhûndert kilometer, dat wie hwat oars. Op 'e sintimeter kamen hja werom, dy glêdde, blauwe honkfleaners, hieltyd wer, hwer ek wei. Hwat in ynwindige macht hie de eigner oer dizze fûgels, dy't alhiel út Frankryk wei de tille yn Fryslân founen. Hy fornuvere him deroer, fielde him sterk, fielde him de kening, de folsleine hearsker fan wide omkriten.
- Hwerom de lytse, blauwe doffert, ik snap dy net, sei de frou.
Tolve jier lyn wie hja mei him troud, doe al fjouwer moannen swier. Dat hja hie har ek noait ôffrege hwerom't Age har man wurden wie. Hja wie
| |
| |
der it minske ek net nei en haw gedachten op soksoart fragen. Alles wie sa't it wie, en oars koe hja de dingen net foar har krije. Moarns makke hja him wekker, sette syn trije stikjes bôlle klear, joech him syn tút as hy der op oan stie, die de bern nei skoalle; hja birêdde it hús, makke de bêdden klear foar de folgjende nacht, sea ierappels, brette fleis, alles like lekker, alles like skjin; jouns kofje, in slokje, en op syn kommando sette hja de tillevyzje oan en út, op nederlân 1 of 2, mar krekt hwat er woe. Hja wie net lokkich, allikemin ûngelokkich. Hja wie Age syn frou, en mem foar de bern, en dat wie har genôch.
- Ik sil it dy forklearje, seid er.
It hie net de earste kear west dat er dit sei. Sahwat alles hwat bûtenwenstich wie, koe Tine net snappe, en sahwat alles hwat hy, Age, die, wie bûtenwenstich, tominsten foar har. Syn manier fan eat op it aljemint bringe hie altiten hwat kriptysk hawn, lykas nou, nou't er him forlike hie mei ien fan syn postdouwen. Tine har púzljen mei de stikjes dy't er ien foar ien op tafel lei, joech him dizz'kear net safolle nocht as oars. Nou wie der oanstjit om har simpelens, eangst foar har réaksje aenst.
Tine, né, hy hie him oan har fortaeste, en net allinne dy sneintojoune op mem-en-dys bêd, trettjin jier lyn. Dat de bern alhiel har kant út giene, koe him bytiden ôfgryslik ergerje. Deade lulsekken wiene it ommers.
Jarich wer thús mei bloed oan de kop, janke en raze. Werom slaen, ho mar. Sytske stil yn in hoekje mei har koarkjebreidzjen, read-wyt-read-wyt. En Jan soe ek wol net folle oars wurde: ûren koed er ommers op 'e pot sitte to deabidden. En dat hieten nou bern fan Age Tabak. Oan de oare kant hied er der frede mei ek. It bisterke syn gefoel dat er allinne wie, lykas syn leafde foar de hounen en de douwen. Dat Tine en de bern net sa folle oandacht foar harren opeasken, hâldde fansels ek yn dat er him al hielendal yn syn wurk jaen koe. Dy jonge moat boer wurde, hie pake altiten sein, raesd hied er it somtiden. Heit hie him yn it earstoan meistimd, mem har de lea stikken hâlden: hja wist to goed dat de jonge hwat oars yn 'e holle hie. Fiskerman woed er wurde, en it soe sa frjemd net komme kinne dat dat net troch gie. Sa'n rige pûstende en stinnende kij, har lykmoedich wjerkôgjen, mem, as ik my der goed ynjow, dan kin ik wol spuije, hied er har ris tabitroud. Hja hie knikt, him even by de hân krige.
- In postdou is in fûgel mei krêft en aksje. Hy wol fierder, altyd fierder,
| |
| |
krekt salang oant er it plak fan syn bistimming foun hat, seid er.
Evert-om, mem har âldste broer, wie direkteur fan in nettefabryk yn in fiskersplak oan de Iselmar. In trochsetter fan komsa, de iennige yn de hiele famyije, foun Age. De man wie bigoun as fiskerman op in lytse kotter. Fiif jier nei syn earste wike op sé wied er al mei-eigener fan de greatste skipswerf dêrre. Hy joech de brui oan it fiskjen en forgreate syn ynfloed op de skipsbouwerij. As hied er noch net genôch oan 'e holle, died er de boekhâlding fan de pleatslike nettefabryk derby. Trij-en-in-heal jier hied er dêr mei to set west doe't it wurk de doetiidske direkteur oer de fûst roun. Net ien hie ek mar ien forkeard wurd falle litten doe't de man op syn deabêd forklearre. Evert Brand soe de saek oernimme. Hja hiene der allegear frede mei, om't hja wisten dat Evert-om der klear foar wie. Age hie Evert-om biwûndere as gjin oare. It greatste part fan syn fakânsjes hâldde er by omke ta, hwat pake ek bearde oer melkerij en ûngetiid. Evert-om koe prachtich fortelle, binammen as der forhalen oer syn kottertiid op 'e tafel kamen. De spanning fan it útsmiten fan de netten en it wer ynheljen, wie alle kearen wer oars. Dêrom koe in man ek syn hiele libben lang fiskje, ja, goun koene net iens oars. Stoarm hied er noait hwat om jown. Men moast meigean yn de hege biwegings fan wetter en wyn, dan wie der neat to rêdden. Jounen en jounen hied er forteld, ûren achterinoar, oant muoike dan sei: Age sil ek wol hast op bêd moatte. Hwat bliksem, hie omke doe ris sein, alve-tolve jier hie Age west, hwat bliksem, as dy jonge fiskerman wurde sil, dan moat er mei in bytsje sliep ta kinne. Hy wie nei de kast ta roun, hie twa romers op 'e tafel set. Hjirre, dat silst ek leare moatte.
Muoike hie skodholle. As Durk en Tryn hjir weet fan krigen. Age hie forbouwerearre west. Hy en fiskerman wurde, hy hie der eins noait rjocht gedachten op hawn. Of faeks wol, yn dy frjemde sillichheit fan syn dreamen. De jenever wie him as in mês troch de lea hinne gien. Mar hy foun it lekker. Fiskerman wurde, ynienen wist er dat nimmen of neat it him wer út 'e holle sette koe. Dat it omke parten spile hie, dat hja allinne twa famkes hiene, hie hy, Age, fansels doe noch net yn 'e rekken.
- Myn lytse, blauwe doffert sil gjin rêst fine as by my yn 't hok. Dat is it plak dêr't er him thús fielt. Hwer't men him ek los litte sil, hy komt werom op syn sté.
Sechstjin jier hied er west doe't er him by Evert-om yn 'e kost bistelde. Omke hie in skip foun, dêr't er bigjinne koe as kajútsjonge. It wie it doel dat er yn de wykeinen thús komme soe. Yn it earstoan koed er him dêr
| |
| |
noch wol oan hâlde, letter gied er om de oare wike, somtiden ien kear yn 'e moanne. Dat er yntiid forkearing krige hie mei Tine, koe dêroan net folle foroarje, binammen om't hja der sa folle net iens fan makke. Heit koed er it net mear mei fine, pake seach er suver noait mear. Dat er thús kaem, died er dan ek allinne om mem. Hja hie him safolle mooglik de hân boppe de holle hâlden, hwat pake har kwea ôfnommen hie. Hy kaem langer net to kofjedrinken. De wykeinen dat er al thús wie, siet er meastentiids by Tine-en-dy. Net dat it dêr nou in paradiis wie, mar it wie der tominsten út to hâlden. Hied er it mei Tine sa lang oanhâlden om in forlech to hawwen om sneons en sneins net de godgânske dei thús sitte to hoegen? Hwat mear't er der letter oer nei tocht, hwat better dat er wist dat it sa wie.
- Dat ik soe my forlykje wolle mei myn lytse, blauwe doffen, seid er.
Al gau hied er kajútsjonge ôf west. De skipper hie wol sjoen, dy jonge moast net al to lang yn de keuken omgrieme, hy koe folle mear. Fiskje, netten útsmite, wer ynhelje, spanning hieltyd opnij, it wie net oars as omke sein hie. Krekt doe't er him der nei set hie en keapje in eigen kotter mei omke, rekke dy der ynienen foarwei. Gjin dokter dy't sizze koe hwat it wie, mar wurkje koed er net. Age, moatst my helpe, jonge, silst der net minder fan wurde. Hy yn de nettefabryk. Hwat hied er omke ek wegerje kinnen ommers? Dat dy bêste man in jier letter al weirekke, spiet him ôfgryslik. Oan de oare kant, sa'n kâns krige er ek noait wer fansels. Omke hie him altiten yn alles bihelle, dat sokke nuvere sprongen koed er net meitsje. Hy en Tine koene yn it hús, hja sieten dochs forlegen; muoike soe mei de beide famkes werom nei Fryslân. It doarp hie op 'e kop stien. Sa'n snotnoas direkteur fan Evert Brand syn nettefabryk. Der giet in soad goed, mar dit net, hie wethâlder Tak sein. Hy, Age, soe him sjen litte hwat er wurdich wie, dêr koe dy âlde fan op oan.
- Hoesa dan bistou dy postdou, woe hja witte.
Evert-om hie der yn syn lêste jierren wol gauris op om praten syn saek út to wreidzjen. Hja koene foar it selde jild mear netten meitsje, hied er birekkene. Om't de fraech yn Nederlân sahwat gelyk bleau, lei it yn de reden dat er op it bûtelân oan woe. Hy hie hjir en dêr al hwat kontakten makke, en wie ek al safier, dat er wist, dat, soe it hwat wurde, Skotlân nûmer ien op 'e nominaesje stie. Mar al hoe trochsetterich omke ek west hie, op 'e dolle rûs soed er neat dwaen. En oft er ek field hie dat er minder waerd, Age wist it net, mar yn alle gefallen wie der neat fan op 'e hispel kommen. Tine, moatst myn koffer ynpakke, hie Age doe op in
| |
| |
tongersdeitomiddei sein, ik gean moarn nei Skotlân. Hja hie it sahwat bistoarn.
- Sjoch witste...., seid er, en swijde in set.
It hie gau yn tichte fetten west. De rieders yn A. hiene der wol earen nei hawn. Hja woene har allinne net bine foar in tiidrek langer as in healjier. Dat hy soe minstens twa kear jiers komme moatte en bipraet de nije oarders. Wethâlder Tak hie der by stien doe't de earste sinding klear wie om fuort. Hwer't dit hinne moat, ik wit it net, hied er krimmenearre. Ik wol, hie it andert west, nei Skotlân.
- ..., ik reizgje nou hieltyd nei Skotlân, fjouwer-fiif kear jiers. Dan bin ik in wike fuort, dan twa wike of trije, mar krekt hoe't it my útkomt. Mar ivich en altyd kom ik werom op it plak dat ik myn thús neam, krekt as myn lytse, blauwe doffert kom ik werom. Mar Tine, it hat de lêste kear west. Noch ien kear gean ik der hinne, en dan is it út. Dan kom ik net werom.
- Age!
- Tine, ik sil it dy earlik sizze... dit is myn thús net langer, ik kin dy net langer fiele as myn frou, de bern binne my frjemd, myn eigen bern binne frjemden foar my. It hat ek noch noait fan my west, dit hjir allegearre, dit hús, de bern net, dou net. Myn thús is Skotlân, myn nettefabryk dêrre is healwei klear, Dully wachtet dêrre, en myn bern is der mei trije moannen... Siz net, Tine, dat ik it net bisocht haw mei jimme, hwant dat haw ik wol, fordomme noch oan ta, dat haw ik, mar it kin net langer.
Noait haw ik tsjinspul fan jimme hawn, ik krige neat fan jimme werom... woe ik naeije, fuort, dan naeije, woe ik mei de bern boartsje, klear, dan boartsje. Jimme ha forgetten de rôllen om to draeijen... as Dully net wol, dan komt der neat fan yn, út. En ús Arthur sil letter sizze: heit ik wol boartsje, en dan haw ik mar to boartsjen... Tine, jim lytse, blauwe doffert hat in oar honk foun, dêr't er hinne fleane sil, hieltyd wer, hwer ek wei.
- Né Age. De bern, tink om de bern, tink om my!
De oare moarns. Hy kriget syn koffer yn de iene hân, it kuorke mei de dou yn de oare. De bern lizze to sliepen, mei koesers en tommen yn 'e mûle. Tine ropt him nei dat er werom komme moat, dat er gek is, dat er it net mient, dat hja har fan kant meitsje sil, dat hja fan gjin oearenien hâlde kin, dat hja yn it gesticht tolânne komme sil, en de bern derby, dat...
| |
| |
Yn A. skriuwt er it briefke. De lytse, blauwe doffert kriget it oan de poat. Hy smyt de fûgel de loft yn, stoarret syn forline nei sa lang as er kin, giet dan yn 'e hús.
Hja kriget it jachtgewear út 'e skuorre, sjit de doffert fan it dak. TINE, DIT KOE WIER NET OARS. AGE. Hja giet it douwehok yn, wêzenleas, fordôve. Yn 'e hús skrilt Sytske op fan mem har skreauwen. Hja fljocht nei bûten - mei binne der twa dompe skotten. It famke lit har read-wite koarkjebreidzjen yn it gers falle, raest: Mem! Mem! Alle douwen binne los!
|
|