Trotwaer. Jaargang 7(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 282] [p. 282] Berber v.d. Geest Hjerstnúnders Kastanjebeam as in kening droech er syn mantel folop grien yn folle pracht hy pronke útsonderlik de sinne lake mar doe kaem hy de hjerst dêrnei de bern om fruchten en doe de wyn sûnder bigreatsjen toroppen se syn mantel nou stiet er neaken sûnder forwar noch stouwe blêdden my foar de finsters lâns de wyn gûlt de rein slacht del it rint al nei de koartste dei [pagina 283] [p. 283] Ûnrêst de wyn skuort en troch de finsters fan myn gedachten siicht it ik huverje myn djipste ik forweecht hoeden lûk ik de kleden ticht [pagina 284] [p. 284] Stoarm de wyn hat macht en slacht my tsjin 'e lea ik strampelje sels it lânskip kin har theoryën net steande hâlde en bûcht biskamsum de holle [pagina 285] [p. 285] Faeks faeks wie it goed dat in fikse novimberstoarm ús lea biroerde en dat ús lyk de beammen de blêdden fan it lichem foelen neaken toanden wy dan ús karakter Vorige Volgende