Trotwaer. Jaargang 7(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 280] [p. 280] Bartle Laverman Twa oansetten ta in fers 1. tink ris nei by de stappen dyst setst en dû bliuwst hingjen it driuwt net mear né net yn 'e stoel mar tink ris by hwatst' sjochst en dû hoegst net mear dû bilibbest alles al trien yn it each laits om 'e mûle mar djipper net dû bist gjin heinderbal it skeint to gau [pagina 281] [p. 281] 2. men smyt de lapen gear faeks komt der noch in jas fan mar fynstû ea dyn lapen wer de jas forsliten is? komkom, dat sjochstû dan wol wer in skûlplak nou de waermte nou de kjeld dy is foar letter Vorige Volgende