Trotwaer. Jaargang 7(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 286] [p. 286] Eppie Dam Twa fersen It brechje fan Kollum daegliks bûge hja de koppen oer de lining fan dit brechje drage de spoaren fan ûnbidige winters en stribbige groun wylst it nôt wer ripet yn har smeudige petearen is dêr ek de âlde rook fan hea- de sinne skynt as yn syn bêste jierren mannen út de tiid fan goedkeape tabak, dambuorden, jonnen, stiltme dêrby-teffens in oarloch of twa en oangeande dat bifangt har it swijen dat har deaden la libben ropt- de pine is der dan om dit doarp yn in eardere steat: út en troch flibe la oantinken, skûm op it wetter dat langsum syn wei fynt nei de slús fan Dokkumer Nije Silen. [pagina 287] [p. 287] Doarpsomropper it wurd út mûle fan de doarpsomropper wie waermte foar de biwenners fan dagenlange stiltme goedkeape fisk woe doe noch flot oan 'e man wylst pleatslike doelpunten -dy oesterhurde punters noch- mei lûd fan jong en âld forwisse waerden oant immen it hearde: hy raest boppe syn stim syn bel let oare tiden yn en yndie- in ‘geluidswagen’ op 'en paed: fleisprizen omheech en de club kombinearet safe nei O-O. Vorige Volgende