D.A. Tamminga
Boartsjend foar gods antlit
T. Mulder: Op slach fan tolven
Friese pers b.v. Ljouwert 1975
‘...it boartlike en boartsjende is in wêzenlike faktor yn har dichtsjen.’ JO SMIT oer Tiny Mulder yn De Fryske literatuer 1945-'67
De dichtbondel Op slach fan tolven, dy't dit jier fan Tiny Mulder by Utjowerij BV Friese Pers Ljouwert útkaem as nr. 1 fan de Loltsje-rige (hwat in namme!), is har fjirde. Liet men har bernepoëzij (Juffer Kuorkebier, 1957) der bûten, dan gyngen oan dizze bondel foarôf: Oranje paraplu (1962), Viadukt (1966) en Wite swan swarte swan (1968). De gedichten fan dizze nije samling, sa fornijt jin de omkafttekst, binne skreaun tusken 1969 en 1974. Yn fiif jier tiid tritich fersen, dat is trochinoar seis jiers. Wol in biwiis dat Tiny Mulder, dy't as journaliste gâns hwat ôfskriuwt, ôfskriuwe moàt, as dichteresse tige selektyf to wurk giet. Miskien forklearret dy krityske tierens oer harsels ek har hwat let dichterlik debút nêst jierren.
Hoe it wêze mei, dy mei selsdiscipline mank geande dichterlike kréativens bisoarge ús, har lêzers, op 'e nij in tal gedichten dy't net allinne tsjin har eardere skoan munsterje kinne, mar ek it measte wurk fan ús jongere ferskeprodusinten en grapmakkers in ein yn 't foar is.
It karakteristike fan Tiny Mulder har poëzij sit net yn 'e foarm, yn in trochtimmere ferstechnyk, mar yn in boartlike formulearring forboun mei de earnst fan in persoanlike ynset. By elk fers, ek as it net folle mear liket as in koarte anekdotyske notysje, komt dochs har hiele persoan foar jin to stean. Har froulike gefoelswrâld kriget, gauris suver ûngemurken wei, de bigelieding mei fan in biskate yntelliginsje, dy't lykwols nea ta kâld breinwurk forskralet. Earder is in lichte forstanlikens de bêdding dy't de stream fan it gefoel binnen de uterdiken fan it tinken hâldt, sûnder dy stream op to kearen en yn stilsteand wetter to foroarjen.
De ‘ûnderwerpen’ fan dizze tritich fersen litte in bûnt forskaet sjen, bûnt as it libben sels. Dêr binne dy oer de oerthema's leafde en dea, ûndergien as boppeforstanlike ûnbigryplikheden, dêr't bg. yn it fers La mise en mots dizze nijsgjirrige notysje oer to lêzen falt:
29.066 forskillende wurden
Dêr binne de beide kostlike, op reisyndrukken birêstende gedichten Interieur fan de basilyk San Apollinare in Chasse, Ravenna en De katten fan Napels. Dêr binne de fersen dy't appellearje oan eardere lektuer lyk as It lêste mearke, Ik wol en Lyts