Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 274]
| |
Uterlike struktuer fan de roman ‘Jest yn 'e ardinnen’De roman ‘Jest yn 'e Ardinnen’ bistiet út 7 haedstikken, dy't as titel respektivelik Mandy, Tiisdy, Vaansdy, Toansdy, Freed, Sneon en Snain ha. Alle haedstikken telle 25 siden, útsein it sawnde en lêste haedstik dat út 15 siden bistiet. De haedstikken binne net ûnderfordeeld yn perikopen. | |
Ynhâldelike struktuer fan de roman ‘Jest yn 'e ardinnen.’Dizze roman hat twa dramatis personae: Matten en Josje. It perspektyf is folslein en konsekwint koppele oan de manlike haedpersoan Matten. Dat hat fan gefolgen dat it forhael dat yn dizze roman forteld wurdt dan ek it forhael fan Matten is. De lêzer wurdt konfrontearre mei Matten's fisy op syn wurklikheit. Yn dizze roman wurdt it reiske biskreaun dat Matten en Josje yn in hjerstfekânsje nei de Ardinnen meitsje. In jier as hwat foar dit reiske ha Matten en Josje in frij yntensyf kontakt hawn, dit kontakt wie foar har ek de reden om togearre dizze fekânsjereis to meitsjen. Sein soe wurde kinne dat yn dizze roman twa forhalen forteld wurde: it forhael fan de fekânsjereis fan Matten en Josje nei en yn de Ardinnen en it forhael fan de relaesje dy't jierren foar dizze fekânsjereis tusken harren ûntstie. Dit twadde forhael, dat as in soarte fan ûnderstream it earste forhael bigeliedet en ek fordúdliket, wurdt de lêzer gewaer middels flashbacks fan de haedpersoan oan hwa't it perspektyf koppele is i.c. Matten. Mei't de twa - tige nau mei elkoar forboune - forhaelstreamen bipalend binne foar de ûntjowing fan it forhael dat yn dizze roman forteld wurdt, kin it sin ha en bisykje se per haedstik to bisjen. Yn it hjir folgjende part fan dit bisprek sil ûnder forhaelstream A forstien wurde dat part fan de roman dat him ôfspilet yn it hjir en nou fan de roman. Under forhaelstream B sil forstien wurde dat part fan de roman dat him ôfspilet yn it romanforline. De lêzer wurdt mei dit part fan de roman konfrontearre middels flash-backs. | |
Haedstik 1De roman ‘Jest yn 'e Ardinnen’ bigjint mei de sin: ‘Se tenktèn besyne yn Vólvegea’(side 7) en dêrmei stiet de lêzerfuortendaliksmidden yn it hjir en nou fan de roman wurklikheit. Forhaelstream A dus. De haedpersoan fan dizze roman is | |
[pagina 275]
| |
dan al, sa docht rillegau bliken, mei syn partner-foar-ien-wike, ûnderweis nei it adres hwêr't sy de hjerstfekânsje trochbringe sille. Yn forhaelstream A wurdt de lêzer op 'e hichte brocht mei it forrin fan de reis fan Fryslân nei de Ardinnen. Forhaelstream A wurdt yn dit haedstik inkelde kearen ûnderbrutsen troch forhaelstream B, flash-backs, hweryn't de manlike haedpersoan yn syn gedachten neigiet hoe't syn relaesje mei de froulike haedpersoan yn it forline wie. Binammen troch dy flash-backs kriget de lêzer ynsjoch yn it wêzen fan de froulike haedpersoan. ‘Ut hipte sóms nau, en se koe ôgryslek óp har tjennen trape vêze os mun net genôch rekken hood mai de suptyle núônses yn un vud, un blik. Se voe óp veade skot vudde, mar ómt se sels net vist vaat se vie, of vaat se vêze voe, vie't fwar un oar slim óm yn elke sytuaesje ut krekte vud te fynen. Petearen mai har ferrûnnen faak os ôbrutsen skaakpartijen, un konfinsjonele iepening, un pear aigen setten, en don mar gau ta remize beslútte, bang óm te vinnen of te ferliezen, en ains noch banger óm un persoanlike oanpak sjen to litten.’ (side 13) Sa stadich oan wurdt de lezer gewaer op hokker basis de twa haedpersoanen der ta blisletten ha mei inoar op fekânsje to gean. ‘Har tónge fielde destiids learachtig oan, os vie ur looid tróch de reek. (...) Hy glimke. Stóm ains, dot frijen en geflikflooi. (...) Meastol is ut mai un frou un stúpyde, ynfontyl seksspultsje, (...) Oan mear (as hwat frijen a.v.h.) vjinnen se nooit takómmen, ut bijenwar vêzen inkeld jûûg ol sponning genôch, dot vie ains ol te slim en amper te fernearen.’ (side 21/22) Troch forhaelstream B kriget it forslach fan de reis nei de Ardinnen (forhaelstream A), sa't dat yn dit earste haedstik fan de roman oan 'e oarder steld wurdt, relief. De lêzer kriget de gelegenheit de reis nei de Ardinnen yn de histoaryske kontekst to setten. Dêrmei kriget de lêzer ek gelegenheit him to réalisearjen dat op dizze fekânsjereis it feit dat der eartiids in relaesje wie tusken Josje en Matten in rol spylje kin.
Yn it twadde haedstik fan dizze roman wurdt de lêzer gewaer hoe't Matten en Josje har earste fekânsjedei yn de Ardinnen trochbringe. It forslach fan dizze fekânsjedei sil net al folle ôfwike fan oare forslaggen fan fekânsjedagen. Matten en Josje piele hwat om yn de omkriten fan it doarp dêr't harren fekânsjehotel stiet. De lêzer sil, liket my, net sasear yntressearre wêze yn dit forslach as wol yn de gedachten fan Matten oer himsels, syn existearjen. Dizze gedachten komme û.o. nei foaren yn gesprekken tusken Matten en Josje. Men kin net sizze dat Matten út dizze petearen nei foaren komt as in optimistyske geast: ‘Verken dógst nooit fwar dyn plesier. Matst dij dur ta sette.’ (...) Dot fyn ik krekt vól mooi. Ut learen fon un deade taal dêrst helendol neat mai kinst, of ut bestúdjerjen fon in útstoan soate bisten, dêr ha 'k adeghyd oan. En 'k dóg dur ómmes gjin meens kwea mai? ‘“Ut hat gjin doel” “Dot's net belangryk. Ik fergriem myn tiid kinst sizze, mar os ik dy no fergriem mai nuttege of mai sinleaze dingen, fergriemen bljûwt ut.”’ (side 36-37) Yn dit twadde haedstik fan de roman ‘Jest yn 'e Ardinnen’ kriget de lêzer syn ynformaesje allinne middels forhaelstream A. Dochs wurdt de lêzer wol hwat gewaer oer it dwaen en litten fan Matten yn de tiid foar't Matten en Josje mei fekânsje giene. Dit bart, it kin al hast net oars mear, middels in dialooch tusken Matten en Josje: ‘(Josje freget) ‘Hast dij oars vot fermakke, de lŝte jirren?’ Hy | |
[pagina 276]
| |
seag har oan. Vot bedoelde se presys? ‘Och ja, mun hat juns beuzegheden en juns lytse plesierkes, netvier? (...)’ Net un spesyaal freondintsje?’ ‘O. bedoelst dot. No en don, os ut sa útkómt.’ ‘Dus, dot vól.’ ‘Ja, fonsels. Olinne sliepen ferfeelt óp un doer.’ (side 41/42)
Oan 'e ein fan dizze dei, Matten en Josje sitte dan yn it kafé, wurdt dúdlik dat Josje miskien dochs wol hege forwachtings hat fan har relaesje mei Matten: ‘Ien fan 'e minsken yn it kafé freget “Ot se traud vjinnen?” Nee, dot vjinnen se net, Josje koe spýtegernôch safólle Frônsk vól dot se ut begriep. Har gesicht stie stiif.’ (side 55/56)
Yn it tredde haedstik wurdt de lêzer middels forhaelstream A gewaer hoe't Matten en Josje de woansdei's fan harren hjerstfekânsje trochbringe. Se ride, nei it moarnsiten, hwat troch de omkriten. In reisforslach makket dúdlik dat nei plak x plak y komt en dat de kafées yn plak x ticht binne wylst yn plak y noch wol in kafé iepen is. In trochsneed reisforslach dus? Né, dat kin ek wer net sein wurde: middels de dialooch kriget de lêzer heel hwat ynformaesje omtrint de relaesje, sa't dy ea bistien hat tusken Matten en Josje en omtrint harren fisy op it libben. Dat wol sizze: de lêzer heart allinne hoe't Matten tinkt oer syn eardere relaesje mei Josje en hoe't Matten's sicht op syn wurklikheit oer ditsjes en dotsjes, en njónkenlytsen grûit ut gefoel dot mun enwar mear te sizzen hat. Mun praat dur ynjesten noch oerhinne, bang dot mun jun fersint, bang óm un flater te slaan. Mar ynienen stûkket ut petear en fynt mun enwar. En sûnt langet mun veróm en hopet mun óp un ferfolch en un befêsteging.’ (side 74) Yn earste ynstânsje wie it tusken Matten en Josje neat wurden hwant: ‘Do ( = Josje a.v.h.) voest olle tsjinstridege dingen tagelyk. Do voest de hymel óp iede ha. Do viest freselek ûnvis fon dijsels en do vaadst troch dyn gefoelens hinne en ver slain.’ (side 75) Lykas al sein is, de lêzer wurdt hjir konfrontearre mei Matten's sicht op syn relaesje mei Josje. Nou kin ek wer net sein wurde dat Matten it mislearjen fan syn relaesje mei Josje alheel taskriuwt oan de ynstelling fan Josje. ‘De bazes hat te smel west. Vij vjinnen gek óp enwar, mar dot hellet san bytsje út. (...) Os vij tegjerre tróch de stêd rûnnen mai de kop yn 'e vólken of jir of dêr stienen te frijen, don vie ut krekt of tochten de bjemmen en de strjitstjinnen en de húzzen: vot miene dy snotnoazen vól, vot sille sij jir de vrôd óp 'e kop sette? Ut near vaad dur óp lain, ut mócht net. (...) Vij ha ains neane oer praet. Vy havve bijenwar vest en yn enwars eagen óm utselde socht, en dût vij mienden dot vij bij enwar utselde fûn hiene, dû ha vij ús dreamen baud. Mar vij vjinnen baide bang óm ús dream te kónkretysjerjen. Dû is ut ôknapt.’ (side 78/79) De lêzer kriget, oan 'e ein fan dit tredde haedstik de yndruk dat it dochs noch wolris wer goed komme kinne soe tusken Matten en Josje, se fine inoar yn elk gefal lichamelik: ‘Hij stapte bij har yn 't bêd en gyng hoeden tsjin har oanlizzen. Hy streake har hier, har vangen en mûlle. “Net prate”, sai se’ (side 81) Yn it fjirde haedstik wurdt - middels forhaelstream A - de tried oppakt dy't oan 'e ein fan haedstik 3 dellein wie: Josje en Matten wurde wekker yn itselde bêd. Dochs kin net sein wurde dat de koïtus foar Matten in soarte fan katharsis west hat: ‘Hie ut ferstonneg west? (...) Ains hie ut dû ol matten, mar se jinnen net dwast. Havar, se hienen ut belibbe, en gjinien koe ut har ver ôstelle. Skielk soenen | |
[pagina 277]
| |
se de rekken vól túskrije, dêr hûgde mun net oer yn te sitten.’ (side 83, kursivearring a.v.h.) As Matten en Josje noch hwat neiprate oer hwat dy nachts west hat formulearret Matten syn libbensfilosofy sa: ‘Ut libben is de mwóite dyt vij duroan besteegje net vuddeg. Vij pynegje ús óm 'e nócht. Ut hellet neat út, (...)’ (side 88) Foar Matten wurdt sa stadichoan hoe langer hoe dúdliker dat dizze fekânsje mei Josje persé mislearje moat: ‘Ik kin har de fêsteghyd net jaan dyt se syket. Ik ljo net, ik ha gjin vissegheden. Ik vit inkeld dot ik dea gean, en ik ferwachtsje dot ut measte fon vot ik beskrep óp 'e nón rint. Ik twivelje oan olles vot ik ûndernim. Ik haf gjin takómst.’ (side 93) Oan dizze dei fan har fekânsje komt in ein mei't Matten him bisûpt en al syn pessimistyske idéeën oer de minske yn syn forhâlding ta syn meiminske yn it algemien en syn forhâlding mei Josje yn it bysûnder oan Josje trochjowt. Josje - hja is dan werris mei Matten yn 'e omkriten fan harren fekânsjeadres oan it riden - lit Matten stean en hy moat liftsjend werom nei it fekânsjeadres.
Oan 'e begjin fan it fyfde haedstik blykt Josje it dochs noch wer mei Matten bisykje to wollen: ‘Se lai naist him dût ur vekker vaad. Sie hie un hôn ûnder syn nekke en streake him. Hy draaide ut gesicht nai har ta, seag har even oan. (...) “Vêrom diest sa raar?” “Do fregest duróm, do voest ferhalen jerre.” “Net sókke ferhalen.” “Oare ferhalen binnen dur net”.’ (side 107/108) Mar ek nou blykt it net mooglik echt by elkoar to kommen: ‘(Josje) “Do litst un oar yn 'e kjeld stean. Do vólst net ferontwudlek fwar ien vêze. Do bist kôd en leeg fonbinnen.” “Dot's net vier” sai ur. “Ik bin gefoeleg óp ut sintymintele ô. Mar mai hûndet pûn gefoeleghyd kin ik yn 'e vrôd neat feroarje. Tinkst ferdómme dot ik dot adeg fyn? Mar ut is un fait. Vêzentlek kin ik neat fwar un oar dwaan. Osto dyn poat brekst, kin ik dyn pyne net oernimme, ik kin inkeld mailijen mai dij havve.” “Dot maist hôde” “Dêrom. Ik kin neat dwaan”. Hij draaide har de rêg ta. Ik vól sliepe” sai ur.’ (side 113) Yn it forfolch fan dit haedstik - Josje en Matten geane nochris togearre op bêd, nou midden oerdeis, - wurdt de lêzer middels forhaelstream A konfrontearre mei wakker pessimistyske, mar faeks wol réalistyske skôgingen fan de manlike haedpersoan Marten. Leafde is: langst havve nai elkwar en út en tróch un kwatte befredeging. Leafde is os un motel ûndervais, os mun dur langer os ien nacht bljûwe mat, vylst ut libben oan jun fwarbij streamt, don vud ut un feenzenis.’ (side 129) Yn ditselde haedstik 5 komt Matten ta in analyse fan syn eardere relaesje mei Josje (forhaelstream B) ‘Hat dot fjauer ier lyn ús flater net vest, dot vij ut tefolle bij enwar sochten ynstee fon yn 'e mienskip dêrt vij yn libben? Ut hie fonsels syn oarsaak, vij vjinnen baide vot teloarsteld yn ut libben, yn ús freonen, vij hienen ús baide ol vot óp ússels verómlutsen en vij seagen ut net sa goed mear sitten. Dû tróffen vij enwar en dût vij enwar oanseagen, vie ut ol besegele. Meensken mai hûnger yn 'e eagen kinnen enwar dur oeral út en lûkke os magneten óp enwar ta. Mar de start is net goed, dur is inkeld ferlet en inkeld need.’ (side 129/130).
Yn haedstik seis fan ‘Jest yn 'e Ardinnen’ lûkt Matten de konsekwinsjes fan it feit dat it tusken Josje en him nea echt goed wurde kinne sil: ‘Ut dógt sear, tocht ur, mar oan 'e oare kont is 't un opluchting. Ut hie dóchs óp neat útrûn. Vij jaue enwar net un streep ta, vij pikke neat fon enwar. Vij hienen ús | |
[pagina 278]
| |
hele libben bekfóchten.’ (side 148). Dochs bliuwe ek yn dit seisde haedstik Matten en Josje wrakseljen mei it doel by inoar to kommen. Net dat soks slagget: ‘Se gyngen nai 't yten un aintsje te köörjen. (...) Se rûnnen mai de jerrems óm enwar hinne, os vienen se baide de helt jónger, sij fjitjen en hij sontjen. Ut vie tryst en oandwaanlek en un bytsje rydykúl, san ôd pearke dot de ferlenne tiid besyket yn to helen.’ (side 155)
Yn it sawnde en lêste haedstik fan dizze roman brekke Matten en Josje op en geane werom nei Fryslân. Op dizze weromreis wurdt de lêzer alheel net mear konfrontearre mei lânskipsbiskriuwingen, wol mei dialogen tusken Matten en Josje hwerút bliken docht dat der feitliken yn har relaesje neat foroare is, neat dúdliker wurden is: ‘(Matten) “Ik vit vól votst vólst. Do vólst tegjerre un kestiel baue óp un heuvel, do vólst un dyk oanlizze tróch un oervód, do vólst un brêge slaan oer de oseaan, de (=do, a.v.h.) volst de mwanne ópblaze.” “(side 168) En Josje dêrfoaroer” “Ik sil oltyt fon dy hôde,” sai se. “Silst ut net ferjitte?”’ (side 169) De roman fynt syn needsakelike ein as Josje Matten by Swol út har auto stappe lit, sadat hy de trein nei Frentsjer nimme kin: ‘“Inkeld Frjentsjer”, sai ur tsjin ut famke. “Wat zegt u, meneer?” “Lit mar sitte,” sai ur. Hij draaide him óm en rûn ut stasjón út, de stêd yn. Hij bljo midden óp ut sebrapaad stean. De autoos rieden fon alle konten óm him hinne.’ (side 171) | |
KonklúzjeDe roman ‘Jest yn 'e Ardinnen’ is dúdlik fan struktuer yn dy sin dat it perspektyf yn dizze roman konsekwint koppele is oan de manlike haedpersoan Matten. Dat bitsjut dat Matten funksjonearet as forteller yn dizze roman. De roman is ek dúdlik fan struktuer yn dy sin dat allinken it swiertepunt fan dizze roman forskouwt fan in reisforslach nei in forslach fan de relaesje dy't bistiet tusken twa minsken: Yn de earste 3 haedstikken liket de relaesje Matten - Josje fan minder bilang to wêzen as de biskriuwing fan harren reis nei en forbliuw yn 'e Ardinnen. Dèrnei - yn haedstik 4 oant en mei 7 - wurdt der súver gjin wurd mear bistege oan it forbliuw yn 'e Ardinnen, alteast de lêzer komt der achter dat dat forbliuw minder bilangryk is as yn it bigjin like. Dan is eins allinne noch mar fan bilang de dialooch Matten-Josje en de prakkesaesjes fan Matten. It is yn dit forbân faeks fan bilang op to merken dat it tredde haedstik fan de roman ôfsletten wurdt mei in biskriuwing fan it feit dat Matten en Josje foar it earst yn de 4 jier dat se elkoar kenne, mei inoar op bêd slagje. Men soe sizze kinne dat der yn dizze roman nei 2 klimaksen ta wurke is: De earste klimaks leit oan 'e ein fan haedstik 3 - dan liket noch alles mooglik to wêzen yn de relaesje Matten-Josje -, de twadde klimaks leit oan 'e ein fan it lêste haedstik fan dizze roman - der is tusken Matten en Josje neat foroare forlike mei 4 jier lyn, it blykt net mooglik to wêzen inoar wêzentlik to reitsjen. Dat hie faeks ek it motto wêze kind neist it motto: Si tu bois pour oublier paie avant de commencer. |
|