Redaksjoneel
Lykas al út it kolofon fan nr. 4 bliken dien hat, is Miedema Pers net langer útjower fan dit tydskrift. It faillissemint dat folge op harren finansjele swierrichheden wie ek de oarsaek fan it lette forskinen fan nûmer 4. Printerij ‘Fedde Dijkstra’ hat foar de redaksje nr. 4, printe en forstjûrd. Spitigernôch is it der by troch rekke de printkladkorreksjes fan it essay fan Sierksma yn de tekst to forwurkjen. Wij biede de lêzers hjirfoar ús forûntskuldigingen.
Fan dit plak wolle wy it personiel fan Miedema Pers tankje foar harren wurk foar ús tydskrift. Binammen mei Smit, Blekkenhorst en Henny ha wy altiten yn freonskip omgien. It regelmjittich en kreas forskinen fan Trotwaer ha hja in net ûnwichtich oanpart yn hawn.
De redaksje stiet nou sels foar de útjefte fan Trotwaer, in lêst dy't fanwege redaksjewiksel en juridyske & finansjele redenen troch har net to dragen is.
Dêrom moatte wij wer in útjower ha. Ek bij in nije útjower wol de redaksje har selsstannichheit hâlde. Trotwaer wol har net bine oan hokker rounte dan ek en ek in útjower sil it redaksjebilied oan de redaksje oerlitte moatte.
Om de eksploitaesje fan 1975 slutend te krijen biede wy de lêzer hjir in dûbelnûmer. Der is lykwols kâns dat der yn dizze jiergong noch in ekstra nûmer komt: wy komme dan dochs noch op de wenstige seis nûmers.
Om de eksploitaesje yn 1976 slutend to krijen sille de abonnemintsprizen in daelder heger moatte, sadat in studint yn 1976 f 17,50 en in ‘gewoan’ abonné f 25,- bitellet.