ut hôren en dragen fon de persoanen, of is ut myljeu jir un frijvot tafolleg dekôr? Dêr hji frau Steenmeijer vot oer seze matten. Mar dot dógt se net, se fertelt vot oer un sekere Perk dyt yn LaRoche vot gedónder hôn hat moi un mókkeltsje. Ja, san ferhaal vit ik ek vól fon un pear kirrels dytyn LaRoche ek vot gedónder hôn ha. Net moi un mókkeltsje mar moi de auto. Mar vot haf ik oan dotsoate ynformaasje? Frau Steenmeijer lit noi óm oan te toanen dot ut lônskip fon de Ardinnen - sat dotyn ut bûk beskreon vurt - belangryk is fwar ut totale byld fon ut bûk. En se lit ek noi óm ut bûk te fergelykjen moi de sykles fessen fon Perk. Vêróm stjit dot stikje oer Perk dur don? Ik ken mij fwarstelle dot frau Steenmeijer dur grutsk óp is dot se yn de twadde klos fon de únnyferzytijt Sjak Perk lêzen hat, mar vot hat dot yn fredesnamme moi Jest yn'e Ardinnen te maitsjen? As Frau Steenmeiier sa graag fergelykje vóllen hji óm moi har kennes te prónkjen, hji se ut romontsje better fergelykje kennen moi oar resint frysk proaza of moi jedder proaza fon desetde skrjower. Fonself sû dot vól even mear tiid en stúddy frege ha. Frau Steenmeijer soit dot ‘Riemersma hat yn dit boek foar de ‘hij-fortelsituaesje’ keazen. Dat jowt altyd in sekere ôfstân tusken skriuwer en haedpersoan. Dochs hat men by it lêzen hieltyd it gefoel, dat Riemersma syn eigen gefoelens, syn eigen striid, syn eigen libbensfilosofy werjowt’.
Ut begryp ‘hij-fortelsituaesje’ (ja, Bartle, dur stonne stipkes óp de ij - ik ken ut net helpe), hat frau Steenmeijer grif út Stanzel syn ‘Typische Formen’, dot is un mooi behindeg bûkje fwar de lyteratuerlist. Mar fjidder hat se fon Stanzel neat begrepen, vont dy ópmerkingen oer de distônsje en oerienkómst tusken skrjower en haadpersoan, dy slagge nergens óp.
Ut is spyteg dot frau Steenmeijer yn de tredde klos fon de únnyferzytijt ol erflek oan gaadleke haulekspartners siet te prakkesearen, ynpleats fon de kop bij ut koleezje te hôren, vont oas hji se vitte kennen dot de ferteller fon de romon (ot ut no un ooktoryale ferteller, of un hij-fyguer, of un ‘ónpersoanlek’ regystrearend medyem is) nóit lykslijn vurre moi moi de skrjower. Dot soit net olinneg Stanzel, dot soit sels un ôd seor fen dus otorytijt) os Wolfgang Kayser.
Frau Steenmeijer faart fjidder moi blunders: ‘Dizze fortelsituaesje mei in skriuwer dy 't theoretysk bûten syn forhael stiet...’ Leave tutte, un skrjower stjit oltyd bwótten syn ferhaal. Of tochten jo dot ik moi Matten en Josje noi Houffalize vest hji te stuthôren?
En ut hôrt net óp: ‘Riemersma forpleatst him noait rjochtstreeks yn har gefoelens.’ Nee, fonself net - de jinnege dyt him yn Josje har gefoelens ferpleatse ken is Matten.
Ut sû vól us vêze kenne dot ut ônfermogen of de ónvil fon frau Steenmeijer óm de persoan fon de oteur te skieden fon de persoan(en) yn ut bûk gearhinget moi un frijvot mytyske fyzje óp de lyteratuer, en vól sa: un skrjower is un mon dyt fon syn lêzers hôrt en dyt syn lêzers ut goede fwarhôre vól en dot dógt oan de hôn fon ut fertellen fon fwarfollen, en de dêrbij jerrende gefoelens en oertinkingen, dyt ur sels belibbe hat of belibje kenne sû, en dyt him bij ut skrjowen ynspyreard fielt en vit tróch un Hegere Macht. Ik ha sterk ut gefoel dot frau Steenmeijer oer Matten hinne tsjin mij polemyseqrt.... Yn ut ‘besprek’ fon Myksomatoze is ut net mear un gefoel, mar visseghyd.
Ik sû noch óp ien ópmerking út de ‘resinsje’ fon Myksomatoze kómme. Frau Steenmeijer soit: ‘en ik tink, dat ik ynhierd bin om as lêzer oer boeken to oardieljen.’