| |
| |
| |
Steven de Jong
De maegd fan Babylon
Doe't Adam en Eva forkearing krigen, joech dat gâns opskuor. Dit koe deagewoan net.
Eva wie de moaiste fan it doarp, fan it gea, hwa wyt, fan 'e wrâld en Adam wie krekt it tipe dat wol altyd frijfeint bliuwe soe. Net, dat er net trouwe woe, mar der wie gjin frou, dy't de eagen nei him draeide.
En dan dy nammen! Dit komt net goed minsken, ornearren de measten. Gelyk hiene se, dat wyt elk, dy't in bytsje de gong fan it minskdom troch de tiden hinne kent. Adam hite en dan forkearing mei Eva krije: it wie it útdaegjen fan it needlot, it tarten fan 'e goaden
Foar de measte Adammen yn spé wie Eva fan Dyk like ûnbirikber as Brigitte Bardot of Miss World. Se waerd in stik beton as der jonges by har kamen, bistimd as se wie, sa't like, foar in miljonair of yn dit gefal foar de dokter of sa (hwant men moat ek relativearje kinne).
Dat nou krekt dy sleauwe Adam Hoekstra... Adam wie de lêste dêr't de knapen konkurrinsje fan to frezen hiene. In bêste fint, mar it wie neat en it soe ek wol noait hwat wurde. Hy doarst ommers noait hwat.
Misrekken. Krekt Adam slagge it it pânser fan Eva iepen to brekken. Tige fromme minsken seagen dêr Gods hân yn, eksistinsjefilosofen ien fan dy absurditeiten dy't it libben slim yngewikkeld meitsje en oer de ‘stamboekboeren’ sille wy mar swije. De minsken spytgnysken nei de earste skok al gau net mear. Eva ynspirearre Adam ta in wichtich boarger fan 'e maetskippij. Se krigen in dochter en in soan, in moai hûs mei in moaije tún. Happy end en Schlusz, mar nou bigjint it forhael pas.
Ik soe Adam en Eva misledigje as ik sei dat se lokkich troud wiene. In man en in frou, dy't sizze lokkich troud to wêzen binne net to fortrouwen of pûrfrjemden foar mekoar. De saek wie komplisearder, sûnder nou fuort fan komplikaesjes sprekke to kinnen. Se holden fan mekoar. Se koene net sûnder mekoar, mar lokkich troud, né[...] gelokkich net, alteast foar dit forhael. In forhael skriuwe oer lokkige minsken yn in paradys liket my net mooglik; dêr hat de Bibelskriuwer ek gjin kâns ta sjoen. Der moat hwat barre en der barde faken hwat.
Dêr wie Etienne, in âlde freon út Adam syn studintetiid, dy't in eachje op Eva hie en dat wie swiere konkurrinsje. Etienne hie foar froulju oer alles hwat Adam miste. Hy wie pianist, reizge hiel Europa troch en koe moai prate. Altyd as er kaem, naem er in great bosk blommen foar Eva mei. Hy wie in iepen finster op 'e broeiske kultuerblommen fan 'e greate stêdden.
Hwat tocht Eva dan? en hwat tocht Adam?
Och litte wy in minske al is er ús noch sa nei, syn geastlike frijheit litte. Alles
| |
| |
hoecht er net to fortellen, it is gjin sensitivity-training. Hwat wy fan in minske kenne is it topke fan in iisberch. Jaloezy fan Adam, ûntofredenheit fan Eva, och lit mar sitte....
Mar hwat der noch ris barre soe.... né, dat hiene se net tocht yn it paradys, dêr't se nou yn wennen.
Hoe âlder in minske wurdt, hoe mear as er op in rottige apel bigjint to lykjen. Dat is in wierheit as in kou en dochs in iensidige wierheit. Ek dat is it topke fan in iisberch. Fortrou dy minsken net, dy't it geheim fan 'e kosmos forklearje. Alle wiken stiet der wol ien yn 'e krante, dy't in Epochemachend boek skreaun hat. It binne meastentiids mislearre dichters of romanciers, kwats.
It wie sa, hoe langer Adam en Eva troud wiene, hoe mear se oan inoar forboun rekken en hoe lytser de rol waerd, dy't Etienne yn har libben spile.
Etienne wie bikind en syn forhalen altyd itselde, moaije frou hjir, moaije frou dêr en Eva wie de moaiste. Der siet gjin ûntjowing yn, likemin as yn syn kunstnerskip. Yn wêzen wied er in mislearre silige stumpert en hoe links as er ek wie, hy smookte kontinu Rhodesiëtabak en bitelle kapitalen oan 'e NATO, yndirekt fia de drankflesse. Yn fatsoenlik selskip (hwat is dat?) koene se net mear mei Etienne forkeare.
Etienne hie in sublime yntelliginsje hawn, mar as dy net oefene wurdt, forkalket de boel en de rottige apeltheory kin men dan oeral op tapasse. De tiid dat Eva fan Etienne dreamde, wie fier foarby en hoe faek as er ek kaem, hy siet yn 'e foaze by de âlde foto's. Né, fan Etienne syn poffige drankholle hie Adam neat mear to frezen. Mar dochs... miskien krekt dêrom, in minske hat mar ien libben....
Op in dei is Adam syn paradys oan it skoffeljen, as der ynienen in âlde ein (2 cv) it hiem opswaeit. Etienne mei in great bosk blommen.
Eva hat it smoar yn. Se hat it drok mei de bern en de húshâlding en dy frekte âldfeint hinget har ta de strôte út. Adam is der hwat mei oan. It bigreatet him om Etienne. Hoe âlder as dy wurdt, hoe iensumer, hoe mear drop-out en dan net yn 'e romantyske sin.
‘De bern, se binne great genôch, se hoege net mear bitiid op bêd. Lit ús fuortgean,’ stelt Etienne út. ‘Ut 'e sleur, ik wyt in moaije love-inn.’
In ein is wer ris hwat oars as in Ford Taunus. Etienne en Eva sitte foaryn. Adam allinne achteryn. Hy wurdt sésiik fan it skommeljen. It hat dochs wol sfear. Mei in skoftsje hinget Eva tsjin Etienne oan. Oanstelleritus. Né, de stimming is der net. Dy fan eartiids net. Se bin der to folwoechsen foar. Tiden forgean en komme net wer. Rottige apels, tinkt Adam.
| |
| |
‘Hé, Etienne, hwerom nimst noait ris in jongfaem foar my mei?’ raest Adam boppe it strieljagerslûd fan 'e motor út.
‘Wachtsje mar’, balt Etienne werom ‘yn ús love-inn!’
Adam sjocht net hwat kant se útride. Hy sjocht nei Etienne syn hân, oer 't skouder fan Eva. It docht him neat. De jaloezy is fuort. De tiid fan 'e seks is foarby. Adam woe dat er lulk waerd. Hy hat bigreatsjen. Mei Etienne om syn pubergedoch, mei Eva om't se mei Etienne oanklaud sit.
Dochs giet der in skokje troch him hinne as Etienne har in tútsje op 'e lippen jowt. Etienne syn smook- en drankmûle. Eva is der net fiis fan. Adam suchtet. De auto makket in rare swiber.
‘Ik wol graech wer héél thúskomme,’ seit Adam mei de klam op it wurdtsje heel. ‘'t Sil oan my net lizze,’ seit Etienne, ‘mar mei sa'n moai frommis neist je... Dû meist wol ride.’
Wrachtsjes it liket wol oft Eva tsien jier jonger wurdt.
‘Né, ryd dû mar,’ seit Adam, ‘ik soe brokken meitsje troch it achteromsjen.
Oer achteromsjen praet. Eva sjocht mei strieljende eagen achterom en glânzget as in jongfaem. To jong. Adam krijt wer in rare smaek yn 'e mûle.
‘Kin der ek in rútsje iepen?’
Etienne stekt de earmtakke nei bûten en it waeit Adam lyk yn 't gesicht. Hè, dat frist op. Adam bisiket him meinimme to litten yn 'e romantyske sfear. It slagget him amper.
‘Ik bitelje wol.’ seit Etienne as se de doar yn gean.
In rikkerich hoal, opboud út âlde Friezen, hoannebalken, estrikken oer de flier en fansels in iepen hurd (gelokkich út, 't is simmer). In lytse combo bisiket de beatles nei to dwaen en in bosk blommen mei in mikrofoan (fansels) yn 'e hân stiet to sjongen.
‘Prachtich,’ seit Eva, ‘hwat is it hjir moai!’
‘Geweldich,’ seit Adam, mar tinkt by himsels, ik woe dat ik op bêd koe. Afijn, wy sille dizze tsjelk oan 'e lêste slok ta drinke moatte.
‘Drinke jim mar,’ seit Etienne, ‘ik drink my wol sêd oan Eva.’
Dochs sympathyk, allinne de alkohol kin jin hjir trochhinne skuorre.
‘Siz mar Gjerryt,’ seit de ober. ‘Hwa drinkt soks nou,’ seit er as Eva in seven up mei in tie bessenjenever bistelt. ‘Ik ha in mix, in longdrink (hy lûkt in streek mei tûme en wiisfinger troch de romte) sa! As jo it net meije, stean litte en neat bitelje.’ ‘Ik wol graech hiel helder bliuwe, Gjerryt,’ seit Adam.
‘Ien of twa,’ seit Gjerryt
‘Twa fansels,’ seit Adam
| |
| |
It sjongende boskblommen, dat harsels mei de ûnoariginele namme Kitty Flowerpower siert, stekt Adam in blom yn 't knoopsgat en lústeret him ‘knyp my ris yn 'e side’ yn 't ear. Adam docht it.
‘Hannen thús, Adam!’ brult it ynienen stereofoanysk troch de boxen.
‘Dy is foar jim,’ seit Adam. ‘dêr nim ik ien op, proast!’ Yn ien swolch hat er it heale gleske leech.
‘In bytsje foarsichtich Adam‘, lústeret Eva, ‘wy binne gjin tweintich mear.’
‘Ja, dû ek,’ seit Adam werom, hwat to lûd of ek wer net to lûd, hwant Kitty flowerpowert krekt in oerjierrige tophit troch de mikrofoan.
‘Hearlik,’ seit Eva nei in priuwke fan 'e cocktail.
Der komt sfear, fordomd wier, der komt sfear. Oeral sjocht Adam nou pearkes sitten op twapersoansbanken, ynboud yn 'e muorre, tusken de hoannebalken en yn allegear hoekjes en herntsjes. Mei har trijen sitte se oan in gewoan taffeltsje op âlde matten stuollen, tsjerkestuollen. Kitty sjongt in broeiske lústerjende song mei ‘I love you’ en boe en bèè der yn, mar Adam en Eva hearre dêrtuskentroch de nuverste lûden. Hymjende mânlju, smûgjende froulju.
‘Fanke ik sil dy naeije ont der inkeld in kondoom fan dy oerbliuwt.’ raest der ynienen ien boppe alles út. Dy giet oer de skreef en ta de doar út. ‘Boerelul!’ racht Gjerryt him achternei. Dat is nou ek net sa botte fatsoenlik, tinkt Adam. Lyts ynsidint, gau forgetten, bart hjir blykber wol faker. Eva priuwt wer even en Adam hat syn twadde gleske leech.
Ynienen krijt er Kitty har flowerpowerhabyt oer him hinne, hy sjocht op en neist him stiet in power, dêr't er oant nou ta noait aen fan hawn hie, yn goed frysk in frommis as in lôge. Hy fielt de power yn syn broek. It herte bounzet him wyld. Dounsje notabene, cheek to cheek op in sûzjende brodzich sêfte meldij. Hoe oerlibje wy dit, tinkt Adam hymjend en sjocht om help nei Eva, dy't yn trance mei Etienne oer de flier skout. Adam woe wol raze, krekt as dy boerelul fan sakrekt. Hy byt him op 'e lippe en bidimmet him. Of bidimmet him net. Even sjocht er Kitty lyk yn 'e eagen. Oe, hwat in eagen. In loaits nettsjinsteande of tanksij de make up, it rûkersguod (meitsje dat mer ris út) fol raffinemint en sensualiteit. Dy eagen, hwat manbeest kin dêroer, as er tominsten net ympotint of hwat oars is. Noch even en hy soe klearkomme, sa't er dêr stie en skoude.
Yn Adam steane fan 'e generaesjes, dêr't er út fuortkaem is, de âlderlingen op en de domenys, de wiisfinger omheech. de bibel yn 'e oare hân. ‘Net dwaen Adam, net dwaen!’ roppe se yn koar. ‘Tink om 'e hoer fan Babylon, dy't oerhoer plege hat mei alle keningen fan 'e ierde.’ It wurdt in ûnforsteanber Gregoariaensk, as Adam wer de eagen fan Kitty sjocht. Gjin huorre-eagen, keninginne-eagen, mar
| |
| |
dan wol fan in keninginne fan in fijannelik ryk. Adam is de kening, dy't jierrenlang regearde, rêstich. Yn syn jonge jierren hat er it keninkryk fan Eva forovere. Hoe, wyt er net mear. Hy kaem ommers fan ûnder de groun wei? Hat God him holpen, mar al jierrenlang leaut er net mear yn God. God wie in fiksy of hwat mystike hupperdepup foar âlde wiven. Dêr binne de âlderlingen wer en de domenys, mar ek in greate tank, in hiele greate tank út 'e oarloch en hwat foar oarloch en dy rydt dwars oer se hinne. Achter de tank is oars neat as blabber en bloed, dêr't oan kjetten de keningen trochhinne sleurd wurde. En op dy tank sit Kitty, de hoer fan Babylon, hallo! Hwa kin de hoer fan Babylon forsiere? Ik bidoel echt forsiere? De divel? Godsels? Alteast net Adam, hwaens keninkryk troch Kitty har parfum as in kaertehûs yn mekoar wynderet. En dan? Dan sil er meisleurd wurde troch it bloed en de blabber en hy sil neat mear wêze en it sil ek noait hwat wurde
Dat mei net! Dat noait! Der moat hwat barre. Dy eagen fan Kitty, hwat brekke dy foar ûnderierdske hoalen yn him iepen! Hy moat hwat dwaen. Hwat geks, hwat idioats! Noch noait earder fortoand. Hy sil de hoer fan Babylon forsiere!
Dit alles yn in hûndertste sekonde ûnbiwust fansels. Even it bisef, dat er hjir foar Jan Lul stiet foar Eva oer, foar Etienne oer en binammen foar Kitty oer. Dat wied er al jierrenlang net mear wend. Relativearje de boel en gau. Kitty har hulten en bulten binne net mear ‘sexy’ as dy fan Eva. En dy eagen, hokker kleur hiene se winliken? Grien, mei giel en brún. Katte-eagen, dat wiene it.
‘Sil ik dy hwat fortelle, Kitty?’ seit Adam, ‘dû hast hiele moaije eagen.’
‘Bitanke,’ seit Kitty Der komt hwat professioneels oer har. Mei oare wurden: de generaels yn har haedkertier hiene dit net forwachte. Se hiene it mûske hast opfretten. Se oerlizze hwat se dwaen sille. Mar dan is Adam se wer in slach foar: ‘Katte-eagen,’ seit er. Panyk by de generaels en foar't se har herstelle kinne hat Adam se op 'e knibbels. ‘Ja, hwant sjoch,’ seit er ‘yn myn foarige libben wie ik in mûs, dy't troch in kat opfretten is, en astû my nou opfretst, dan soe ik dat hearlik fine.’
Unwjersteanber dy Adam en Kitty prúst it út. Slop fan laitsjen is se. Dit laitsjen is echt, gjin kitsch fan estrikken, hoannebalken, kearsljocht en sa. Etienne sjocht forsteurd op en Eva glimket greatsk. Folgjende slach ‘Gjerryt,’ raest Adam,’ in smûk herntsje foar fjouwer persoanen, twa jonge, ien cocktail, in jus d'orange foar Etienne en hwat wolstú drinke, Kitty?’
‘Tonic.’
‘En in tonic foar de maegd fan Babylon.’
‘De maegd fan Babylon? Hoe komst dêr nou wer by?’ laket Kitty.
‘Och samar ju’ seit Adam, dy't net yn 'e gaten hat, dat er nou oan 'e oare kant
| |
| |
oanfallen wurdt, ntl. troch de pânserweinen fan syn heechmoed (ienkear de heechste foarm fan moed neamd troch Multatuli, mar dat wie ek mar in skriuwer), dy't de generaels yn it haedkertier fan Kitty stadichoan yn slachoarder sette.
O Adam, ‘één daad van onbedachtzaamheid kan maken dat gij jaren schreit.’
It retoarysk mesyntsje yn 'e holle fan Adam draeit nou op folle toeren. Ik sil net allegear werjaen hwat de mûlen produsearje. Binammen Eva praet hûndert út. Mar ek Adam. It giet oer ûnderwerpen as mei in man mear as ien frou ha of oarsom. In âlderwetske boom mei as pikante nijichheit dat Kitty der by sit, in net to stuitsjen realiteit, dy't Adam oer him komme litte moat. Mar och hwat soe it? Hoefolle froulju hie Abraham en Jakob en David en Salomo en kening Willem III en Henry Kissinger en de jeugd fan nou en hwerom soe hij Adam it nou mei ien Eva dwaen moatte en sy Eva it mei ien Adam? Flauwe kul. Yndoktrinaesje fan provinsialistysk kaliber. Skyt alle ethyk. Allinne de domenys en de poaijers fortsjinje deroan en dy lêsten it meast.
Adam komt goed op dré. Der foarmet him al in hiel omsittend laech, dat mei sawn pear earen sit to harkjen.
‘Alles is gewoan in kwestje fan rasionele bifolkingspolityk,’ swart Adam, ‘mar de klerus is der tsjin, illegale abortus fortsjinnet mear. In gangsterbende fan faksisten hat it Vatikaen biset. Gjerryt, noch twa!’ It forbân is net mear dúdlik, mar der is wol applaus.
‘Baes yn eigen búk!’ raest Eva boppe alles út. Wer applaus. Dy mix is koppich guod. It muzyk spilet sêft en ynkringend.
Yn it tsjuster ûnder de tafel krûpt de hân fan Kitty stadichoan nei Adam syn gulp. ‘Hwat kinst it moai sizze,’ lústeret se, ‘dû bist in dichter. Hwat in knaep hast. Ik bin ek foar frije abortus, mar as ik in bern fan dy forwachte, soe ik it noait weinimme litte.’ Pang dy sit, rjocht yn it hert fan Adam. Der is nou gjin hâlden mear oan. Adam bigjint hieltyd mear krachtpatserij mei wurden út to heljen. In hymjende ‘sound’ op 'e achtergroun. Elk fornimt, dat it nei in klimaks tagiet, binammen as Kitty it roer stevich yn 'e hân hat. Adam syn remmen binne folslein oplost yn alkohol en seks:
‘Dy baby's yn dy hongergebieten, dy moatte se flak nei de geboarte smoare en opite,’ raest er, ‘dan kinne se dêr lekker ite en lekker neuke,’ By it wurd ‘neuke’ komt er klear. Syn kostber focht streamt Kitty oer de fingers. Giet er oer de skreef? Is er de hoerelul, dy't earst troch Gjerryt ta de doar útmitere wurdt? Der falt in deadse stilte. Allinne de muzyk núnderet sêft fierder. Dan lústeret Kitty: ‘nou hâld ik noch mear fan dy.’ Eva sjocht kjel en seit: ‘Adam wy moatte fuort.’ Adam siket wanhopich om syn kluts dy't er kwyt is. Gelokkich fynt er him wer as der ien út 'e seal raest: ‘Kannibael!’ De muzyk swijt. De spanning stiicht, mar
| |
| |
lost op as Adam, rêstich nou, seit: ‘leaver de kannibael fan ûnbiwuste pasberne baby's as de folterder en moardner fan 'e miljoenen biwuste bern, dy't stadichoan úthongerje, omdat menear dêr sanoadich syn pilske drinke moat.’ Lûd applaus. Mar dan Gjerryt: ‘pilskes drinke is net forkeard, likemin as jonkjes om helder to bliuwen.’ ‘Sorry,’ seit Adam, ‘dû hast folslein gelyk, sa bidoel ik it net. Wy bin allegear minsken en sitte yn itselde skip, dat ierde hyt.’
Dan komt der in âld mantsje nei foaren mei in burd en in wylde prûk griis hier. ‘Dizze menear,’ seit er, ‘hat nou ris dúdlik sein hwer't it op stiet. Der wie gjin wurd Spaensk by. Ik siz ek altyd: rasioneel tinke minsken, dat hat Marx ús leard. Mar hwa steane dat yn 'e wei? Just ja, de joaden en de kristenen, bangeskiters as it binne. Dêrom, dy earst útroegje, dan pas kin der in ideäle wrâld ûntstean, in himel op ierde!’ Lûd applaus, it boegeroep fornimt Adam net.
Hy wurdt kjel. Hwat foar demoanyske machten hat er hjir losmakke? Yn hwat foar ûnderwrâldnêst sit er hjir? Kitty fornimt it. ‘Neat sizze,’ seit se strang, ‘it is Bonne Dykstra mar. Yn 'e oarloch hat er by de SS west en nou is er in sabeare neo-Marxist, mar hy wurdt hjir troch de measten net foar fol oansjoen. Eva sit ek forstuivere to sjen. Se fielt har noch altyd earne in kristinne, mar Etienne ûntfermet him oer har. Dat is syn bidoeling ommers?
‘Ik bigjin earne mislik fan to wurden’ seit Adam, ‘en net allinne fan 'e drank.’
‘Ik bigryp it,’ seit Kitty, ‘rêstich nou mar, ik sil dy wol even helpe.’
‘Hoeren sille ús foargean yn it keninkryk,’ seit Adam tsjin Bonne, mar dy bigrypt der neat fan.
‘Ik bin gjin hoer,’ seit Kitty, ‘yn ús fak moat men libje as in non om der net ûndertroch to gean.’
Mient se it, of spilet se toaniel? Ek ien fan 'e talleaze riedsels ûnder yn 'e iisberch. ‘Forjow my myn kalvinistyske frustraesjes,’ seit Adam, ‘foar my bist de maegd fan Babylon. Ast nou allinne myn skuon even oanjaen wolst, hwant as ik buk, kom ik net mear oerein. Hjir, dit hast as oantinken.’ En hy jowt har syn beurs, dêr't er dy moarnes noch fiifhûndert goune ynstutsen hie.: Ast fan my hâldst, jowst it jild oan 'e earmen, mar dy beurs moast hâlde, dy is fan krokodillelear. Oer triennen praet, hat Kitty nou triennen yn 'e eagen of Adam?
‘Kom Eva, wy gean nei hûs.’ Etienne hat it smoar yn. En Eva?
As Adam stiet, sakket de drank him yn 'e fuotten, hy fielt de mage, alles draeit.
Tusken Etienne en Eva yn stoattelet er ta de doar út, de skuon yn 'e hân. ‘Goejoun, allegearre’ en as de doar tich is: ‘frekte faksisten!’
As de lêzer nou tinkt, dat it forhael út is, hat er it mis ta myn spyt. De klimaks moat noch komme. Allinne, it falt net ta foar in skriuwer om nei safolle klimaksen
| |
| |
der noch ien to bitinken sûnder dat it melodramatysk wurdt. Hawar dat avontûr gean wy oan, hwant hwat nou komt, dêr draeit alles om. It oare wie mar ynlieding. Adam is op 't húske en spuit, skyt en pisset alles út. Net sa smaeklik, mar hy wurdt der gâns helderder fan al joech er tûzen goune om op bêd to kinnen. Mar hjir net, hy moat nei Eva ta. Eva mei er net oan 'e slange oerlitte. Hy bihimmelet mei húskepapier de bril. It wol net en hy moat fuort. It liket in binearjende dream. Eva dea, Eva fuort. Der wurdt op 'e doar kloppe. Gelokkich, dêr is se. Né, it is de maegd fan Babylon. ‘Ik sil wol,’ seit Kitty, ‘gean mar gau nei jou frou, oars komt it net goed.’ Geweldige frou, tinkt Adam. Dat ‘jou’ skept de distânsje dy't er nedich hat. Se moatte him nochris hwat fan hoe.... pardon nonnen fortelle. Hy docht de jas oan. De skuon wolle net. Nou, dat kin yn 'e auto wol. Hy docht de fuotten der yn en wâddet de hakken plat. As er bûten komt, rydt de ein krekt fuort.
‘Hé blinder!’ ropt er. De ein stoppet. Fierder as hûndert meter hat er net riden. Dy smjunt fan in Etienne of better sein, silich ek. Eva sil him wol ta stopjen twong ha.
Ynienen flocht it portier fan 'e ein iepen en Eva springt der út. Adam komt tichterby. Eva rint nei de oare kant fan 'e wei, dêr't in breed wetter is.
‘Hwat is hjir to rêdden,’ raest Adam en hy moat ynwindich laitsje as er Etienne oan 'e oare kant de ein útstappen sjocht, pûrneaken, mei in knots fan in pimel, dy't glinsteret yn it ljocht fan in lantearne (sorry lêzer, ik bin hjir tofolle literator, mar ik wyt ek net hoe't ik it oars sizze moat).
‘It spyt my Adam.’ seit Etienne, ‘dû hast altyd myn bêste freon west, mar it wie sterker as ik.’
‘Hwat?’ freget Adam.
‘Ik haw in moai ding fan dy stikken makke.’
Dan laket Adam net mear, mar wurdt pûr. Sels wyt er net goed hwerom. Hy pakt syn skoech en slacht Etienne yn't gesicht. ‘Ik sil dy formoardzje! Is Eva oars neat as “in moai ding” foar dy?’ Adam is ta alles yn steat en dat net allinne om in pear wurden. Hy fielt him as forneukt troch in gangsterbende. Nou leit syn keninkryk foargoed yn pún. Etienne slacht him heal yn 'e sûs, springt yn 'e auto en rydt fuort.
‘Adam, hwer biste?’ heart er. Hé, dy kreet komt him bikend foar en de lêzer fansels ek. Hwa ropt dêr? Eva of....
‘Ja ik kom deroan,’ seit Adam en wriuwt oer in bult op syn foarholle, ‘mar ik moat earst dy forrekte fiter út 'e knoop helje.’ Dat slagget him net gau. Hoe krijt men in fiter út 'e knoop? Hy kin dochs net op plattrape skuon kilometers rinne? Jild foar in taxi is der net, sels gjin dûbeltsje foar de tillefoan. Soms kin it greatste
| |
| |
probleem foar in minske wêze: in fiter út 'e knoop to krijen.
‘The answer my friend is blowin' in the wind...’ Kitty flowerpowert wer in stamper de kosmos yn. The show must go on. It moat dochs wol in non wêze, dy maegd fan Babylon.
‘Adam, hwerom komst net?’
‘The answer is blowin' in the wind.’ Bob Dylan of sa. Dat bendtsje is dochs net sa min.
Adam hwer biste? Kitty sjongt it antwurd. Hwat in symbolyk. Twa greate libbensfragen: Adam hwer biste? en Hoe krijt men in fiter út 'e knoop? en Kitty blowt it antwurd yn 'e wyn.
Dêr komt noch in tredde frage by. Hwat is der mei Eva to rêdden? Dy sit apatysk oan 'e kant fan it wetter. Winliken is der neat bard of alles bard? ‘The answer...? Hwerom sjonge se nou noait ris in ferske fan Piter Jelles of sa? It is dochs in moaije sêfte stjerheldere simmernacht? Wy kinne dochs wer op 'en nij bigjinne? Wer Adam en Eva yn it paradys? Och, dit slipperke bringt úteinliken allinne hwat kleur oan it libben. Dy maegd fan Babylon, in leaf famke, fjochtet foar har karrière. Mar dat elektroanysk getetter. Yn it jier 2000 binne wy allegear sa dôf as in kwartel, dan is der gjin muzyk mear en gjin poëzij. Hwerom wol dy frekte fiter...? Hwa hat de fiters útfoun? Dy is de skuld fan 'e sûndefal fan it minskdom! ‘The answer is blowin' in the wind.’
Hy giet nei Eva ta op in skoech en in sok. En fordomd as 't net wier is, Kitty sjongt:
Yn 'e simmernacht by it stjerreljerreljacht
Oan 'e kant fan 'e sulveren ma ar....
fan Piter Jelles. It koene wol F.N.P.'ers wêze dêr. Och, bêste minsken, dy't it goede wolle. Alle minsken bin myn bruorren. Dat wie Halbertsma. Hy wyt it net mear.
‘Eva, hwat hat er dy dien?’
‘Alles,’ seit Eva.
‘Alles?’ hwat alles?
‘Greate sokses, wytstû net hwat alles is? Bistû in man? In kloat bist, hast ek altyd west en silst ek altyd bliuwe!’
Fuort romantyk. Eva is lulk.
‘'k Wol gjin abortus as it mis giet.’
Eva is skerp.
‘'t Is myn bern en dinent net, baes yn eigen búk!’
Flymjend.
Elk antwurd fan Adam, dat hjir op komt, is it antwurd fan in sokses.
| |
| |
‘Gean dû mar nei Kitty ta, ik sil mysels wol rêdde. Jow my mar hwat jild, dan gean ik wol mei in taxi.’
‘Jild! Hoe komt er oan jild?
‘....by it stjerreljerreljocht.’ sjongt Kitty.
‘As ik dy fiter út 'e knoop ha,’ bigjint Adam hiel hoeden, ‘dan rinne wy nei hûs. Dat is goed foar de trochstreaming fan it bloed. As wy thús binne gean wy op bêd en falle wy fuort yn sliep.’
Eva bigjint to gûlen. Hertstochtelik. Adam slacht de earm om har hinne. ‘Dy cocktail docht it,’ seit er, ‘dy frekte cocktail. En dy drank. Wy hiene hwat foarsichtiger wêze moatten.’
‘Ik woe it,’ seit Eva, ‘'t is myn eigen skuld, ik ha dy oantrune.’
‘Ach ju, der is neat gebeurd, moarn laitsje wy derom. Lekker sliepe, morning-afterpil en hupsaké.’
Eva jowt him in hurde pets yn't gesicht. Se gûlt it út: ‘Ik wol dat bern. It is myn bern. It soe it iennichste wêze hwat Etienne hie. Hy koe allinne mar potint wêze as er by my wie!’ Hwat sille wy nou bilibje?
‘En dû leaust dat?’
‘'t Is wier, myn froulike yntuÿsje seit it!’
Nou moat Adam laitsje. It laitsjen fan in oerwinner, kening Adam de Greate, hatelik meilydsum: ‘Fanke, 't is de cocktail!’
‘Bistel in taxi,’ seit Eva.
‘'k Ha gjin jild,’ bikent Adam, ‘'k ha myn hiele beurs oan Kitty jown.’ Hy doart nou. ‘Hoeren bin djûr tsjintwurdich,’ seit er. It docht him wol even sear, dit leagentsje. Of is 't gjin leagentsje?
‘Kitty is gjin hoer. Kitty is in wêzen, dat gâns hwat heger stiet as dy, egoïst, en as Kitty in hoer is, dan is se mei hûnderttûzen goune noch net to biteljen. Dû hast har sels ‘de maegd fan Babylon' neamd.’ Eva wyt alles. Eva sprekt de wierheit. Hy is in kloatige egoïst. Se rinne nei hûs.
De oare moarnes hellet er al gau de morning-afterpil fan 'e dokter. Safety first. Adam is in soarchsume húsfader. Eva sliept noch, is net wekker to krijen. Op it nachtkastje stiet syn potsje mei slieppillen. Leech!
Der sil in tiid komme, dat in Ford Taunus of in Mercedes gâns goedkeaper is as in âlde ein. Dan sille it goedkeape minsken wêze, dy't yn sokke auto's ride, minsken lykas Adam. Hy sit achter it stjûr fan syn Taunus, dêr't er ienris sa greatsk op wie. Neist him syn dochter Maeike, 15 jier, de moaiste fan 'e stêd, de moaiste fan 'e
| |
| |
skoalle. Achter him sit kroanprins Jan, 14 jier. Hoe sil dy letter syn ryk bistjûre? Sa't it nou liket, is er yn alles oars as syn heit, of net?
Se geane nei it sikenhûs, nei mem. De bern ha gûld, mar alles is goed ôfroun.
Adam hat alles oan 'e dokter (spesialist, partikulier forsekere, fansels) forteld. De man knypeage, bigriep alles, knypeage, Eva wie net yn forwachting, knypeage, dat hie it probleem west, Eva woe it bern hâlde. Dat knypeagjen fan 'e dokter wie in tic. De man koe it net helpe. Der waerd grute, dat as er in taxi bistelde, de chauffeur him fuort nei in bordeel ta brocht. Dat folle wizer waerd Adam der net fan. Alles soe slite moatte, krekt as wie der ien stoarn.
‘Dach mem,’ seit Maeike. Dan is se stil. Ek Jan seit neat. Soms is neat sizze alles sizze. Adam hat de eagen droech. Net gûle, ek sa'n kalvinistyske frustraesje.
De suster komt mei in great bosk blommen:
Kom noait wer, wyt dat jim my net forjitte kinne.
As jim oan my tinke, hâld dan dit bosk blommen foar eagen.
Maeike en Jan sjogge forheard, as mem alhiel oerstjûr de hân fan heit grypt en him nei har talûkt. Bigripe se it, of net? Bern witte faken mear as de âlden tinke, witte. In bosk blommen, Kitty Flowerpower, de maegd fan Babylon.... ek de egen fan Adam wurde wiet. Hy byt op 'e tosken.
Jierren giene foarby. De bern waerden great. Alles waerd oars. Of net?
|
|