| |
| |
| |
Anne de Vries
Boekjes sjen
Yn 'e boekebylage fan ‘Vrij Nederland’ fan 1 mrt. '75 freget Ron Kaal him ôf hoe wichtich it boekomslach is. Hokker ynfloed hat it op de keaper? Hy skriuwt dêr oer in opinyûndersyk fan ‘Inter/view’ dd. jan. febr. '70: ‘Alleen de inhoud van een boek is belangrijk, de band niet, vindt 58% van de Nederlanders en maar 31% is het daar niet mee eens’.
Nei myn bitinken hat it boekomslach fral de funksje fan biskermer fan de bledsiden en drager fan titel en namme. Dat kin al genôch wêze om in boek moai en nijsgjirrich to meitsjen (esthetyske funksje). Sjoch ‘Rymenûnrym’ (ôfb. 1.) en ‘Samle fersen’.
Mar it docht bliken dat party útjowers, skriuwers dat net genôch fine. De esthetyske funksje krijt bgl. mear klam troch yllustraesjes. It is net wis hoe't de lêzers soks wurdearje en oft se der gauwer om keapje. Op in part fan 'e lêzers sil it wol ynfloed ha (sjoch boppe ‘Interview’). Men wit ek net goed oft de keapers boeken nimme fanwege de skriuwer, de útjower, de ynformaesje op 'e flap, de yllustraesjes, resinsjes, moaije foarm fan de boeken, it moaije papier, it oanfoljen fan in searje, de oersichtelike teksten, de priis, of kombinaesje(s) fan dizze faktoaren.
| |
Bidoeling
De bidoeling fan dit artikel is ris nei to gean oft fryske boekforsoargers rekken hâlde mei dy mûglike ynfloed fan boekpresentaesje op 'e lêzers/keapers. Dat soe dan bliken dwaen moatte út harren binadering fan in tal foarmjowingsfasetten dy't fierderop yn skemafoarm wurdearre of signalearre wurde. Hjirûnder wurde de skema's neijer forklearre.
| |
Foarmjowings-fasetten dy't yn de skema's wurdearre binne (skema 1 en 2)
A | Op de kop ôf 100 boeken ha ik yn 'e Provinsiale bibletheek en it FLMD bisjoen, foar it greatste part romans, fersebondels en berneboekjes. |
B | Op alle omslaggen stiet de titel. De skriuwersnamme is weilitten op ‘Peins’, ‘Rymenûnrym’, ‘Konflikten’ en ‘Sipke en ik’. |
C | Yn 13 gefallen wurdt de útjowersnamme net neamd, meastentiids omt it boek yn eigen bihear útjown is. |
D | Alle boeken binne fan nei jan. '70. |
E | Op de rêch fan in boek stiet faek neat omt dy rêch dêrfoar to smel liket, hoewol: it kin gau ha'k sjoen. Op ‘Befke’, ‘Dûmnys twilling’ of ‘Boartlik boartskipje’ bgl. hie it wol kind. |
F | Hjir ha ik de koarte stikjes oer de ynhâld of oer de skriuwer op it each. Mei hwát der stiet ha ik my net dwaende hâlden en ek net mei de fraech oft
|
| |
| |
| der net mear ynformaesje oer papiersoart, lettertype ensfh. op of yn it boek moat.
Yn 17 boeken stiet by de ynformaesje ek noch in fotootsje fan de skriuwer/skriuwster. |
G | Hurde kaften binne der tsjintwurdich net sa'n soad mear, de KFFB brûkt se noch it meast. |
H | Nei myn bitinken soe it wolris sa wêze kinne dat it feit oft in omslach fan dof of glêd papier makke is in sekere ynfloed hat op de adspirant-keaper. As ik tominsten nei mysels rekkenje dan ha ik leaver in dof omslach, fral omt it papier meastentiids moaijer is. Mar ik wit fan oaren dat se fan glêd hâlde (in ekster hat ek graech blinkerdingen). |
I | It is opfallend dat der safolle yllustraesjes op omslaggen fan fryske boeken makke wurde (fotoos, tekeningen, lino's ensfh.), 93 fan 'e 100! Fan de 7 sûnder yllustraesjes litte bgl. ‘Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele’ en ‘Rymenûnrym’ (ôfb. 1) sjen dat der mei in pear kleuren en allinne letters moaije omslaggen levere wurde kinne (dúdlik, goed op 'e side, net rommelich, kleuren goed byinoar socht). |
J | Eigentiids soe ik dy yllustraesjes neame wolle dy't harren ophâlde yn de kunsthistoryske ûntjowing fan hjoeddedei. Gjin plaetsjes dus, lykas dy de ieuwen troch fan tekenjende skoalmasters ensfh. makke binne, mar bylden dy't kwa technyk en foarmjowing in delslach binne fan hwat der yn de byldzjende kunst dwaende is. As foarbyld fan dit lêste kinne wy it omslach fan ‘Ljippeblommen’ (ôfb. 2.) nimme, tekene troch Karst Zwart. Opfallend binne ek ‘De âlde en de leave hear as lead om âld izer’ mei fotoos fan Jan |
1
2
3
| |
| |
| Stroosma, en ‘Jo hawwe myn kleijen yn dounsjen foroare’ mei fotoos fan J.D. de Jong (ôfb. 3), en it beamêftige figuerke op ‘Wylde ierdbeijen’ (ôfb. 4). Hjir foaroer steane omslaggen lykas ‘Hwa moat ik leafhawwe’ (ôfb. 5.), en ‘Stjerrende wier heite’ (ôfb. 6.). Slappe ôftreksels fan 'e wurklikheit en dêrby technysk houterich en knoffelich útwurke. Ek de foto op it omslach fan ‘Dumnys twilling’ (ôfb. 7.) sjocht der to saei út.
It skema lit in protte net-eigentiidske yllustraesjes sjen. Neatsizzende buorkerijkes, mountsjes, tuorkes en lânskippen. Fan de 48 boeken fan nei jan. '70 op de útstalling oer de KFFB yn it FLMD telde ik bgl. 8 omslaggen mei buorkerijen. Allegear fan itselde soarte. |
K | Dúdlik ôfwikend fan lingte: breedte = ±1½: 1, of opfallend lytser of greater as de measte boeken. |
LM | Horizontael is evenwidich oan boppe- en ûnderkant fan it boek. Dat in sa'n great part fan titels en skriuw(st)ersnammen horizontael printe stiet, hat my einliks net forwûndere. Yn it skema ha ik my dan ek mar net ôffrege of titel en namme skean, roun, yn in heale sirkel, fertikael ensfh. printe binne. Opfallend is ek dat de letters meastentiids netsjes êfterinoar op ien streep steane. ‘Dounsjende’ letters lykas dy op it omslach fan ‘Op libben en dea’ kaem ik by de 100 bisjoene boeken hast net tsjin. Dochs binne se dúdlik op in ôfstân! Ek forskillen yn letterkleur, -dikte, -soart ensfh. yn it wurd of rigel sjocht men net. Dit binne sa mar hwat mûglikheden dy't my yn't sin sjitte.
(skema 3 en 4) |
N | Lokkich is der sichtber tekene en/of skreaun (letters) op it omslach fan 19 |
4
5
6
| |
| |
| boeken. Mar de kwaliteit is somtiden min. Sjoch bgl. ‘Loft-lân & sé’ (ôfb. 8.) ‘Ik haw dyn toskfleis fruchtber makke’, ‘Ynfersen’ en ‘Spegelbyld’. De ûnderwizers meitsje hjir gjin bêste yndruk. Jo kinne se wol wurdearje om hwat se op it omslach doare to setten, mar it moat wol lêsber bliuwe (Josse de Haan) en net sa rûch en hastich opsetten wurde (Kaspersma). |
O | Hjir bidoel ik, dat namme, titel en útjower net ticht ûnderinoar stean, mar de namme bgl. boppe en de titel yn it midden of ûnderoan, of in oare kombinaesje dy't in great part fan it fjild brûkt.
By it bisjen fan de boeken ha ik faek tocht: hwat in minne komposysje is der dochs fan makke. De titel en namme binne sa to sjen faek mar hwat by de yllustraesje plakt. Foarbylden: ‘Stjerrende wier heite’ (ôfb. 6): De kleuren binne goed op inoar ôfstimd (giel, ljocht- en donkerbrún) mar de wurden binne sa ûnderinoar setten dat it saekje driigt om to kipen. Sjoch fierder ek ‘De neidagen fan in keamerhear’, ‘Skytskoarje’, ‘Ynfersen’, ‘Bûten it skûlliif’, ‘Oant de dea dur op folget’ ensfh. |
P | Mar 19 boeken mei in ynhâldsopjefte! |
Q | Guon boeken ha gjin vignet omt se yn eigen bihear útjown binne.
Hwêrom brûkt de KU safolle forskillende Q's? Se steane der dochs foar deselde útjowerij? It tekeninkje fan 'e Cumulusrige is dochs ek altiten gelyk? En hwêrom brûkt Alternatyf har vignet net ris hwat mear? |
R | Skreefleaze tekst (binnenwurk). Ik bidoel net de titels, nammen en oare koarte stikjes, mar flinke stikken tekst op syn minst. |
S | Fral yn inkelde boeken fan Alternatyf foun ik de tekst net altiten moai op 'e siden stean. ‘It moaiste famke fan Antarctica’ hat bgl. neffens my to min |
7
8
9
| |
| |
| wyt om 'e tekst, dat makket de siden toar om to lêzen. ‘Boef fan Rys’ hat somtiden deselde kwael. Yn ‘Finster op Helgolân’ stiet hjir en dêr de tekst to fier nei links. Yn ‘Glêzen brêge’ rint it fers - glim fan herkenning - ûnder fan it papier ôf. Inkelde fersen fan ‘Reade runen’ (ôfb. 9.) ha dat ek hiel dúdlik. It liket oft der ûnderoan stikjes fan de fersen ôfsnien binne. It boekje hat oars in deagewoan smoarch omslach fan Josum Walstra. In moai boek, hwat dat oangiet, is ‘Ljippeblommen’. Under de tekstblokken is in flink stik wyt oerlitten en de titels fan 'e forhalen krije in hiele side. It boek sjocht der hielendal forsoarge út.
Der falt ek wol hwat to sizzen fan de grizigens fan 'e tekst yn in protte boeken. To griis binne meastentiids stensille wurkjes: ‘Multipleks’, ‘Spegelbyld’, ‘Bonifasius’, ‘Hipokrisie’. Mar ek ‘As in lyts baeske’, ‘Forneukte stêd’ en ‘It moaiste famke fan Antarctica’ bgl. ha grizige teksten. Dat wol net sizze dat yn de oare boeken moaie swarte letters steane. |
T | Wyt kin hjir ek wytêftich wêze. It is ek noch sa dat der to faek min papier brûkt wurdt, mei in soarte krantepapierkleur. Foarbylden: ‘Deaden skrieme net’ en ‘De moard op kromherne’. |
U | Yllustraesjes: Lino's, fotoos, tekeningen, skilderijen ensfh. |
V | Mei eigentiids wurdt hjir itselde bidoeld as by J, sjoch dêr.
Yn tsien boeken binne yllustraesjes eigentiids seit it skema. Nou ha ik wol myn twivels hjiroer, hwant lang net al dy yllustraesjes fan it binnenwurk fyn ik echt eigentiids. Jan Stroosma kipet der út mei syn fotoos yn ‘De âlde en de leave hear...’ en ‘Op libben en dea’. Ek inkelde tekeningen fan Joop Huisman yn ‘Ferstekeningen, tekenfersen’. Bgl. de tekening op 'e |
10
11
12
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| omslach en op de siden 25, 33 en 35. Mar in oar part komt oer as in flakke brij fan lijntsjes, sûnder nijsgjirrigens, bgl. s. 31. |
W | Hjir giet it my om de aktiviteit fan de skriuw(st)er sels. Op himsels is dat oan to moedigjen, mar dan moat it better dien wurde as it rommelige, faek to grize (eigen?-) wurk fan Josse de Haan yn ‘Bonifasius’ en ‘Spegelbyld’. En better as Jelle Kaspersma yn ‘Loft-lân & sé’ E.S. de Jong op ‘De moard op kromherne’. Jelle Kaspersma wurket to hastich en liket gau tofreden, E.S. de Jong hat in hwat ‘bernige’ tekening makke. |
X | In foarbyld fan dúdlik persoanlik skrift is dat fan Harm de Vos, bgl. to sjen yn 'e útjeften fan Kreamune (ôfb. 10.).
In min foarbyld is it skoalse skrift fan Jelle Kaspersma yn bgl. ‘Loft-lân & sé’, wierskynlik basearre op in skriuwmethoade fan foar de oarloch. Yn elts gefal to min foar in boekje. |
Y | Der binne mar in pear boeken dy't in idé fan in searje jowe: ‘Skiphok’, ‘Riemersma 2’ (ôfb. 11.), ‘Ierlitte’ en foar in part heart ‘Mosken en goaden’ dêr ek ta. De foarm fan 'e boekjes is gelyk oan de measte boeken fan 'e Cumulusrige. De omslaggen binne resp. read, griis, brún en ljochtgrien. Op alle fjouwer stiet in teken yn resp. brún, gielgrien, readbrún en donkergrien. ‘Mosken en goaden’ forskilt fan de oare trije troch in oare bilettering op it omslach. Yn alle boekjes binne de fersen djipswart printe op felwyt papier. Spitich dat dit bigjin fan in searje net better fuortset is: De boekjes binne net fuortendaliks efterinoar forskynd, boppedat giet it om in to lyts tal. |
Nei myn bitinken binne searjes as sadanich to herkennen troch bgl.
- | selde foarm fan in stikmannich boeken en/of |
- | selde yllustraesje(s) en/of |
- | selde omslaggen en/of |
- | selde bilettering en/of |
- | selde skriuw(st)er en/of |
- | selde vignet en dus selde útjower en/of
selde ynhâld, lykas poësijesearje, berneboekjes. |
forskining ridlik gau êfterinoar en |
bistean út op syn minst in 5-tal boeken. |
|
| |
| |
| |
Konkluzjes:
● | Utjowers, boekforsoargers en skriuwers moatte nei myn bitinken kritysker wêze yn harren kar fan yllustraesjes. (sjoch J.V.) |
● | Lit ek net to faek deselde minsken byldzjend wurk meitsje, fral net as it hwat knoffelich (Jaep Halma) to stereotyp (Jan v.d. Bij) of to rommelich (Jelle Kaspersma, Murk van Stralen, Josum Walstra) dien is. |
● | Der hoecht oars op élts omslach gjin yllustraesje! (sjoch I). |
● | Der soe folle mear omtinken jown wurde moatte oan de komposysje fan tekening en letters op it omslach, goed gebrûk fan it flak, passende kleuren ensfh. |
● | Der kin folle mear fariaesje brocht wurde yn 'e pleatsing fan rigels (op it omslach) en de letters yn dizze rigels, de soarte- en greatte fan de letters ensfh. (sjoch L.M.N.O.) |
● | Faeks soe men op mear boeken ynformaesje oer skriuw(st)er, ynhâld (+ fotootsjes?) printsje kinne, leafst sa saeklik mûglik. (sjoch F.) |
● | Op 'e rêch fan alle boeken soe, as it kin, de titel, skriuw(st)ersnamme ensfh. stean kinne. (sels boekhannels sette faek harren boeken mei de rêch nei de keapers) (sjoch E.) |
● | Mear fariaesje yn boekfoarmen, fral as it giet om bysûndere boekjes (bgl. Rymenûnrym) (sjoch K.).
Tagelyk kinne by searjes in stikmannich boeken deselde foarm krije. |
● | Yn folle mear boeken moat fansels in ynhâldsopjefte. (sjoch P.) |
● | Konsekwinter gebrûk fan vignetten; yn deselde foarm, mar ek faker. (sjoch Q.) |
● | It papier fan de blêdsiden hoecht dochs net altiten wyt to wêzen, en dy minne papiersoarten kinne faeks ek wol oars. (sjoch T.) |
● | Men hat yn Fryslân tinkt my to min oan searjes dien en ek net konsekwint genôch. (sjoch Y.) |
● | De kwaliteit fan skrift yn boekjes is meastentiids fierstento min. Printsje it dêrom leaver, of lit it dwaen troch in fakman. (sjoch X.) |
● | De tekst fan it binnenwurk kin yn mear fariaesjes printe wurde (bgl. yn mear kolommen, lykas ‘De moard op kromherne’ dat hat). Mar it wyt fan 'e blêdside moat wol ta syn rjocht komme. (sjoch S.) |
● | Skreefleaze letters brûkt men noch to min. Fral as se great en swart printe binne sjogge se der prachtich út, lykas yn ‘De âlde en de leave hear as lead om âld izer’. Foar allinne titels, nammen ensfh. dogge se it faek ek goed, lykas op ‘De rook fan mesjester’ (ôfb. 12.) en ‘Lampefryske forhalen’. (sjoch R.) |
|
|