Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 114]
| |
[Nummer 3]A. Feitsma
| |
[pagina 115]
| |
by har faeks field as har gloarjetiid). It spesifyk-fryske, en dus ek de âlde fryske tael, krige dêrby faeks noch stipe fan it stribjen om de fryske selsstannigens to biwarjen. Der moat mei oare wurden sprake west ha fan in fryske identiteit dêr't de âlde fryske tael in part fan wie. Fryslân wie ien fan de sawn (souvereine) gewesten; de namme - en dêrmei it bigryp - frysk wie bikind en erkind. Op groun dêrfan krige Fryslân syn identiteit, yn it ramt fan dy identiteit koe de âlde fryske tael in rol spylje en koe ‘de fryske literatuer’ ûntsteanGa naar eind5.. Ik nim mei oare wurden oan dat it ûnderskieden fan in tael gearhinget mei en ôfhinget fan it bistean en bikind wêzen fan in namme en dus in identiteit foar de groep dêr't dy tael by heart. In aparte literatuer ûntstiet inkeld yn sa'n erkinde tael. Dêrfandinne dat de ‘fryske literatuer’ yn Nederlân in navenant ier forskynsel is. Myn hypotese datoangeande sil nammers toetst wurde moatte troch forliking fan de fryske literatuer mei oare ‘lytse’ literatueren en binammen ek mei ‘dialektliteratueren’. Dy lêsten lykje har greate kâns to krijen yn de 19de ieu as de bilangstelling foar de net-erkinde folkstalen opbloeit. Om wer op it 17de ieuske Fryslân werom te kommen: de skriuwers dy't it frysk foar kar nimme, dogge hwat ûngewoans, mar passe oan de oare kant dochs wol yn har tiid en formidden, mei't se op har eigen wize in bydrage leverje oan de forsterking fan de fryske identiteit. Hja binne mei oare wurden perfoarst gjin revolúsjonairen omt se frysk skriuwe. Hwat wy witte fan Gysbert Japiks b.g. tsjut op hiel goede relaesjes fan de dichter mei it establishment: hy korrespondearret mei Fryslâns historiograef S.A. Gabbema dy't er ‘Mijn Rijm-Faems Moecenâtsch' stijp-balcke’ neamtGa naar eind6. (hwat moatte wy ús dêr konkreet by foarstelle? wie der yn Nederlân (en yn Fryslân) doedestiids hwat dat op in Maecenaet like?); hy skriuwt fersen ta eare fan minsken en ynstânsjes dy't doedestiids yn eare wiene; syn Rymlerije útfierd en ynboun sa't dat in wurk fan literaire alluere past - stiet yn hege eare, binammen by adel en hegerein. De útjefte fan 1668 wie yn 1681 útforkoft, en hat faeks ek kommersieel wol út kinnen. De Gysbert-forearing by de femylje Vegilin van Claerbergen ha wy dúdlike biwizen fanGa naar eind7.. Gysbert Japiks is gjin revolúsjonair, hy sjocht himsels net sa, en oaren biskôgje him likemin as sadanich. It wurk fan Gysbert Japiks heart dúdlik by de ‘gruppenkonforme’ literatuer. Miskien meije wy dochs noch in spesifike trek yn it wurk fan Gysbert Japiks ûnderskiede. Gysbert Japiks biskriuwt de boer as gelikense. Wylst yn de nederlânske literatuer fan syn dagen de boer meastentiids (mei troch syn dialekt) as sadanich karakterisearre en apart set wurdt, is de boer by Gysbert Japiks gewoan en fanselssprekkend as minske yntegrearre yn it forhaelGa naar eind8.. Dat de lof fan de boer yn de nederlânske literatuer fan dy tiid wolris bisongen is, is op himsels noch gjin tsjinargumint tsjin ús hypotese. Yn dy fersen wurdt de boer as moreel foarbyld eksplisyt as sadanich neamd en apart setGa naar eind9.. Vergilius yn syn Bucolica en Georgica en Horatius yn syn Beatus ille hiene yn de âldheit de lof fan de boer en/of it libben op it lân bisongen Dy tradysje fine wy yn de nederlânske literatuer fan de 17de en 18de ieu ek wer, mar dêr giet it mear om in idéalisearre byld fan it libben op it lân as om boeren sa't se doe ‘wier’ libbe ha (pastorale, hofdicht, hardersroman; de pastorale en eleminten fan it hofdicht komme ek by Gysbert foar)Ga naar eind10.. Dat hat allegearre noch net it measte to krijen mei de yntegrearre rol fan de boer by Gysbert Japiks yn in stik ‘fiction’. Tichter dêrby komme guon | |
[pagina 116]
| |
‘boereklachten’ út de nederlânske literatuer fan dy dagenGa naar eind11.. Yn dat forbân spilet fansels in rol dat de tael fan Gysbert en fan de boer deselde is. Dêrtroch wurdt de mooglikheit fan taeldifferinsjaesje folle lytser. De kar fan it frysk as medium is hjir - al of net bidoeld - meibiskiedend foar de foarstelling fan de sosjale forhâldingen. Is hjir sprake fan in hwat ‘demokratisearjende’ ynfloed fan it frysk? Of moatte wy it earder oarsom sjen: dat de boerestân yn Fryslân navenant heech yn oansjen stie, en dat dat krekt ien fan de faktoaren is dy't in ‘fryske literatuer’ yn dy tiid mooglik makke ha?Ga naar eind12.. Hwant, nochris wer, Gysbert Japiks wie der net op út om de maetskippij to herfoarmjen, en it liket derop dat er oer en tsjinoer ‘hegere’ persoanen ek in ‘hegere’ styl brûkt, alhiel konform, mei men oannimme, oan de literaire tradysjes fan syn dagen. De minime fryske literaire produksje út de 17de en 18de ieu folget nammers oer it algemien tige sekuer de greate stream fan de net-frysktalige tradysje út dy dagen. En it is in hiele toer om, bûten de tael, hwat eigens yn dy tradysje to ûntdekken. De frysktalige almenaktradysje b.g. liket de moade-trends fan de netfrysktalige almenak-tradysje yn Fryslân aerdich to folgjen. Der is nei alle gedachten mear forskil tusken de almenakken yn en dy bûten Fryslân as tusken de frysktalige en de net-frysktalige almenakken yn Fryslân. In stik as Mayke Jakkelis Oprieugte Wierheid (1779) b.g. mei yn it ramt fan de fryske tradysje in tige ûnforwachte forskining wêze, as wy it biskôgje yn forbân mei de net-frysktalige almenakjes yn dy tiid, wurdt it ‘nije’ elemint yn dat stik in hiel ein hinne ynperkeGa naar eind13.. Salang't it tsjindiel net biwiisd wurdt, moatte wy der mei oare wurden fan útgean dat de fryske literatuer fan de 17de en 18de ieu in tige biheinde en brokstikeftige wjergea is fan de net-frysktalige literaire tradysje. Uteraerd kin dizze globale ûnderstelling net it lêste wurd oer dizze saek wêze en is der noch gâns ûndersyk nedich om it plak fan de fryske literatuer fan foar 1800 yn syn eigen tiid neijer to biskriuwen. Op groun fan it foargeande soene wy oannimme kinne dat de motivaesje ta it frysk skriuwen leit yn in bining oan de fryske identiteit dy't net eksklusyf is foar de frysk-skriuwers. Sûnder sa'n bining sil de kar foar it frysk net sa maklik dien wurde. Faeks dat der by Gysbert Japiks ymplisyt ek noch in stikje solidariteit mei de fryskpratende boerestân meispilet. Mar dat is lang net by alle auteurs to fornimmen. Ek yn dat opsicht folgje de measten de bisteande tradysjes yn de net-frysktalige literatuer: hja stribje nei hege literatuer yn hegere styl en symbolisearje dêrmei in soarte fan kultuer-ideael foar it frysk en/of hja skriuwe foar it folk en oer it folk, en dan sette se gauris de boerebifolking apart as in hwat rûch en net botte wrâldwiis folkje. Yn dat lêste gefal sette de auteurs harsels dochs wer dúdlik op in fuotstik, der wurdt ôfstân nommen fan it fryskpratende boerefolkje. Sjoch b.g. de gelegenheitsfersen fan Everwinus Wassenbergh. Yn hoefier't ds. Jan Althuysen (1755) itselde bidoelt yn syn foaropwurd fan syn Rymlerije dat him rjochtet ta trije fryske eallju en dat him ôfset tsjin de bineaming ‘boersck’ foar de eigen tael, is min to sizzen, mar op himsels net ûnmooglik. En datselde jildt foar in utering fan Simen Althuysen yn 1734 dat er ‘out nen boere stamme’ is. Fan it sosjale fuotstik fornimme wy folle minder yn de wurken dy't wy mei mear of minder wissichheit taskriuwe oan Feike van der Ploeg. Yn syn Mayke Jakkelis spilet in krityske humor oer minsken en tastannen (út de aerd fan de saek gauris | |
[pagina 117]
| |
yn it boereformidden) de bilangrykste rol. Mar it giet yn dat stik om minsken, net om boeren. Yn de Tankbre Boerezoon wurdt it boereformidden dan wol net fan in soad biskaving en kunde forsjoen, mar dat wurdt ryklik oerhelle troch de parody op de deftige heechlearaer en de allyksa nei biskaving stribjende skoalmaster. Wy meije út de krityske toan fan Van der Ploeg lykwols noch net konkludearje dat Van der Ploeg yn tsjinstelling ta oare fryske skriuwers al op it establishment tsjin is en op in oare maetskippij oan wol. De krityske toan is eigen oan de almenaktradysje dêr't hy yn wurket, en yn safier neat gjin nijs. In prinsipiëlere bidoeling fan dy krityk blykt net út it wurk sa't dat foar ús leit. De biografyske gegevens oer Van der Ploeg wize forskillende kanten út. Yn de 70-er jierren siet Van der Ploeg yn jildneed; almenakjes wiene kommersieel sjoen ornaris in lukrative saek; dat it leit yn 'e reden dat Van der Ploeg syn skriuwen derop rjochte is om syn publyk net tsjin it hier yn to striken. Oan de oare kant is Van der Ploeg net de biwende paden lâns gien yn syn libben: mei fanwegen drankmisbrûk wurdt er yn 1780 skorst as menniste preker yn Dokkum, in jier of hwat letter set er ôf nei Amsterdam en lit er frou en bern yn 'e steek. Bihalven mennist is er ek patriot. Dat soe wer pleitsje foar opposysjonele tendinzen yn syn tinkwize.Ga naar eind14.. Hoe't dat ek wêze mei, yn earsten liket der gjin reden to wêzen om Van der Ploeg syn almenakwurk ‘gruppenkonträr’ to neamen. De maetskiplike rangen en stannen bliuwe moai to plak, al wurde se dan ek omraek bigekke en bikritisearre. Van der Ploeg is kritysk yn in ‘gruppenkonform’ ramt. It frysk ûntbrekt net alhiel yn de patriottyske skriftueren (binammen in pear gearspraken) oan de ein fan de 18de ieu. Fan in trochbraek of fan in oare sosjale kontekst fan it frysk yn ditsoarte stikken is lykwols gjin sprake. Wol is dúdlik dat der net allinne oranje-fersen dichte wurde kinne yn it frysk, mar dat ek de patriottyske rjochting diel hie oan de fryske identiteit, net allinne as it om de fryske frijheit gie mar ek as dy him utere yn de fryske tael. Brulloft of komst fan in oranje-prins hie yn de 18de ieu gauris oanlieding west ta navenant frijhwat fryske fersen. Ek yn Noardfryslân binne fan datsoarte gelegenheitsfersen yn it noard-frysk foar de deenske kening biwarre bleaun. Wiene sokke fersen yn de tael fan it gewoane folk bidoeld as in ekstra utering fan tagedienens? Of wiene de greate folksfeesten dy't it gefolch wiene fan sokke feiten, gaedlike oanliedingen foar fersen yn de tael fan datselde folk? En fungearren dy dan as formaek foar it folk of oer it folk of fan beiden? As wy Eelke Meinerts leauwe meije, dan bitearde it mei it publyk foar sokke stikken wolris oars as de skriuwer it bidoeld hie. Hy hie syn Volle gelok en wolkomst winsk ornearre foar de gewoane man, mar de oansjenliken hiene it lêzen. Wie de taelideology fan in boppelaech de wichtichste motivearring foar it lêzen fan in stik yn it frysk, hwat it dan ek wêze mocht? Moatte wy foar dy tiid rekkenje mei in net-differinsjearre lêzerspublyk foar alles hwat frysk is? Allyksa meije wy faeks deselde motivaesje foar de kar fan it frysk oannimme by alle frysk-skriuwers, ek by de skriuwers fan folksaerdige stikken dy't de boer net sa aerdich biskriuwe en him hwat op in ôfstân hâlde. De sosjale rangoarder en it sosjale weardesysteem binne konform oan dy yn de net-frysktalige literatuer en oan dy yn de bisteande oarder. Mooglike forskillen soene wêze kinne: in hegere wurdearring fan Gysbert Japiks foar de boer; mear klam op en status foar folksaerdige lektuer, omdat en foarsafier't er yn it frysk is; mear omtinken foar | |
[pagina 118]
| |
‘gewoane minsken’ (mar noch net foar it ‘legere folk’), omdat ek de skriuwers sels gauris by de middengroepen hearre, en foarsafier't dat net it gefal is, har mear by de tael en syn sosjale kontekst yn de eigen tiid oanslute. Oft de krityske toan fan in Feike van der Ploeg mear klam, authenticiteit en mooglikheden (of fordivedaesjewearde?) krijt troch it frysk, is min út to meitsjen. It lykje yn earsten mear lytse aksintforskouwingen to wêzen as prinsipiële forskillen dy't de fryske literaire produksje mooglikerwize ûnderskiede fan de net-frysktalige. It kwantum oan fryske literatuer yn de 17de en 18de ieu liket to lyts to wêzen om oan to nimmen dat der in ‘apart’ lêzers- en harkerspublyk west hat foar fryske skriftueren. Binammen de almenakjes, nederlânske sa goed as fryske, sille der by ‘it folk’ wol yn fallen wêze. Oft de frysktaligens fan in almenakje de saek oantrekliker makke hat foar it wenstige almenak-publyk is min to sizzen. Faeks spekulearret Seydel dêrop as er yn de L.C. fan 22 novimber 1777 advertearret mei in almenak ‘lykmallinne boers’, mar miskien hat dat birop noch wol safolle effekt hawn op de ‘taelideologen’ dy't ek Eelke Meinerts syn stik liezen. Hwat konkrete ynformaesje oer de lêzersrounte fan ditsoarte frysktalich wurk oangiet, sille wy wol net fierder komme as tafallige en ynsidentele fynsten, en op groun dêrfan faeks ris in hiele wiffe hypotese oer kommunikaesje en ynteraksje tusken skriuwers en lêzers. Nammers, ek hwat de nederlânsktalige folkslektuer fan dy tiid oangiet, sille wy wol net sa hiele folle to witten komme oan konkrete feiten. Yn dat forbân wolle wy der noch al op wize dat wy ús de útspraek fan dat nederlânsk yn dy tiid net to hollânsk foarstelle moatte. It sil op syn frysk, as in soarte fan stedfrysk, útsprutsen wêze. Nederlânsktalige almenakjes sille by de minsken fan it fryske plattelân oerkommen wêze yn in tael dy't har fan de eigen hegerein en fan de stedtsjers bikind wie. Sadwaende sil de tael fan de nederlânsktalige almenakjes har net alhiel ûneigen oankommen wêze. De fryske literatuer yn de 17de en 18de ieu, binammen Gysbert Japiks, sels ûntstien op groun fan in bûten-literaire ynstitúsjonalisearring, hat op syn bar de fryske literatuer ta in feit en in ynstitúsje makke dêr't de 19de ieu op fierder bouwe koe. Dat is op twa manieren bard: de lijn fan foar 1800 is fuortset (Wassenbergh en syn folgelingenGa naar eind15. en der is in nij bigjin makke mei foar Fryslân nije genres en nije idéen. Mei de Lapekoer fan Gabe Skroar fan de Halbertsma's (1822; twadde printinge 1829) bigjint de fryske folksskriuwerij. It toaniel fan hanneling is hjir as fanselssprekkend it boere- en doarpsformidden, en de boeren binne hjir, like fanselssprekkend, krekt as by Gysbert Japiks, yntegrearre yn it forhael as minsken, of better sein hja binne it sintrum, it útgongspunt fan it forhael. Dat de forhalen fan de Halbertsma's en fan de folksskriuwers nei har gauris ûntliend binne oan net-fryske foarbylden, docht oan dat prinsipe neat ôf. De útrinders (al of net karikaturael biskreaun, en gauris apart set troch har net-fryske tael) binne hjir earder figueren út de stêd of notabelen (in dûmny of studinten b.g.). De karikatuer is alsidiger wurden; dêryn en ek yn de krityske toan binne de Halbertsma's in fuortsetting fan Feike van der Ploeg. Mar de minsklike lykweardigens fan it boereformidden is hjir noch konsekwinter trochfierd. By de fryske folksskriuwers fan de 19de ieu wurdt it boereformidden winliken de noarm. Dêrútwei wurdt skreaun en de krityk wurdt gauris rjochte op de minsken bûten dat formidden. | |
[pagina 119]
| |
It frysk-eigene komt nei foaren as wearde: by in ynventarisaesje fan de tema's yn de bikindste lieten út it Frysk Lieteboek en it Nij Frysk Lieteboek (foar it earst forskynd yn 1876 en 1886) founen wy posityf wurdearre: de fryske frijdom, trou, ienfâld en skiednis, en de hurde Friezen; der wurdt oanstien op trou oan de fryske tael en oan Fryslân; der is ûnwennigens fan Fryslân en der wurde idyllyske biskriuwingen jown fan: bernetiid, soargeleaze jonkheit, folkslibben, feesten, natuer. Ien fan de redenen om fryske lieten to meitsjen yn de 19de ieu wie it stribjen nei minder rûge en obscene ferskes as doedestiids songen waerden. De lieten út de Lieteboeken ha dúdlik in opfiedend elemint en in biskavingsstribjen ynGa naar eind16.. De morael is wakkere gelyk oan dy fan de almenakjes fan foar 1800 (dy't yn de 19de ieu nammers noch gauris wer útjown wurde), en dat jildt ek foar de krityk dy't utere wurdt. Mar toan en morael út de almenaktradysje passe goed by de nije ideologyske boppebou fan positive wurdearring foar folkslibben en folkstael. Hja krije suver hwat in ekstra diminsje, mei't se stipe wurde troch in ideologyske rjochtfeardiging fan de eigen groep. By de deugden yn ús beide Lieteboeken hearre: hurd skrippen, ienfâld, trou; foar de frou yn it bysûnder de húslike deugden. As ûndeugden wurde nei foaren helle: moaipraten, ûntrou, frjemdsin, wylst de stêd it tsjin it deugdsume lân net hâlde kin. Dy moraelkode is net spesifyk frysk en ek net spesifyk agrarysk, hy komt ek yn oare literatueren foar, en tagelyk is er bisibbe mei de stereotype karakteristyk fan de boeremienskip dy't wy by Redfield fineGa naar eind17.. Yn hoefier bianderet de fryske literatuer fan dy dagen oan dy stereotype karakteristyk, en yn hoefier wykt er dêr fan ôf? It nije elemint is it op hege wearde setten fan folkstael, folkslibben en boereformidden. It frysk is net allinne in tael dy't yn de literatuer net genôch ta syn rjocht komt, it is winliken in tael dy't krekt bysûndere gaedlik is foar literatuer. De kar fan it frysk as literatuertael krijt in oare kleur, faeks ek in hwat oare motivaesje as earder wol. Hy bliuwt bysûnder, mar der komme hyltyd mear dy't dy kar dogge en de kwantiteit oan frysk wurdt greater. Wy moatte dêrby wol bitinke dat it tal potinsjele lêzers fan fryske skriftueren greater wurden is troch de forbettering en forbreding fan it ûnderwiis. De earste skriuwersgeneraesje fan de 19de ieu (dy fan it Gysbert-feest fan 1823 en fan de Genoatskip-oprjochting fan 1827) sit sosjael heger yn 'e beam as de twadde generaesje (dy't om 1844 hinne nei foaren komt). Fan dy twadde generaesje komme mar in pear út de bigoedige boargerstânGa naar eind18.. Dat soe in yndikaesje wêze kinne foar in sosjale forskouwing yn de ideology dy't efter de fryske literaire produksje sit. Mar is dat sa? De nije folkstael-ideology komt by de Halbertsma's al dúdlik ta utering, en it is net wis dat it (legere) middengroepkomôf fan de twadde generaesje gearhinget mei in ‘sosjaler’, ‘demokratysker’ ideology yn de fryske literatuer. Tekenjend is faeks ek it greate tal skoalmasters yn de 19de ieuske fryske skriuwerij, forlike mei it tal skoalmasters yn de hollânske literatuerGa naar eind19.. Mar bliuwt dat ûnderskie bistean, as wy de hollânske folkslektuer fan dy tiid yn de forliking bihelje? Ds. Joast Halbertsma wie in foarstanner fan de konstitúsjonele monarchy en woe it politike swiertepunt forlizze nei de middenstân. Yn Eolus syn antwurd hat er eksplisite krityk op de konservativen mar ek op de JakobinenGa naar eind20.. Mar yn hoefier en hoe jowt er implisyt stal oan syn eigen polityk-sosjael weardesysteem | |
[pagina 120]
| |
yn syn literaire produksje? In oare skriuwer út de earste generaesje, ds. Rinse Posthumus, dy't fûl tsjin de bisteande sosjale en maetskiplike tastannen protestearret, skriuwt oer ideële en sosjale dingen hast altyd yn it hollânsk. Hy kaem net fier genôch mei it fryskGa naar eind21.. Stie foar Posthumus as it nypte it frysk apart yn in romantysk-literair hoekje? Harmen Sytstra oppenearret him yn syn Wurd oan ús lânslju (1848) tsjin de greaten mei har kostbre libbenswize. De tiid brekt oan, sa skriuwt er, dat de oerhearsking fan bleate rykdom en adel in ein nimt; de folken wurde mounich, wysdom sil se stjûre. Harmen Sytstra yntegrearret de sosjale krityk yn syn frysknasjonale fisy, en hy komt dêrmei tichteby de progressive idéen en praktyk fan de dútske germanisten út it bigjin fan de 19de ieu. Harmen Sytstra wol foarút mei de naesjes om ús hinneGa naar eind22.. Mar yn hoefier blike dy eksplisyt utere idéen ek yn syn literair wurk? Hâldt Sytstra it yn syn Stedreisgers b.g. mei de arbeiders of mei de baes? Hjerre Gjerrits van der Veen heart mei syn sosjale idéen noch foar in great part yn it wenstige moralistyske tinkpatroan. Mar hy seach de saek dochs wol skerper en reeler as de measten yn syn dagen. En hy bisocht ek om der op in reële manier hwat oan to dwaenGa naar eind23.. Der soe ris neigien wurde moatte hokker plak oft syn sosjale ideology winhken yn syn fryske literaire produksje ynnimt. De drankbistrider Johannes Baarda striidt yn syn fryske skriften (± 1860) foar de ôfskaffing; ek yn syn ‘fiction’ sit in hiel stik eksplisite morael. Syn nijljochterijen passe hiel goed yn syn tiidGa naar eind24.. Skokkender as it idéalistyske wurk fan Baarda binne S.K. Feitsma zyn lettere sketsen (± 1900) ‘út 'e modder fan 'e maetskippij’, ‘út it ryk fan de earmoed’, ‘út de ûnderste lagen’Ga naar eind25.. Feitsma bisiket him yn to libjen yn de posysje fan de earmen en de wrâld to sjen mei har eagen. Yn hoefier is der by him sprake fan in ‘nij’ minskebyld/weardesysteem yn syn frysk litetair wurk, en hoe ha de lêzers dat oanfield? Deselde fragen kinne faeks steld wurde by guon oare skriuwers út de twadde helte fan de 19de ieu. Wy moatte dêrby hyltyd ûnderskie meitsje tusken twa dingen. Yn it foarste plak: hwer stiene de fryske skriuwers yn de roerige tiden fan it 19de ieuske Europa polityk en sosjael? Hja sille oer it ginnerael ûnder de ynfloed fan de Forljochting stean en mear of minder liberale en modernistyske opfettingen ha. Dy idéology sleat net sa min oan by de morael dy't wy út eardere fryske skriftueren kinne, en foarme faeks mei de hege wurdearring foar de folkstael in bilangryk part fan de bisieling of motivaesje foar de fryske skriuwerij. En yn it twadde plak: yn hoefier blykt der op sosjael gebiet hwat fan in soarte fan progressive idéology yn de fryske skriften fan dy dagen? It soe wêze kinne dat de middengroep dy't frysk skreau, krekt troch syn bining oan de âlde folkstael minder oanstriid hie ta maetskippijfornijing, en dat kin mei de lêzende middengroep fan 't selde west ha. Wurdt de fryske skriuwerij - en binammen de ‘fiction’ dêr't it hjir dochs alderearst om giet - inkeld wijd oan de âlde deugden, en woene de skriuwers har leaver net bisûndigje oan skok-effekten yn it sosjale? Hwant net allinne de morael ek de taelbifoardering wie doel fan de fryske skriuwerij. En yn guon gefallen sil ek de jildlike opbringst net sûnder bilang west ha. De boekjes moasten dus lêzen wurde. Wy meije oannimme dat de almenakboekjes fan Van der Ploeg vn de 70-er jierren fan de 18de ieu kommersieel in | |
[pagina 121]
| |
súkses west hawwe. Dat jildt noch sterker foar de Lapekoer fan de Halbertsma's, en yn dat sok sille ek oare fryske boekjes wol aerdich lêzen (en forkocht) wêze. It soe bêst ris wêze kinne dat fryske skriuwers har, mei it each op taelbifoardering en/of kommersy, hwat bidimme hawwe yn har (mooglik) hwat révolúsjonairder wrâldbyld. Wy moatte de ynfloed fan fryske lektuer, sang en letter ek toaniel yn de 19de ieu net ûnderskatte. Der sille net safolle kwantitative gegevens mear to efterheljen wêze, mar in ûndersyk nei dy kant fan de saek soe lykwols tige fan bilang wêze. Hoe leit it oanbod oan fryske boekjes, sangen, toanielstikken op 'e merk? En hoe dy oan winterjounenocht, toanielfoarstellingen etc.? En hoe forhâldde dy kwantiteit him ta it hollânske oanbod op dy gebieten?Ga naar eind26. Waling Dykstra hat in skoft lang mei it frysk (syn skriuwen en syn winterjounenocht) de kost fortsjinne. Sa't Van der Ploeg in ieu earder faeks bisocht hat om mei syn fryske almenakstikjes syn skulden út 'e wei to krijen. Dat seit dochs wol hwat oer it bilangrike plak dat de fryske folksskriuwerij yn de 19de ieu ynnaem. De breaskriuwer Waling Dykstra hâldt him net alhiel bûten de sosjale kwesjes. Hy kritisearret yn gearspraken eksplisyt de earmewet fan foar 1870. Mar yn de sosjale striid fan it lêst fan de 19de ieu docht Dykstra net to bot mei. Dochs wied er mei Oebele Stellingwerf de oprjochter fan it radikale Friesch Volksblad. Tekenjend is dat it fryske toaniel (biguon ± 1860 en mei, neffens Poortinga, in boargerlik-rasjonalistyske oarsprong) ek by goed sosjalistyske skriuwers noch in skoftlang alhiel yn de âlde moraeltradysje sit. Earst om 1900 hinne komt der op it stik fan de probleemstelling stadichoan hwat fornijing: der komme tendinsstikken foar sosjalisme, ûnthâlding en steatspinsjoen; ek it houlik komt as probleem oan 'e oarderGa naar eind27.. It liket derop dat yn âldere fryske literatuer de problemen fan de arbeider net sa faek sintrael steld en ‘prinsipieel’ sjoen wurde. De toan tsjinoer de godstsjinst (ortodoksy, byleauwe) is fandatoangeande folle frijmoedich-kritysker. It docht nammers hwat wûnder oan dat deselde skriuwers dy't sa'n krityk ha op it byleauwe, tagelyk staeltsjes fan dat byleauwe yn har wurk sammelje. Waling Dykstra jowt hiel hwat eksimpels yn syn twa dielen Uit Frieslands Volksleven (1895-1896). It kin wêze dat forhalen mei datsoarte fan stof der by de lêzers tige yn fallen binne, en dat de skriuwers dêrop ynheakken. De forkeap fan Dykstra's Uit Friesland's Volksleven is lykwols doedestiids gjin súkses wurden. Faeks wie de bêste tiid foar datsoarte lektuer doe alwer foarbyGa naar eind28.. De krityske toan op it stik fan it byleauwe en de prinsipiële distânsje fan de ortodoksy (gauris biskôge as in soarte fan byleauwe) paste wol by de nochtere morael yn de fryske skriuwtradysje, en it koe blykber lije by it lêzerspublyk. Faeks wie dat by de bisteande tsjinstelling tusken fyn en grou sels kommersieel wol in gunstige faktor. Op it punt fan de godstsjinst doarsten de folksskriuwers (Tsjibbe Gearts van der Meulen[...]) dúdlik mear as op it stik fan it sosjale. De fryske literatuer kaem fan en wie rjochte op de emansipearre liberale middenstân, en hat earst bitreklik let (en bitreklik ynsidenteel?) hwat mear feeling krige foar de emansipearjende arbeidersstân De fryske literatuer wie en is faeks meast in ynstitút fan de middengroepen, yn de 19de ieu inkeld fan it frijsinnige part, nou ek fan de konfesjonelen. It is de fraech oft de kwantitative bining mei arbeidersstân en intelligentia eins wol sa'n soad bitsjut, en dat soe wolris in bilangrike faktor wêze kinne foar de ideology dy't efter en yn de fryske literatuer sit. De bêste wurkwize sil yn earsten wol wêze om de fryske skriftueren út de 19de | |
[pagina 122]
| |
ieu ris op har sosjael weardesysteem en har sosjael engagemint nei to gean. De risseltaten fan sa'n analyse sille forlike wurde moatte mei lyksoartige analyses fan oare folkstaelliteratueren en mei nederlânske folkslektuer en literatuer. As wy oannimme dat de greate trend yn de 19de-ieuske fryske literatuer der sa útsjocht as wy dat hjir tige globael biskreaun ha, dan soe it nijsgjirrich wêze om binammen de ôfwikingen fan dy trend op to sykjen en to biskriuwen. Hoefier geane guon skriuwers ‘bûten har boekje’, hwat binne de gefolgen foar de kommunikaesje mei de lêzersrounte, en hwerom giet de skriuwer al of net troch op syn eigensinnich paed? De Jongfryske Biweging fan 1915 set him tige prinsipieel ôf tsjin de bisteande tradysjes yn de fryske folksskriuwerij. Dat komt ta utering yn de folle radikaler opfettingen oer it frysk, yn de literaire pretinsjes, en yn de tige forskillende en foar in part tige radikale idéologyen dy't yn dat formidden in rol spilen. Yn hoefier komme ut dy biweging ek radikale foroaringen yn de fryske literatuer fuort? Sjoen út ús tiid wei, en sjoen yn it ramt fan de nederlânske en europeeske streamingen ût it bigjin fan dizze ieu bylket dat literaire effekt winliken net sa bot, mar yn it ramt fan it fryske lêzers- en skriuwersformidden fan dy tiid, sil de ôfwiking fan it biwende patroan wol greater west ha as it nou, efterôf, liket. De grounslach waerd lein foar in greater differinsjaesje yn literatuer en yn lêzerspublyk. Yn de Jongfryske Biweging spile de taelstriid in sintrale rol, yn de literatuer oant 1940 is Fryslân en binammen it fryske boerelân - it dekor dêr't it barren yn literaire ‘fiction’ him gauris foar ôfspilet. Nei 1945 forset binammen Anne Wadman him tsjin it âldbiwende dekor en de fan âlds fortroude problematyk yn de fryske literatuer. Syn kritiken yn de Tsjerne en syn eigen literaire produksje yn proaza en poëzij jowe foar fryske forhâldingen hwat nijs. ‘It folk’ wurdt wer fierder tobekkrongen, it ‘literaire nivo’ konsekwinter as noarm steld, de problematyk mear ‘algemien-minsklik’, minder ‘frysk-eigen’, en de (tige neidruklike) ‘morael’ krijt in hiele oare kleur. De tsjintwurdige fryske literatuer is faeks net sa maklik to fangen yn ien bipaelde trend. It (yn positive sin) sintrael stellen fan Domela-oanhingers yn guon boeken fan Rink van der Velde jowt sa to sjen gjin argewaesje by it hjoeddeiske fryske lêzerspublyk. It kin wêze dat it sosjale engagemint yn de fryske literatuer akseptearre is, it kin ek wêze dat de ôfstân tusken skriuwer en persoanen út sokke boeken foar it gefoel fan de lêzer frij great is. Oare skriuwers lykje yn har wurk folle mear foar eigen forantwurding in ‘nije’ morael en in ‘nij’ minskebyld to bringen en to fordigenjen. Binammen in ‘nij’ sicht op 'e seksualiteit yn it ramt fan dat ‘nije’ minskebyld hat by in part fan it lêzerspublyk nochal hwat wjeraks oproppen. Hoe't dat ek wêze mei, minsken as Anne Wadman, Hessel Miedema, Trinus Riemersma (om mar m pear fan de dúdlikste foarbylden to neamen) wike op it momint dat har wurk forskynt, ôf fan it forwachtingspatroan fan ‘de’ lêzers. It soe wêze kinne dat dat forwachtingspatroan fan de frysk-lêzers, by alle forskouwingen dy't de tiid nou ienkear jowt, noch altyd wakker boun is oan de noarmen fan de middengroepen. Faeks stjit in fryske literator syn lêzersrounte gauwer ôf as in nederlânsken. En dat moat dan yn earsten mar de lêste hypotese wêze fan dit stik. Ik ha net de pretinsje dat alles hwat ik hjir ûnderstellenderwize nei foaren brocht ha, ‘wier’ is. | |
[pagina 123]
| |
Dit stik wol mear in oantrún wêze ta ûndersyk as in oersjoch fan hoe't it nou wier yninoar sit. Ik hoopje dat it as sadanich tsjinst dwaen kin, en oanlieding wêze kin ta krityk, oanfollingen en nije stúdzjes. |
|