Tichel wurk
Forslach fan in lezer (2)
Iemanssaekje
Dat it net in goede saek is dat ien man yn in organisaesje of bidriuw op eigen houtsje alle bisluten nimt, is eat dêr't men it hjoeddedei yn alle lagen wol aerdich oer iens is, tocht my. Hoefier demokratisearing gean moat, dat is in strijdpunt, mar dat der demokratisearring wêze moat yn it bilang fan sawol konsumint, meiwurker as produsint, dat is yn alle gefallen in akseptearre saek.
Yn Fryslân lykwols net.
Bart dêr dan dochs alles 50 jier letter? Welné, wy ha de Kooperatieve Utjowerij hwêr't elk lid fan wurde kin en sa meikedize kin oer it útjaen fan fryske literatuer. Wy ha it Skriuwersboun: elts kin him der by oanslute en syn stim útbringe oan-ge geande literaire saken en wy ha tydskriften, hwêr't men jins skriuwwurk nei ta stjûre kin mei in redaksje fan 3 oant 5 man dy 't in petear oangiet oer it opnimmen fan jins wurk.
Mar wy ha ek ‘Alternatyf’ in ienmanssaekje.
Ien baes yn 'e redaksje fan it literaire tydskrift.
Wy ha it sjoen: net genôch applaus en sjoch de baes heft it tydskrift op. Och, och hwat spitich. Nou fuort, dan bigjin ik mar wer: Nij Alternatyf. Wel ja, dat kin samar en de meiwurkers en abonnees binne sûch genôch om it allegear mar stil gewurde to litten(?)
Deselde man is ek baes fan in útjowerij mei deselde namme. En nou, fordomd, lês ikyn in brief fan Reinder van der Leest: ‘Hjirby myn nijste boek. OMT LYKLE JIM NET MEAR BOEKEN TASTJURT, DOCH IK IT FAN MYN EIGEN SKRIUWERSEKSEMPLAREN’. Men hâldt it net foar mooglik! Hwêrom stjûrt de hear Jansma Trotwaer gjin boeken mear? De oarsaek kin allinne wêze dat wy Reade Runen (Ella Wassenaer) weromstjûrd ha mei de meidieling dat nettsjinsteande de efterflaptekst wy fan bitinken binne dat it hjir in wjerprintinge bitreft en dat wy gjin wjerprintingen bisprekke en/of it bisprek dat ik fan de Alternatyf-útjefte Glêzen Brêge (jan de vries) jown ha. Dat De Vries dan as abonné bitanket is al ûnbigryplik, mar hwat Lykle Jansma hjir nou wer úthellet, fyn ik godgeklaegd skondalich!
Goed dat der in skriuwersboun is (...)
BARTLE LAVERMAN