| |
| |
| |
Tr. Riemersma
Vot is faai yn 't Ôdfriesk?
....sû mun seze. Mar ut vji 'm nóit slagge. Hij rûn veróm - smookkûpee - en stapte yn. Mun sû dur un ketier sónder matte kinne... Kû mun fonsels ek vól, mar mun vji te gemaksuchteg óm ut óp te bringen.
Hij skode de dwarren ta. Ut slot klikte net. Hij lûûk de dwarren fonenwar en kletste se fûûl ticht. Ja, no pakte ut slot. Hij rûn de kûpee yn en gyng sitten. Fwar sekstjen menútten is ut de mwóite net óm plak te sykjen. Jaut nammes ek neat, ut is oerol lyke vaarm en 't stjónkt oerol lyke bót.
Aigenareg dot ur ut net better besjen kû. Mun mûst oan 'e góng fon 'e train rûze kinne vêrt ur hôre sû, bij ut easte of bij ut twadde pjeltsje, mar hij rûûsde oltyten mis.
Jinnen se 'm dur mar nóit óp viisd dot de masynist oltyten krekt naist ien fon dy pjeltsjes mai blaue kostkes hôrt, don ji ur ut net vitten, en don ji ur 'm de kop dur net oer hûfd te brekken. Mun hat oas ol genôch oan 'e kop. Juns tinzen binne de godgônske dai tróch ol dwande mai hûndeten ónbelangryke dingen. Ut hat gjin doel óm duroer te prakkesearen en mun vurt dur deavurg fon.
Vot sû dy masynist aigentlek dwan bij dot kostke? Ut sain ómsettte? Hij pielt dur mai un kaike yn óm, dot ut sil vól sókssavot vêze. Mar vot kin 't ek skele, ol vól dy mon syn viif ek ópskilje, vot ur grif net dógt, mar ol sû ur, vot kû 't skele. Mun mat net fon olles problemen maitsje, mun kin olles lang net oan. Mun kin mar un pear dingen oersjen, en dêr mat mun jun ta behaine, en de rest ôsnije, oas vurt juns kop un rómmelsolder.
Dêr kaam de kóndukteur oan. Ut vji dy jónge fint mai dot flaaksbud. Dy vji dur mandytejûn ek óp 'e verómrais. Ji dus grif lette tsjinst fon 'e vyke. Nee, dot kin net klopje, vont dû gyng ik jelve achten út Ljauet vai, en no gón ik nai Ljauet ta mai de jelve achten, dot kin nóit, vont se sille dochs vól olle dagen.... Vot makket dot ferdómd ek út.
‘Retoer Ljauet,’ sai ur.
De kóndukteur helle un kaat út 'e bwósse en dykere dur óp óm. ‘Trije seksteg,’ sai ur.
Ja, dot vji ut ol un jelier, dot sû san mon no ek us vitte matte. Hij liet ut jild yn 'e kóndukteur syn hôn glide. Vêróm fynt mun ut aaklek óm syn hôn oan te raitsjen? Oanraitsingstabû - dêr hat un artykel oer stien yn Sekstant. Mar dot kin ollegjer neat skele,
| |
| |
dot is no ienkear sa, mun mat dur net oer tinke en net oer lêze, mun fersûpt yn 'e ynformaasje. Olhûvól, mun hat ut net bij olle kearels, sóms kin 't jun neat skele dot mun ien oanrekket. Ut sû mij ek neat skele kinne óm dy jónge un hôn te jan, dot net, mar ot myn hôn tafolleg synes rekket os ik him jild jau - mooi, mooi, punt, klear, út, óphôre....
Achtung Stufe.
| |
Achtung stufe
Dot vit ik no vól. Ik mat óphôre. Ik mat mij kónsintreare óp vot ik jûn mat, dot is teminsten nutteg. Fonsels is ut tiidfergriemen vot ik jûn dóg, mar dot jert no ienkear sa. Se sille vól mai un goed pion kómme, lykos olle jirren, en vij knikke ja en amen. Un pear ôdehoeren ôdehoer vot, dot dógge se ek olle jirren, mar dy binne yn 'e minderhyd. Lang libje de demokratsy, de diktatuer fon ut meartol! Se krije har sin net. Ik vól, dêróm bin ik freonlek, glimkje, fûstkje, knik ja en amen en fergriem myn tiid. Kófje óm 'e nocht, dot vól, en raiskostefergoeding. Mar dêr ha 'k neat oan salang't se myn gyronûmmer net ómthôre kinne. Stjoere se un sjek, don kin 'k óm trije seksteg nai 't postkentoar klwatsekje, ja 'k bin gek!
Vot is faai yn 't ôdfriesk? Hû kóm ik dêr no sa óp? Vêr prakkesjerre ik ains oer? Ljauet. Mar dur sit un got tusken. Fon dy fergadering nai faai, dot is un te grutte spróng, dêr mat vot tusken sitten ha, dot ik mij net mear yn 't sin bringe kin. Sels os ut assoasjatyf is, ja fonsels is ut assoasjatyf, logysk ferbôn is dur net, mar sels ut assoasjatyve ferbôn sjug ik net. Dur fôle samar gotten yn juns ómthôt, of meskjin tinkt mun vylst mun de kop dur net bij hat, mar dot is te gek fonsels, mun kin de healviiste dingen vól betinke, sónder dot mun ut yn 'e gaten hat, de gekste dingen, vylst mun net iens vit dot mun tinkt, tinkt mun gevoan fonolles bijenwar, de gekste dingen tinkt mun, dot is ómmes stróntgefaarlek, dot is ut ómmes. Os ik myn tinken net mear yn 'e hôn ha, os ut samar vot tinkt yn mij, dot is te gek ómmes, os ik net tink, va tinkt don yn mij, of vot don, dot is ómmes te gek. Ik mat tinke, en ik mat vitte vot ik tink, ut kin staregoan slimmer vurre, dot ik fonolles mar tink sónder dot ik ut yn 'e gaten ha, don kin ‘k vól gek vurre, dot is ómmes stróntgefaarlek.
De train stoppe. Drónryp. De train fon Ljauet siet net fólle yn.
| |
| |
Hij miende dot ur dy jónge kû, meskjin vji 't ek vól un oaren. De train glied fwót. 't Sû 'm vól net vest ha. Dur stapte un frómmes yn. Se hie un geelbrúnne montel oan, en brúnne súêde leaskes. Mar vot dógt ut durta. Mun vurt deavurg fon ut ópnimmen fon ollerhonde oerstollege ynformaasje.Se lûûk de doar ticht. Ut slot pakte net. Se gyng de oare kûpee yn. Dot dot mins net heart dot ut slot net pakt, dot begrypt mun net! Frôlje binne sa godslesterleke nónsjalont mai apperaten dyt mônlje óntvikkele hawe. Ut dóndert har neat, ut hat har gin switdrippen koste. Mônlje repareare de brut vól ver os sij ut rampooi makke hawe. Truttekûk. Vij mûsten ollegjer homofyl vurre en dy preutemeteut ut febryk ynstjoere, kûnnen se ómstean leare.
Vot is faai yn 't ôdfriesk? 't Hollônsk hat veeg, dot ut sil sókssavot as fach vest hawe. Ja, dot sû ut lûûdvetteg vest hawe matte. Mar dot is ut ferdómd net, ik haf ut lêzen, bij Fokkema, mar net yn 'e Fia-eth, ut vie un oar stik, yn E1 of E2, mar fach vji ut net, dur stie vot oas. Javis, lûûdvetteg sû ut fach vest hawe matte, mar dur stie vot oas. Mar vot don? Hû hiet dot stik dêrt ut yn stie? Gjin Fia-eth. Mar vot don ol? Ik ha dur twa stikken út lêzen, en noch un krûmmelstikje faaks, mar yn olle gefollen twa gruttere stikken, ut iene vji de Fia-eth en ut oare, dêr stie dy formúlle yn mai fach, of net fach, mar vól un vud dot dur óp lyke. Vot vji dot stik no ek ver?
Dur stapte un jónge bij him lôns mai un bwadskiptos. Dainem aansent. 't Kin ek neat skele vot faai is of vest hat. 'k Kin 't jûn vól ópsykje, os ik vól, mar 't makket ómmes neat út. Olinneg dot mun sa hud ferjit, dot is vól skonde. Mun hat dur oeren en oeren óp beolege óm ut duryn te krijen, en don san ienfôdeg vud os faai, dot vit mun nai un goed ier net iens mear. Ut stjit bij Fokkema ferdómd, ik haf ut bóppe, yn 'e kost. Mar 'k must ut bóppe yn myn hassens hawe.
De train begûn stareger te riden en haude. De dwarren stiene heal óp. Kommen tróch ut ôremjen, tink. Hie ur dy doar niis ek net heard? De kóndukteur fluite. Ains ónsin óm jir te hôren, dur vji gjinien út of yn stapt en vonear barde dot vól? De kóndukteur stapte yn en slûg de dwarren ta. Sa dógt un mon dot.
Hij ji ûgrysleke sin oan un gleske pils, dût ur de jûûns tsjin
Hij ji ûgrysleke sin oan un gleske pils, dût ur de jûûns tsjin tól- | |
| |
ven út 'e train stapte. Nee, hij gyng east mar net tús oan, fwót mar tróch nai de krûg. Minsken, vot un geôdehoer óm dy pear lûzzege hûndet gûnne, en dot gekrimmenear en dot kryterege gedóg. Sókke lju miene dot se oltyten achterút set vurre en oan 'e krapperain kómme, vylst se yn vêzen ut 'e rûmte tarre kinne, bij jun fergelyke. En ferdeold, se rêde ut ek noch óp, jir vurt vot óp begnibbele en dêr vurt vot vaiskwórd en dot dofke krije sij dur mooi bij. Un grynende ko kryt oltyt vot. Mun betellet postsegels en raiskosten fwar 't grutste pat út aigen bwósse en dógt un soat vurk óm 'e nócht en dy lju deklareare olles en olles en ride yn un graue auto en seure en sangerje don ek noch mar. En dot hyte don ydéalisten te vêzen dyt maienwar fwar de frieske saak stonne! Os mun X treft, don kletst ur oer Y, en Y rabbet oer Z, se binne stróntjaloesk óp en war, en se gunne enwar ut ljocht yn 'e êgen net. Ut hyt vot, ut lyket vot, mar ut is un krintekakkereg soatsje, dy hele frieske trûp, se binne ollegjer mai utselde sop oergetten. Mun mûst ol dy kearels mai de lullen oanenwar fêstknope os un rottekoaning en de see yn traapje.
Mar vot ferdómt ut mij aigentlek, salangt dur typmesynes binne en pepier, kin gin inkele pómmeront mij un poat dwas sette. Ot se de kanker krije of ut leplazeres of de hûndettûzen, ut rekket mij yn vêzen de kôde klean net. Mun vurt dur olinne stróntsiik fon. Mar dot spiel ik vól fwót. 'k Hie olve oere vól tús vêze kinnen en tsien oere ek vól, os dur even óp 't stik oan praat vji, mar dot erfleke vyldsjowege gejeremyear bij Dokkem óm nai Ljauet.... No ja, lit se baste.
Hij sette de tos ûnder de kapstok en hóng de jos óp. 't Vji godsijtank net drók, en de mesyk stie net sa lûûd. Hij groete en gyng sitten.
‘Pils?’ frege Abe.
‘Ja.’
‘Do hymest. Hud rûn?’
‘Ja,’ sai ur.
Hij vrjode de êgen út en gappe. East mar un fask sjekje draaie.
Hij ji ains ol fjistefólle smookt, mar ja. Mun stjert net fwar juns tiid, en sa ol, don hat mun ek gin argevaasje mear.
‘Asjeblyft,’ sai Abe.
Hij geat 'm ut glês healleeg yn 'e strôt. Jezus, vot kin mun dêr un sin oan ha. Hij die un pear halen oan ut sjekje en drónk ut glês
| |
| |
dû leeg. Hè-hè, dot siet. No vji de argevaasje fwótspield. Net mear oan tinke.
Hij sêg ut rychje bijlôns: Sjirk, Elza, Wibe, Wiinsen, Tytsje. Dy misten ek gin jûn, jinnen jir grif jóngen. Ut kaam noch us safier, don skeaten har de vwattels út 'e kónt en vûûksen se oan 'e kruk fêst.
Vot is faai yn 't ôdfriesk? Och jé! No bin 'k ut iene kwyt en don dûkt ut oare ver óp. Ot ut sa tróchgjit matte se mij skielk mai un hammer fwar de hassens slaan jert ik mij óntsponne kin. Faai is fach yn 't ôdfriesk, en os ut dot net is, don is 't vot oas, don is 't huppelepup of...of...of, 't kin neat skele vot ut is, ut is meskjin net iens oerlevere en oas mar ol, dur is dochs gin hassens dyt ôdfriesk kin, mun kómt mai ingelsk fólle fjidder. Vot is ut nammes yn 't ingelsk? Dot vit ik ek net, meskjin vól fay. Mar dot dóndert ek neat.
‘Pilske, Abe?’
‘Toast?’
‘Nee, mar vij matte dij maienwar ûnderhôre, no?’
Abe glimke. Lullege ópmerking fonsels, vot hat dot no fwar doel? Aigen ónfrede óp un oar ôréageare. Lytsbenneg no? Ja dokter, lytsbenneg, dêr ha jo gelyk oan dokter, mar ik vur sa stróntsiik fon olle truttekûkken en pymelmontsjes mai har titóphôderkes en sokóphôderkes en sekóphôderkes, ut baant mij de strôt út dokter en ut stekt mij de kónt út, ut sil vól ferkead vêze dokter, mar ut yntresjerret mij gin môlemoer ot ik net yn jo soasjaal pedagogysk ferontvudde fólvuksen taatsjevinkel leze mai. Ik hôr net fon taatsjes, ik vur dur vee fon, de mage keart mij óm. Ut kin mij net skele hût jo oer mij tinke, jo maatskiplek vurker-psychyater-dûmnysvinkeltsje bin ik gin klont fon. Ut hat gin sin dokter, ol jo geëamel, os ik ol net stróntsiik vji, sû 'k ut fon jo vurre. De bêste psychyater is ut kóndoom dokter, ut mwóit mij vól, vot jo útheve is móster nai de mjiltyd. Un hûn, dokter, un hûn skyt os ur skyte mat, en os ur syn sek slikje vól, don dógt ur ut, en 't kin 'm neat skele vonear en vêre. Ik vû dot ik sa vji. Un hûn, dêr gón ik fwar óp 'e knibbels, dêr gón ik bij lezen te janken óm myn aigen ferknipt bestean.
No mat ik dochs us besykje óm olles fon mij ô te setten, ik bin hyltyt yn 'e striid en yn 'e slag. Ik mat mij kónsintreare óp neat. Dur is deagevoan neat. Ik sit gevoan yn 'e krûg en sjug fwar mij út en sjug
| |
| |
| |
Asbch uralt
dot sjug ik en tink fjidder neat, ik tink olinneg vot ik sjug, ik tink net oan Ljauet, ferdómme, vêróm tink ik dêr no ver oan, ik vji ut ol kwyt, mar no bin 'k ut ver kwyt, ik tink neane oan, net oan vot faai is en net oan Abe, net oan Tytsje mai har tytsjes - flaue móp nammes, Elza harres binne mwaier. Sû un frau mai un mwaiere namme ek mwaiere bwasten ha? Yn oanlees fonsels net, dot is ónsin, mar un frau mai un sljowe namme fielt har fonsels ek sljower en os fonsels beginne har bwasten te hingjen. Dot kin vól útkómme; un neger begint him ek os un neger te gedragen ómdot ur óp un stuit óntdekt dot ur un neger is, dot is sa klear os un klûntsje. Dot is un genyale óntdekking, os ut teminsten ol net fólle jedder óntdutsen is en meskjin un veadeleaze óntdekking is. Un minske gedraagt him os un minske ómdot ur óp un stuit óntdekt dot ur un minske is. Net ut fait dot ur un minske is, mar dot ur vit dot ur un minske is, dot is slim, en dot is ains dochs vól ferdómd genyaal betocht. Mar ik sil ut vól nóit ferkeapje kinne. Ik kin 't olinneg slyte os ik dur vittenskiplek taatsjepraat fon maitsje, en dêr ha 'k helendol gin nócht oan, ik skyt ut vól óp 't bolvurk, vaat un noas hat, kin 't mar rûkke.
‘Mai 'k noch ien, Abe? Nim sels ek ien.’
Meskjin bljoot ur even stean te praten. Os ik praat, drók praat, kin 'k olinneg mar tinke vot ik sees, en don gjit ut oare meskjin fwót. Ik kin myn hassens dochs net stilsette, inkeld os ik sliep, meskjin stonne se don vól stil.
Abe sette un pilske fwar him del en naam syn aigen óp.
‘Sjug!’
‘Sjug!’ sai ur.
‘Hast nai Ljauet vest?’
‘Ja.’
‘Tocht ik, ómdotst de tos bij dij jist.’
‘Ja,’ sai ur. ‘Mun hat sa juns ferplichtingen.’
‘Hasto vot fon un óngemak fernómmen? Se sainen jir niis dot dur bij Dainem ien út 'e train fôlen is, of bij de train ópstood... Do hast mai de train vest?’
‘Ja. Nee, 'k vit dur neat fon.’
‘Va fertelde mij dot niis?’ sai Abe. Hij stie krûm fwaroer mai de jermtakke óp 'e bar en 'e hôn oan 'e hólle. ‘Va vji dot?’
| |
| |
‘Ik sû 't net vitte.’
‘Viinsenl’ sai Abe. Hij fjerre oerain. ‘Dot vjisto, Viinsen!’
‘Votte?’ frege Viinsen.
‘Do hast niis ferteld dot dur bij Dainem un óngemak vest hat mai de train.’
‘Ja. Hûno?’
‘Hókker train vji dot?’
‘De train fon goed jelve achten nai Ljauet. Dy is tsjin achten yn Dainem.’
‘Ja?’ frege Abe.
‘Ja,’ sai ur, ‘dêr bin ik mai riden.’
‘Neat fernómmen?’
‘Nee.’
‘Hasto yn dy train sitten?’ frege Viinsen.
‘Ja,’ sai ur, ‘mar 'k ha neat fernómmen.’
‘Sóks fernimst ek net. Se ha 'm fwót nai achten fûn, ha 'k heard.
Hij lai flak bij de oergóng. Se ha 'm nai 't sykenhûûs brocht. Hût ut fjidder is, vit ik net.’
‘Hij is meskjin út 'e train spróngen ómt ur de fyts pakke vû.’
‘'t Fytshok is oan 'e oare kônt.’
‘Ja, dot 's vier. No ja, ik vit ut ek net.’
‘Hij fertelt ut sels vól, os ur ver bijkómt,’ sai Sjirk.
‘Ja, òt ur ver bijkómt,’ sai Viinsen.
‘Fôlst fwót net dea,’ sai Abe. ‘Kinst vól vot brekke, mar dea bist fwót net.’
‘Ut hat syn útfollen,’ sai Viinsen. ‘Dóg se noch even fól. Hummes ek mar.’
Abe tape de glêzen fól en brocht se nai ut plûchje.
‘En ien fwar hummes. Asjeblyft, hummes.’
‘Tanke,’ sai ur. ‘Sjug!’
Viinsen murk ut net en hearde ut net. Siet ollang ver yn drók petear.
‘Drege fergadering?’ frege Abe.
‘No nee, net dreeg. Twar, drûg en ferfelend. Stóm geseur, vitst vól, sangerje en eamelje.’
‘'t Hast oltyt,’ sai Abe. ‘Ik kóm nóit eane mear. Olinne fwar de saak, don is 't saaklek, mar don rint ut noch faak út óp geseur en gekanker.’
‘Ja,’ sai ur, ‘'t skynt sa te matten.’
| |
| |
Elza ji vól un kreas kopke. Vól mooie earkes. En dy hols. Vól un areg famke óm dur us mai óp stap te gean, meskjin. Mar don mat mun dur vurk fon maitsje, en dêr ha 'k gin ferlet fon. Vurk genôch, mun fersûpt duryn. Mun stróffelt vól us oer un frau, en dy hat mun don fwar 't ópkrijen. En dy hûgt ek noch neat minder te vêzen os ien dêrt mun jun ut fel fwar fon 'e fingers skript. Olle frôlje binne yn vêzen gelyk, krekt os joadekûkken. Dy fon Albert Heyn binne lykegoed os dy fon 'e vaarme bakker. Teminsten, dot tink ik. 't Is jirren lyn dot ik un joadekûk hôn ha. Tús ieten vij se snaintemwaans bij de kófje. 't Vji un gwódkeap kûkje en dochs net sa skytereg os un moalkûkje. Jezus, vot un tiid. Mar mun vist teminsten vêrt mun ferlet fon ji. No hat mun olles, ut kómt jun de strôt út, safólle hat mun, en mun hat noch nea safólle ferlet hôn.
‘Vitst vot vij mûsten?’ frege Abe.
‘No?’
‘Vij mûsten ver us te fiskjen.’
‘Ja,’ sai ur. ‘Mar ut vaar mat east ópknappe. Ik vól mij net ver ferharje litte. Kinst de angel net mear beethôre en gin sjekje mear draaie óp 't lêst. 't Vaar mat east vot better vurre.’
‘Dot kin hud. De iene dai sait de oare net. 't Kin samar ómslaan.’
‘No ja, vij sjugge vól. Op un sneon of un snain?’
‘Ljest óp snain.’
‘No, lit ús seze: snain oer un vyke, os ut vaar goed lyket. Rekkenst ut even út? Ik vól nai hûûs.’
‘Vólst noch ien fon mij?’
‘Nee.’
‘Un lytskes?’
‘Un healen.’
Hij betelle en draaide noch un sjekje.
‘Net drók,’ sai ur.
‘No net,’ sai Abe. ‘Fon tsien oant tólven vji 't jir fól. In plûchje kwórbollers of tennissers, 'k vit n't krekt. 'k Ha 't even knap drók hôn.’
‘O. No kóm. Ik gón nai hûûs.’
Hij stie ol yn 'e ûnderbrûk dût ut him ver yn 't sin skeat. Vot is faai yn 't ôdfriesk? Os ik ut net ópsykje, sliep ik nóit, don mjelt ut mij mar tróch de kop. Hij lûûk de brûk ver oan en klwatsekke
| |
| |
nai bóppen. Hij naam Fokkema út 'e kost, ut vji E2 sêg ur. Hij gyng óp 'e rône fon un stoel sitten en blêde ut bûk tróch. Ut begûn mai de Fia-eth, mar dêr stie ut net yn. Hij socht de ynhôdsópjefte en gyng ut rychje bijlôns. De Emsinger Domen fon 1312, dot ji ur lêzen, don mûst ut dêr yn stean. Hij begûn te lêzen, ja ut kaam him bekind foar, jir mûst ut stean. Ut vji dur vól stjerrende kôd, hij kû ut bûk better mainimme nai ûnderen. Mar hij bijode sitten en lies fjidder. Dêr stie ut! hwersa hir en fath and en fretheles mon in en stride to dade slaijn. sa skelma hine mith fulla ielda ielda. Fath stjit dur, mar dot kin net, dot strykt net mai hollônsk veeg. Fretheles is nammes ek net goed, ut mat frethelas vêze, ea kómt fon lange a, dot kin nóit oas. Vot fwar kloatebûk is dut? Hij sêg ynienen nai de ferbetteringen ûnder oan 'e bledsyde - un heldere ynfol, un tebinnenbringen fon fwar oadelier dût ur mai dut bûk ómpield ji? Va sil ut seze, ut tinkproses is fwar un grut pat net nai te kómmen, ut gjit syn aigen vegen. 48 fath. l. fach. Het verschil tussen c en t is zeer klein.... God noch ta! Os ut ferskil don lyts is, printsje ut vud don goed ô en net ferkead! Vot hat ut no fwar sin óm un vud ferkead te printsjen os mun vól vit dot de skrjower vot oas bedoeld hat en dot ut vot oas vêze mat. Ut risseltaat is dot ut ferkeade vudbyld bij jun hingjen bljoot en dot mun jun un jûn lang de kop bryk prakkesjerret. Skrjo óp vot ut vêze mat en sijk net! Hij klapte ut bûk ticht en sette ut óp 'e
planke. Dy taatsjevittenskip vurt mun ek stróntsiik fon.
|
|