Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 93]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Pyt Jan Sikkema
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 94]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Mei't in fjildforkinnend ûndersyk neffens myn soasjologe-mintoaren net mei hipotezen en fearyfiearring dêrfan hoecht to wurkjen, haw ik dat ek net dien: àl haw ik bisocht de hipotezen dy't ik fantofoaren hie, eksplisyt oan to tsjutten (bg. troch to praten fan myn forwachting). In part fan'e fragen en it forslach is basearre op it ûndersyk ‘Oriëntaties van Auteurs’ (Meyer 1974), dat bigjin 1973 ûnder de leden fan'e Vereniging van Letterkundigen houden is. - Yn'e bylagen sit ek in list fan it komôf fan guon fragen. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
O.2 It undersykO.2.1 De PopulaesjeDe populaesje fan it ûndersyk bistiet út: dyjingen dy't nei 1963Ga naar eind6. fiksjoniel wurkGa naar eind7. yn it Frysk, of bydragen oer de neioarlochske Fryske literatuer, publisearre hawwe yn boekfoarmGa naar eind8. of yn de folgjende tydskriften: Alternatyf, Asyl, Awyt, Frysk & Frij, de Golle, It Heitelân, Hjir, Quatrebras, Sonde, de Strikel, Trotwaer, De Tsjerne. Op trije ûnderdielen hawwe wy lykwols miend ús biheine to moatten: de problématyk fan it Fryske toniel komt yn it ûndersyk net oan'e oarder: dy is sa kompleks dat der better in aparte stúdzje oan wijd wurde kin as der hjir hwat fan ‘mei to nimmen’. Itselde giet foar it Fryske berneboek. Allyksa is de dialektskriuwerij hjirbûten litten om't dy it byld fortekenje soe, trochdat der dan wer in ekstra laech yn'e problematyk komme soe. It doel wie om Fryske literatoaren en Fryske folksskriuwersGa naar eind9. yn it ûndersyk to biheljen, dat de kar fan tydskriften is biskaet troch:
Lang om let wiene der yn maeije 1973 205 skriuwers en skriuwsters, dy't oan 'e kritearia foldiene. It is miskien goed en liz der ris de klam op, dat dit dus de hiele groep skriuwers is dêr't it ûndersyk him op rjuchte, en gjin stekproef. De ênkête is úteinlik forstjûrd oan 198 skriuwers, mei't 7 adressen net to bisetten wiene. Der binne 127 fan weromkommen: 111 ynfolle en 16 wegeringen. Fierders binne der 4 brieven ynkommen, dy't guon fragen biantwurden en dus ek yn ênkêteformulieren oerbrocht binne: meiinoar 115 respondinten dy't antwurde | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 95]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
hawwe, 58,08 persint en 16 dy't de muoite nommen hawwe to wegerjen, 8,08 persint. De biswieren fan'e wegerers wiene (guon hiene der forskate):
De forhâlding fan'e biantwurders ta de skriuwers dy't in frageformulier tastjûrd krigen ha, is bisjoen op in fjouwer punten, basearre op globale gegevens fan it F.L.M.D. - tastjûrd oan 153 manlju (± 77 %) en 45 froulju (± 23 %) biantwurde 87 manlju (75,7 %) en 27 froulju ( 23,5%) - fan 163 skriuwers is op it F.L.M.D. de leeftyd bikind; it persintaezje ‘tastjûrd’ is dus fan dy 163.
Inkeld de groep fan 45 oant 55 jier hat dúdlik minder as de oaren de ênkête biantwurde. - Op it F.L.M.D. is rûsd nei de godtsjinstige oertsjûging fan'e skriuwers. Fan 65 skriuwers koe men dy abslút net, it ‘persintaezje tastjûrd’ is dus fan 133.
De forhâlding godtsjinstich - net godstjinstich leit by de biantwurders wol sahwat goed. Apart is it lykwols, dat de wenstige tsjerkegenoatskippen (NH, Geref., RK) by de biantwurders minder fortsjinwurdige binne en de kategoary ‘al leauwich, mar net yn dy hokjes’ folle greater is. It F.L.M.D. tekenet daliks oan dat it mar rûsd is, en boppedat faken ôfmetten nei it komôf fan 'e skriuwers. Lykwols sil men net hinnegean kinne en siz dat ‘oars’ dy minsken omfettet, dy't it F.L.M.D. ‘protestant of roomsk’ neame soe. Hoewol't de skael ‘leauwe’ (sj. 4.2) ûnôfhinklik fan'e tsjerkegenoatskippen opmakke is, sil men foar dit ûndersyk dus foarsichtich wêze moatte mei de konklúzjes, hwat de kristlike skriuwers oanbilanget. - Fan 'e politike oertsjûging wie to min bikind (fan mar 75 skriuwers wist it F.L.M.D. it to'n neisteby), dat in forliking hat gjin doel. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
O.2.2 Praktyske gong fan 't ûndersykYn oktober 1972 kaem der fan'e kant fan'e Trotwaer-redaksje in forsyk oft de wurkgroep literatuer-soasjology fan'e YSF (Ynteruniversitaire Stúdzjerie Frysk) net ris to set woe mei in ûndersyk ûnder de hjoeddeiske Fryske skriuwers. De wurkgroep koe dat net, mar iksels hie der wol nocht oan en yn oerliz mei Oene Spoelstra (Trotwaerredakteur, skriuwer en studint andragogy) en Jaep Castelein (studint-assistint soasjology) is yn desimber 1972 - jannewaris 1973 úteinset mei it meitsjen fan de fragelist (in konsept fan Remco Heite waerd suver alhiel fan | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 96]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
ôfstapt). Yn'e folgjende moannen is dy ôfmakke yn oerliz mei Jaep en Hero Pruis (ek studint-assistint soasjology). Yn maeije 1973 is de ênkête stinsille en typt op it Frysk Ynstitút fan 'e Ryksuniversiteit fan Grins de doar út gien nei 198 Fryske skriuwers en skriuwsters, selektearre trocht it F.L.M.D. neffens de kriteria neamdyn 0.2.1 en der is healwei juny noch in rappèl (in tinkderom-kaertsje) efterneigien. De measte antwurden kamen ridlikgau werom, inkelde lykwols noch let yn't jier. Ein juny-bigjin augustus 1974 binne de útkomsten op de kompjûter forwurke mei help fan it tige handige WESP-programma (Van der Weele e.o. 1974) fan it Rekkensintrum fan'e Ryksuniversietit to Grins, der't Leo van der Weele en binammen Tymen Wierstra my bystien hawwe (Guon dingen bin forlike mei de foarriedige útkomsten fan it Nijmeechske ûndersyk ‘Oriëntaties van Auteurs’, dat de heer Muskens my tastjûrd hat). Myn tank giet út nei de boppesteanden, nei eltsenien dy't op it oan har/him tastjûrde ênkêteformulier réagearre hat, en nei dy't sa freonlik wiene dêr noch in brief by to dwaen. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
O.2.3 Forwurking fragelistMei't wy by it opstellen fan'e fragelist graech safolle mooglik meinimme woene, is er frijhwat lang wurden. Njonken alderleije nijsgjirrige en aerdige fragen - dêr't in soad fan opsmiten wiene yn'e diskusjes fan'e lêste jierrenGa naar eind10. - sieten der fragekompleksen yn forwurke, dêr't de ynstelling fan'e skriuwers út ôf to lêzen wêze soe. Sadwaende wie der in rige fragen oer:
Fan dy rigen fragen binne ‘skalen’ makke, mei in puntetelling. Dizze skalen binne op'e kompjûterGa naar eind11. mei inoar yn forbân brocht en teffens mei oare fragen of gegevens dy't wichtig liken. Fierders binne de antwurden op de fragen (èn de skalen) gewoan teld en binne guon fragen meiinoar forlike, mei yn't foarste plak it doel om hwat oan 'e weet to kommen oer de préokkupaesje fan'e Fryske skriuwers mei it Frysk en de miening hokker kant at wy oer kinne + moatte mei de literatuer yn Fryslân. Dit allegearre ûnder it foarbihâld, dat al neamd is (0.2.1) oengeande de groep skriuwers dêr't dit foar giet. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 97]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 98]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 99]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 100]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 101]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10 De literaire tydskriften10.1 De gegevens10.1.1 Forwurking gegevensDe forwurking fan'e gegevens oer de tydskriften is sa om en ta gien: de tydskriften binne earst mei de hân teld en sa binne de wichtichsten derútsocht. Dêrneffens is in fordieling makke (sjuch: 16.1) dat elts tydskrift trije fariabelen ta syn foldwaen krige: ien om de miening oer dat tydskrift wer to jaen (65, 68, 71 ensfh. ...116), ien om oan to jaen oft deryn publisearre is (66, 69, 72,...117) en ien om oan to jaen oft it lêzen wurdt (67, 70, 73,...118). Om al to folle swierrichheden út'e wei to gean, binne de karakteristiken fan'e tydskriften (ek yn 119: it idéale Fryske literaire tydskrift) biheind ta de foarste kompoanint- de folchoarder moast de wichtichste earst jaen - dy't oanjoech hoe't in idéal tydskrift yn't foarste plak wêze moat.Ga naar eind1. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.1.2 De tydskriftenDe meastneamde (al dan net mei in miening) literaire tydskriften fan nei '45 binne: Alternatyf (75), de Tsjerne (69), Trotwaer (66), de Strikel (52), Sonde (51), Quatrebras (de Golle)(36), en Hjir (29). De tydskriften dy't de measte meiwurkers fan ûnder ús skriuwers hawwe, binne de Tsjerne (49), de Strikel (38), Alternatyf (32), Trotwaer (26), de Stim fan Fryslân en Frysk en Frij (19 elkmes), it Heitelân (16), en Sonde (12), wylst it niisneamde Quatrebras en Hjir net fierder komme as resp. 8 en 3 meiwurkers. De Fryske tydskriften en kranten dy't ús skriuwers lêze, binne de Ljouwerter Krante (83), Frysk en Frij (64), Alternatyf (58), de Strikel (56), Trotwaer (47), Sonde en de Stiennen Man (elkmes 36), de Stim (29), it Frysk Deiblêd (27), it Beaken (24), de Pompeblêdden (23) en Hjir (18), wylst 42 skriuwers noch oare Fryske tydskriften lêze Vrij Nederland wurdt oars fan ús biantwurders faker lêzen as Trotwaer: 49 skriuwers hiene ‘ja’ op Fariabele 127 -. Fêststeld kin dus wurde, dat fan'e fjouwer literaire tydskriften en de Strikel, Alternatyf by de ûndersochte skriuwers it meast bikind is, folge fan de Strikel en Trotwaer, wylst Sonde en binammen Hjir yn juny 1973 dus lang sa populair net binne. Hwat it lêzen fan'e tydskriften oanbilanget, moat men oars al yn omtinken nimme, dat it publyk fan'e tydskriften foar in part itselde is: fan ús populaesje lêst 47,8 % (55 man) 5 of mear Fryske kranten en tydskriften, wylst 12 skriuwers (10,4 %) Alternatyf, Hjir. Sonde, Strikel en Trotwaer lêze, 10 skriuwers (8,7 %) 4 fan dy tydskriften en 16 (13,9 %) 3 derfan. Al is it dan oerdreaun om mei to gean yn'e stelling, dat literair Fryslân driuwe soe op mar inkelde persoanen, dy't inkeld foar elkoar skriuwe, (in stelling dy't ik faek heard, mar nea skreaun sjoen haw, of it moast wêze dat Algra yn it Frysk Deiblêd fan 11 oktober 1967 mei syn ‘clan die zich het monopolie voor zo'n tijdschrift heeft toegeëigend’ ek op itselde doelt) dochs is it sa, dat 33 % fan de ûndersochte skriuwers trije of mear literaire tydskriften lêst (en 28,7 % gjin fan'e fiif). | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 102]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.1.3 It idéale Fryske literaire tydskriftHwat it idéael (fariabale 119) oanbilanget, hawwe 47 fan de ynstjûrders gjin andert jown, dêrby ek de lju, dy't in biskaet tydskrift as idéael neamden, mar dat earder net omskreaun hiene), wylst 3 it idéael sa omskreaune, dat it net ynpast wurde koe yn de neamde kwalifikaesjes. Fierders wie men fan bitinken dat in Frysk literair tydskrift yn't foarste plak wêze moast:
In inkelde kommintator achte dit frijhwat willekeurige kritearia: faeks hat er gelyk hwat it oanjaen fan in idéael oanbilanget: in folksaerdich en ek in blomlêzingstydskrift lykje per definysje foar brede rounten ornearre to wêzen. Lykwols is foar fariabele 119 deselde rige omskriuwings oanhouden (fanwegen de paralelly) as by de karakterisearring yn 65 ensfh., dêr't de ûnderskieding wichtigernôch liket en sjuch ek foar guon antwurden: 10.2.4. It is oars opmerklik dat in Frysk literair tydskrift foar mar 23 man (d.i. sahwat in tredde part fan dy't andert jown hawwe) yn't foarste plak literair-kritysk wêze moat. Hjir is in (min ofte mear latinte) hypoteze net bifêstige, om net to sizzen: in iepen doar tichtwâdde. Der soe op groun fan dizze idéalen in trijedieling mooglik wêze: in avantgardistysk tydskrift, foar dyjingen dy't it ekspearimint tagedien binne, in literairkritysk tydskrift foar dy't de literaire ûntjowings folgje wolle en in hwat popularizearjend tydskrift (dat miskien in blomlêzingstydskrift wêze kin - sjuch boppe -, hoewol't ek in literair-kritysk blomlêzingstydskrift ta de mooglikheden heart) (sjuch ek 10.2.5). | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.2 de skriuwers en har idéale tydskrift10.2.1 Miening oer tydskriften yn forbân mei idéaelDe fraech nei it idéale Fryske literaire tydskrift wurdt nijsgjirriger, as wy dy bisjugge yn relaesje ta it oardiel oer tydskriften dat de ûndersochte skriuwers hawwe (ôfgeande op de earste kompoanint). Fan de lju dy't in idéal tydskrift foar eagen hawwe en teffens in miening jown ha oer Trotwaer of Trotwaer neamd hawwe (fariabelen 119 en 65 ensfh.), is 29 % fan bitinken dat Trotwaer in tydskrift is, lykas in Frysk literair tydskrift yn't foarste plak wêze moat. Fan de lju dy't in idéael tydskrift foar eagen hawwe en teffens in miening jown ha oer de Tsjerne of de Tsjerne neamd hawwe, is 28 % fan bitinken dat de Tsjerne in tydskrift is, lykas in Frysk literair tydskrift yn't foarste plak wêze moat. Foar Alternatyf is dat 25 %. En fierders foar it Heitelân 22 %, de Strikel 21 %, Asyl en Hjir 20 %, Quatrebras-Golle 15 %, Sonde 14 % en Frysk en Frij 10 %. Lykwols giet it allinne by de foarste trije om greate tallen minsken, resp. 15,13 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 103]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
en 14. Alhoewol't guon minsken faeks werom wolle nei de TsjerneGa naar eind3., en ek guon ‘de Tsjerne’ antwurde hawwe op Fariabale 119, is der net sa'n tige sterk oerwicht fêst to stellen foar dit suver legindaryske blêd. Der binne ek hege persintaezjes skriuwers tofreden mei de min ofto mear ynboargere literaire tydskriften Trotwaer en Alternatyf. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.2.2 Lêze de skriuwers in idéael tydskrift?Yn hoefier lêze de Fryske skriuwers in tydskrift dat mei har idéale Fryske literaire tydskrift strykt? Om dat oan'e weet to kommen is brûkt Fariabele 119 en de Fariabelen 67 ensfh. (lêst dit en dat tydskrift) en 65 ensfh. (miening oer dit en dat tydskrift). Foar 9 fan'e 34 minsken (± 29 %) dy't Trotwaer lêze en in idéael tydskrift foar eagen hawwe, is Trotwaer in tydskrift, lykas in Frysk literair tydskrift yn't foarste plak wêze moat. De Strikel is twad: 7 fan'e 28 (25 %). Alternatyf en Hjir: ± 23 % (resp. 9 fan'e 39 en 3 fan'e 13). Sonde: ± 18 %(5 fan'e 22).Ga naar eind4. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.2.3 Publisearje se yn in idéael tydskrift?De meast prinsipiële frage is wol: publisearje de Fryske skriuwers yn in tydskrift dat mei har idéael strykt? Hjir binne brûkt Fariabale 119, de fariabelen 66 ensfh. (publikaesjes yn dit of dat tydskrift) en 65 ensfh. (miening oer dit of dat tydskrift). Fan de tydskriften dy't mear as tsien meiwurkers hawwe (as al dy trije fragen ynfolle binne), skoart Trotwaer wer it heechst: 44 % (8 fan'e 18) fan'e meiwurkers achtet Trotwaer in tydskrift lykas in Frysk literair tydskrift yn't foarste plak wêze moat. De Tsjerne hellet 35 % (10 fan'e 28), de Strikel 28 % (4 fan'e 14) en Alternatyf 24% (6 fan'e 25). Fan'e lytsere tydskriften is binammen de skoare fan Hjir opfallend: 100 % (2 fan'e 2). Fierders helje Quatrebras-de Golle en it Heitelân 33 % (elkmes 1 fan'e 3), wylst Sonde, Asyl, A-wyt en Frysk en Frij it mei nul persint dwaen moatte (fan'e resp. 7, 3, 3 en 3 meiwurkers).Ga naar eind4. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.2.4 Miening oer tydskriftenAlhoewol't yn't foargaende allinne de releasje mei it fan de biantwurders sels stelde idéael ûndersocht is, mei der faeks in line trochsluten wurde nei de bioardieling fan de tydskriften, sa't dy oer it ginnerael (fariabele 65 ensfh.) jown is. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.2.4.1 Alternatyf en de StrikelAlternatyf wurdt biskôge as: blomlêzingstydskrift (33), literair-kritysk (14), avantgardistysk (9), foar brede rounten (5), polityk engagearre (1). (Fariabele 65). De Strikel as: foar brede rounten (31), folksaerdich (6), blomlêzingstydskrift (2), literair-kritysk (1). (Fariabele 107). Foar dizze beide tydskriften is it sahwat konstant in fjirde part, dat de tydskriften as idéael sjucht; fan de mieningjowers, de lêzers en de meiwurkers. Men kin dermei - toch my - twa kanten oer: de drompel om yn dizze tydskrif- | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 104]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
ten to publisearjen (en se to lêzen) kin leger wêze: men weaget jin miskien leaver oan in tydskrift dat net sa eksplisyt literair is. Oan de oare kant kinne préokkupearre skriuwers yn dizze beide tydskriften (blomlêzend en foar brede rounten) in soarte taelbifoarderjende funksje ûnderskiede, dy't har derta bringt en stap efkes fan har literair idéael ôf. De skriuwers dy't publisearre ha yn Alternatyf, Hjir, Sonde, de Strikel, Trotwaer en de Tsjerne binne forlike mei de ‘idéologyske’ skalen. De Strikel en Alternatyf hawwe yn dizze folchoarder de meast préokkupearre meiwurkers; de Strikel hat de meast leauwige meiwurkers; Alternatyf wurdt twad by de Algemiene Skriuwersidéology, dêr't de Strikel ien fan'e beide lêsten is. - De lêste fan beide niisneamde mooglikheden wurdt bifêstige, al binne de Alternatyf-meiwurkers njonken préokkupearre ek frij-kréatyf. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.2.4.2 Trotwaer en de TsjerneFoar tydskriften as de Tsjerne - blomlêzingstydskrift (27), literair-kritysk (23), foar brede rounten (5), polityk engagearre (2), avantgardistysk (1) (fariabele 110) - en binammen Trotwaer - literair-kritysk (29), avantgardistysk (14), blomlêzingstydskrift (8), polityk engagearre (2) (fariabele 113) - dy't as (folle) literairder biskôge wurde, soe in skriuwer mear motivearre wêze moatte om der oan mei to wurkjen. De Tsjerne skoart heech hwat de bitrutsenens fan de meiwurkers oanbilanget: lykas yn Trotwaer skreau men der foar in great part yn om't men it in goed tydskrift achte. Spitigernôch kin dat foar de lêzers net mear neigien wurde (en sjuch foar idéael en evt. idéalisearring 10.2.1). Trotwaer is it blêd dat foar it greatste tal Fryske skriuwers it tichtst by har eigen idéael komt. Dat it fïerders yn 10.2.2 en 10.2.3 hege eagen smyt, wiist derop dat it nettsjinsteande de krityk fan'e lêste jierrenGa naar eind5. foar ús skriuwers in soarte fan fakblêd wurden is: de skriuwers dy't it lêze en deryn publisearje dogge dat biwuster as dy't it (yn) oare tydskriften dogge. Yn'e forliking mei de ‘idéologyske’ skalen wurdt dit foar Trotwaer bifêstige: de meiwurkers fan Trotwaer skoare it heechst op'e Algemiene Skriuwersidéologyskael. Dy fan'e Tsjerne skoare it leechst op dy skael (mei de Strikelders). Wylst Trotwaer it twadde tydskrift fan lofts is, is de Tsjerne it twadde fan rjochts - nei de polityke skoare fan 'e meiwurkers sjoen. By leauwe en préokkupaesje binne de meiwurkers fan Trotwaer en de Tsjerne net opfallend. Wie de Tsjerne foar sokke brede rounten, dat de meiwurkers op gjin fan dizze gebieten derút kypje? | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.2.4.3 Hjir en SondeDe tydskriften Hjir en Sonde leverje aparte gefallen op. Hoewol't Hjir foar de respondinten net as in tydskrift mei in dúdlike rjuchting oerkomt - folksaerdich (7), foar brede rounten (4), avantgardistyk (4), blomlêzingstydskrift (3), polityk engagearre (1) (fariabele 86) - strykt it foar de beide meiwurkers dy't ek fariabele 119 biantwurde ha, aerdich mei har idéael. Rjuchtoarsom by Sonde: dat wurdt as dúdlik polityk engagearre biskôge (22), blomlêzingstydskrift (6), avantgardistysk (5), literair-kritysk (4) en folksaerdich (1) (fariabele 98), mar foar net ien fan'e meiwurkers foldocht it oan it idéael - | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 105]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
der binne nammers ek mar twa dy't in Frysk literair tydskrift yn't foarste plak polityk ha wolle. Neffens de bioardieling (fariabele 98) is Sonde net yn't foarste plak in ing-literair tydskrift. Miskien moat men it ek net sa biskôgje, om't 7 skriuwers mei oare idéalen oangeande in literair tydskrift (+ 5 oaren) der oan meiwurkje. De bitrutsenens mei it idéale literair tydskrift leit hjir dúdlik leger as by de oare literaire tydskriften har meiwurkers. Yn'e forliking mei de ‘idéologyske’ skalen hat Sonde de meast loftse meiwurkers, is it tred hwat de frije kréativens fan syn meiwurkers oanbilanget, en de minst préokkupearre en leauwige. Foar de meiwurkers stiet - mei men ôfliede - de loftsens fan it blêd foarop, en komt dêrnei it literaire elemint Fan Hjir ha wy mar 3 meiwurkers, dy't net sa lofts binne en net sa leauwich en fierders net sa opfallend. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.2.5 De Fryske tydskriftsitewaesjeDe praktyk fan'e lêste jierren wiist der al op: der is plak foar mear as ien Frysk literair tydskrift: de anderten op fariabele 119 (10.1.3) wize yn'e rjuchting fan in literair-kritysk tydskrift, in tydskrift foar brede rounten en in avantgardistysk tydskrift. Dat earste kin sûnder mis Trotwaer wêze, fanwege de omskriuwing en de bitrutsenens fan syn lêzers en meiwurkers: it twadde kin op groun fan de omskriuwing (fariabale 107) de Strikel wêze, mar ek Alternatyf, dat nei't wy sjoen ha yn alle gefallen ûnder ús respondinten tige bikind is (sj. 10.1.2 en oer de karakterisearring 10.2.4.1). In avantgardistysk tydskrift liket op't stuit (neffens de bioardielingen fan juny '73) net foarhannen to wêzen; Trotwaer wurdt noch it meast as sadwaende neamd. Op groun fan'e karakterizearrings yn 10.2.4 soe men ek de trije soarten idéael literair tydskrift gearbringe kinne yn ús twa meast foaroansteande tydskriften: Alternatyf soe literair-kritysk en blomlêzingstydskrift foar brede rounten neamd wurde kinne, wylst Trotwaer njonken literair-kritysk noch avantgardistysk is (sjuch lykwols 10.3.2 1 de winsk stiet hjir faeks faer oer de tins -). | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.3 Wurdearring tydskriften10.3.1 De skael ‘tydskriftsatisfaksje’Foar de tydskriftsatisfaksje is in skael opmakke (sjuch 5.6).
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 106]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De mieningen oer de tydskriftsitewaesje yn Fryslân binne neffens dy skael aerdich fordield:
négatyf: 44, nul: 29Ga naar eind6., posityf: 42, trochsné: - 0,01. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.3.2 Forliking mei oare fragen10.3.2.1 Tydskriftsatisfaksje en idéael tydskriftDe skael fan tofredenens mei de tydskriften is forlike mei forskate fragen, yn't foarste plak mei 119, dy oer it idéale Fryske literaire tydskrift. De 68 respondinten dy't sa'n idéael foar eagen hawwe, binne moai igael oer foldien en ûnfoldien fordield: négatyf 27, neat 14 en posityf 27. De tofredenens is ek net dúdlik by in biskaet soarte idéael-hawwers to finen, al binne de blomlêzers en literair-kritisi (resp. négatyf 2 - neat 1 - posityf 5 en négatyf 8 - neat 5 - posityf 10) justjes positiver as dy't graech in avantgardistysk of demokratysk tydskrift sjugge (resp. négatyf 7 - neat 3 - posityf 4 en négatyf 8 - neat 3 - posityf 6). Yn 'e oare (pear) gefallen hâlde foar en tsjin inoar yn't lyk. Hwat it avantgardistysk tydskrift oanbilanget: dat is der neffens de bioardielingen yn Fryslân net, dat in sekere ûnfrede mei de Fryske tydskriftesitewaesje soe dêrmei forklearre wêze. In tydskrift foar brede rounten hat Fryslân àl (de Strikel, 10.2.4.1), mar dat hoecht net to sizzen dat de Strikel alle galle oer him útspuid krije moat; de tydskrifte-satisfaksje jildt foar de Fryske literaire tydskriften en de ûntofredenens fan ‘foar brede rounten’-kiezers is faeks sa to forklearjen, dat dy oer it ginnerael de rounten fan'e Fryske literaire tydskriften fiersten to lyts en to biheind achtsje. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
10.3.2.2 Tydskriftsatisfaksje en relaesje mei redaksjeDe tydskriftsatisfaksje is ek forlike mei de relaesje dy't de skriuwers mei de tydskriftredaksjes hawn hawwe. Fariabele 210: Fan de 68 skriuwers dy't meidield ha, dat hja al of net fan tydskrift foroare binne binne fan'e net-foroaren: 8 ûntofreden, 3 ûnforskillich en 13 tofreden, wylst fan de al-foroaren: 15 ûntofreden, 9 ûnforskillich en 20 tofreden binne oer de Fryske literaire tydskriften yn't algemien. Dat binammen út it lêste sifer tofredenens sprekt, kin (ôfsjoen fan it feit, dat it hjir om de fryske literaire tydskriften giet en net om in biskaet tydskrift) relatearre wurde oan'e krityk op fraech 210 (en 211), dat men ntl. net boun is oan in biskaet tydskrift of in biskate útjower en sels prinsepjiel yn mear as ien tydskrift publisearje kin. It foroarjen fan tydskrift is net yn forbân to bringen mei in algemiene ûntofredenens mei de fryske literaire tydskriften - in forbân dat ik oars tofoaren àl ûndersteld hie. Fariabele 212: Fan de 48 lju dy't folslein tofreden binne oer har relaesjes mei de tydskriftredaksjes, ha 15 in négative tydskrift-satisfaksje, 12 in tydskrift-satisfaksje ‘nul’ en 21 in positiven. De hege positive skoare wie to forwachtsjen, it is | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 107]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
allinne nochal opmerklik dat 31% fan 'e lju dy't tofreden wiene oer de tydskriften dêr't se oan meiwurkten, dat dochs net binne oer de Fryske literaire tydskriften oer't ginnerael. Fariabele 213: De lju dêr't wol ris by yn't wurk knoeid is (8) binne lykwols yn mearheit net ûntofreden: négatyf 2, neat 3, posityf 3. Fariabele 215: Ek dy't har net goed bitelle achten troch de tydskriften (3), sjugge it (alletrije) posityf op de tydskrift-satisfaksje skael. Fariabele 217: Twa skriuwers achtsje har wurk net goedernôch forsoarge, lykwols hellet de ien posityf en de oar nul op'e tydskrift-satisfaksje skael. Fariabele 218: Oars is dat by de (6) lju dy't har wurk net gauwernôch útbrocht (‘yn't ljocht jown’) achten: 4 négatyf, 2 posityf. Fariabele 220: Dyselde forhâlding (4 négatyf, 2 posityf) fine wy ek by de minsken dy't ‘oare komplikaesjes’ oanjoegen (6). Foar de fariabelen 214, 216 en 219 (persoanlik skeel, net goedernôch presentearre en tydskrift houd op) hâlde posityf en négatyf inoar yn't lyk (it giet resp. om 3, 3 en 2 skriuwers). Yn in skéma oanjown sjucht it der sa út:
De ûntofredenens yn'e relaesje mei de tydskrift-redaksjes leit binammen op it mêd fan knoeijen yn't wurk fan'e skriuwer, fan net gau forskinen fan it (de) tydskrift(en) en fan ‘oars’; lykwols is der allinne yn de beide lêste groepen in dúdlike ûntofredenens mei de algemiene tastân fan'e Fryske literaire tydskriften fêst to stellen. De ûntofredenens oer it eigen tydskrift (fariabelen 213 o/m 220) en it foroarjen fan tydskrift hawwe gjin dúdlike relaesje mei it ûntofreden wêzen oer de tastân fan'e fryske literaire tydskriften oer't ginnerael. (Dat der hjir in positiver útslach komt as oer't ginnerael by de tydskrift-satisfaksje - négatyf 44. nul 29, posityf 42 - kin him foar in part dêroan lizze, dat ien skriuwer mear as ien fariabele ynfolje kin: (négative) antwurden op 213 o/m 220 binne net jown troch 33 skriuwers, mar troch 19, dêr't 17 fan wolris fan tydskrift foroare binne. Lykwols is to konstatearjen dat yn alle gefallen fariabele 210 minder biantwurde is troch skriuwers dy't ûnfoldien as troch dy't foldien binne mei de fryske literaire tydskriften.Ga naar eind1.Ga naar eind2.Ga naar eind3.Ga naar eind4.Ga naar eind5.Ga naar eind1.Ga naar eind2.Ga naar eind1.Ga naar eind2.Ga naar eind3. |
|