Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 90]
| |
Sinne-ûndergongde sinne gie ûnder yn wetter en hân
eefkes fonke in hope op oar ljocht en lân
mar ek al draeiden wy op de ierde mei
alles bleau allyk-lizzen yn'e nacht en dei
| |
[pagina 91]
| |
Fitraezje-wrâldefter de fitraezjes sjoch ik de wrâld
yn wite spinreachblokjes
muorren bliuwe read loften griis
neat wurdt oars
inkeld de datum fan in dei
in roek saeit op in skoarstien del
soms op tévé-antennes
gjin fûgelpoat foroaret in programma
en op it droechplat fan myn buorman
stiet buorfrou mei de wask fan man en bern
se hinget yn'e ploai oan plastik knipers
in dochter yn in read bosk hier komt út de koai
dy't op it ferfde bankje knopen oan'e sinne naeit
fûgels fleane út en troch foarbij
oan rút en oan harsels en mij yn loft en liddichheit
| |
[pagina 92]
| |
Alearenalear kaem men Him oeral tsjin
yn't floaitsjen fan in ljurk, de jiske fan in oun
mar Syn symboalen bin'net mear
fordwoun yn tsjuster fan juster en joun
nou krûpt oer dizze lêste rigel as paradox
in ingeltsje mei swarte stippen
it krûp-skriuwt wurden ta in wêzen
in seldsum manuskript mar net to lêzen
|
|