Trotwaer. Jaargang 7(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 85] [p. 85] R.R. van der Leest Fersen Oanpassing ik ha ek spoarbylzen yn myn tún lein ik ha ek myn burd stean litten ik ha ek in sitkûle yn myn keamer makke ik ha ek in iepen hurd mitsele ik ha ek nei de wintersport west ik ha ek in bar mei krukjes timmere ik ha ek in barbecue efterhûs boud ik ha ek op de trimbaen roun ik ha ek affysjes oan de muorren hinge ik ha ek oan in quiz meidien ik ha ek in kleure ty kocht ik bigjin al aerdich wy to wurden [pagina 86] [p. 86] Gearkomste alles goed sûnder sûker ik swarte kom minsken wy moatte bigjinne blabla bloblo bloebloe wy binne net ta in útdragene saek kommen mar it hat in fruchtbere útwikseling fan gedachten west o ja wy moatte noch in datum foar de oare kear fêststelle hwat tinkt jim fan freed de achttjinde dou net dou ek net in wike letter kin dat woansdei de trijentweintichste moai dan winskje ik jim allegearre wol thús blabla bloblo bloe bloe [pagina 87] [p. 87] Autoleaze snein harten trêdzje út it wâld fûgels sitte op fangraljes igels sliepe midden oer de dyk rêstdei op gods ierde nou wolle guon finen yn eigen auto nei de tsjerke [pagina 88] [p. 88] Earewachtynspeksje bearemûtsen binne bearemûtsen epauletten binne epauletten knopen binne knopen kwasten binne kwasten koppels binne koppels sabels binne sabels learzens binne learzens en gewearen binne gewearen twa rigen fan fyftich man binne hûndert man gelokkich ien soldaet dy't flau falt [pagina 89] [p. 89] Poezij is rounom trije hounekeutels twa lizzende en ien rjochtopsteande wasemjend yn de iere moarn Vorige Volgende