Hawar, men forwachtet dan dat vdZ dy ûntwikkelingskant yn syn proeve fan in partisipatyf bioardieljen, in fikse klam jaen sil. vdZ seit fuort dat de dichter fan him gjin oardiel oer de bondel as risseltaet forwachtsje moat. In oardiel oer de bondel as proses dus. Lykwols hokker noarmen wol vdZ hjir oanlizze, freegje ik my dan ôf. Moat de dichter der op stind ha of moat it him oanwaeid wêze. Moat er krasse en skrasse of moat er delskriuwe hwat yn him opkomt en neat foroarje. Moat er earst oare dichters lêze of nea poezij lêze etc. En hwêrom is it iene goed en it oare net. Hwêrom hyt it iene proses literair, it oare net. En as de dichter nou neat oer dat proses fortelle wol, it net oer it mantsje mar oer it wurk ha wol (Hessel Miedema yn syn petear mei Tiny Mulder). En hwat yn it gefal as de dichter fortelt fan in tige ‘literair’ proses dat lykwols gjin produkt opsmiten hat: dochs de G.J.-priis mar? Ja hwêrom brûkt vdZ dy't sa tsjin neatsizzende termen seit to wêzen, de term (literair) proses sûnder oan to jaen kwat soks unhâldt, hokker noarmen hy dêr by yn diskusje bringe wol en hwêrom forjit er oan to jaen hwêrom dat proses sa wichtich wêze soe foar de fryske krityk: jaja, skea sawol yn noarmatieve as yn maetskiplike sin. Ik bigryp der neat fan.
Yn it petear komt it praet yndie op hoe't in fers fan Tsjêbbe ûntstien is: kjessen tsjin de forwaerming, skonken op bêd. Anekdoatysk suver. Is it fers der better om. Of minder? VdZ swijt. VdZ jowt wol in ‘autonoom subjektive’ ynterpretaesje fan it fers dat er dan forgeliket mei ien fan O. Postma, in ynterpretaesje dy't de dichter lykwols ôfwiist. By it twadde werjowne fers wer in ‘autonoom subjektive’ ynterpretaesje. Hwat is it forskil yn bitsjutting tusken S. Krols' ‘knap’ en vdZ ‘sprekt my tige oan’? It seit my beide neat oer de literaire kwaliteit fan dit fers.
Fia suggesty lit vdZ dan op side 354 Hettinga in wifeljend ‘ja’ sizze op vdZ's stânpunt dat de dichter as minske ûnder it bioardieljen falt by it kritysk hifkjen fan in samling fersen. Tink der om, Tsjêbbe seit it ek! It biwiis is levere...
Ek as petear bin ik net wyld fan vdZ syn stik. It is oerflakkich, vdZ freget fierstento min troch.
Poezij hat gjin nut, seit Kaspersma. VdZ docht as heart er it net. Dichtkunst is elitair, mar miskien is it de skuld fan 'e dichters sels, seit Kaspersma. VdZ giet der net op yn. Dat it oanslaen fan it fers sels it fers goedmakket, is fansels gjin kriterium seit Tsjêbbe. VdZ snijt oare koeke oan. Yn it iene fers bin ik wol mear mysels as yn it oare, seit Tsjêbbe. Hwat bidoelt er? Giet dit tsjin vdZ premisse yn? VdZ manipulearret net min.
It ‘ja-wurd’ wurdt jown en it petear glidet fuort yn prytpraet oer tekeningen en ‘hwat fynstû dêr nou fan’.
Ta bislút oandacht foar de boekforsoarging (in ûnderwerp dat yn fryslân nei myn bitinken fierstentomin omtinken kriget) dy't Jelle Kaspersma de bondels ‘Yn dit lân’ en ‘Loft, lân en sé’ meijown hat.
Yn beide bondels binne de teksten skreaun, sadat setkosten útsparre binne (de bondels binne op eigen kosten útjown), dêrby bifettet ‘yn dit lân’ ek noch adfortinsjes dy't it gehiel dochs wol in hwat chaotysk cachet jowe. Spitich is dat yn beide boekjes paginearring en ynhâldsopjefte ‘forgetten’ binne. En moast dy binnenkant fan 'e foaromslach nou bislist ek in fers drage?
Beide boekjes neist inoar lizzend, moat sein wurde dat it wol to fornimmen is dat it twadde boekje yn fjouwer dagen yn inoar draeid is: de tekeningen binne net sa bêst, de bledfoljende gjalpen en knipsels dogge mear oan ‘in’ skoalkrante tinke as