Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 51]
| |
Fokke Sierksma
| |
[pagina 52]
| |
[pagina 53]
| |
Alle oaren, fan Moronobu ôf oant Hokusai ta, hawwe shunga makke. Har hiele oeuvre bistiet út ukiyo e, d.w.s. printen fan it streamende libben (ukiyo). Dat oan ien wei trochstreamende libben is fan oarsprong in boeddhistyske sizwize, dy't slacht op it ‘uren, dagen, maanden, jaren vliegen als een schaduw heen’, dêr't dûmnys sa jammerdearlik oer dwaen kinne, yn dit gefal boeddhistyske preesters. Mar de Japanners hawwe dêr har eigen útliz oan joun. Jawis, it libben streamt mar fuort en it duorret mar koart en just dêrom moat in minske der syn wille oan bilibje. Dat koe hy binammen dwaen yn hwat in skriuwer neamd had ‘the nightless city’, dat is dat diel fan de stêd, dêr't it nea nacht wurdt en dêr't de moaije froulju binne. Tink hjirby net oan de saneamde ‘walletjes’ fan Amsterdam en ek net oan de froulju, dy't dêr har brea fortsjinje. Men koe sa'n wyk fan fortier mei in rjochte rêch en rjochte skouders yngean. Men foun dêr de kunstners en de yntellektuelen. Men foun der ek de courtisanes, mar tink net, dat dy der in saekje fan makken fan bitelje, der op, der ôf en ta de doar út. As men mei alle etiquette op trije dagen trije visites makke hie, woe sa'n dame ris oer frijen en mienskip tinke. En dan giene de klean net út. Né, lykas alle Japanse mânlju en froulju wiene ek de courtisanes fan bitinken, dat it minsklike lichem net hwat is om oer nei hûs ta to skriuwen, en dat, as in man in frou bitrekke wol, beide mar it bêst de moaiste kimono oanlûke kinne. Allinnich as it dier yn de minske mei al syn gewelt en al syn grandeur wekker waerd, smiet men de kimono út. Yn Frentsjer is dan ek mar ien pear to sjen, dat neaken is, de oaren hawwe prachtige kimono oan. De printen, dy't genre-bylden sjen litte út dy stêdswiken fan de wille, hjitte dus yn it algemien ukiyo e, de printen, dy't alle fasen en détails fan it seksuele forkear sjen litte, binne de maeitiidsprinten, de shunga. Yn dit ramt wol ik net folle sizze oer de technyk, mar as men it wurk fan Kunisada sjocht en dan bitinkt, dat der foar elke kleur in apart (hout)blok brûkt is, dan bigjint ek in folsleine leek der in aen fan to krijen, hokker fantastyske kunstners dit west hawwe. Op it mêd fan de kunst binne de ukiyo e en de shunga dan ek abslute hichtepunten in de skiednis fan it minsklike libben op ierde. Ek de maeitiidsprinten. Nim allinnich mar dy iene fan Utamaro, dy't in kohabitearjend pear skepen hat - ja, ik stean op dàt wurd, al hat it bigryp kreativiteit yn ús tiid in ôfgryslike devaluaesje ûndergien - dat oan de skouders ta ûnder in fiskersnet leit. Immen, dy't allinnich mar in fiis plaetsje meitsje wol, set himsels net foar de útdaging fan sa'n technysk husarestik. It wurd fiis kin yn dit ramt net iens brûkt wurde. Dat bistie net yn it âlde Japan. Dizze útstalling en de oare shunga kinne dêrom allinnich goed bisjoen wurde, as men elke gedachte oan goed-en-kwea út tinzen en siel forbanne kin. En soks kin, binammen yn Fryslân, tocht ik, dêr't nettsjinsteande de K.I. noch genôch boerekultuer oerbleaun is, om noch weet to hawwen fan kou en bolle. As men it wurdboek fan Waling Dykstra trochnimt, krijt men faek it gefoel, dat gâns Fryske boeren en boerinnen - en doedestiids net to forjitten: de faem! - op bêd en yn it hea net al tofolle oan dûmny en de preekstoel tocht hawwe. It is dêrom in goed ding, dat dizze earste tentoanstelling fan shunga yn de skiednis fan de Westerske kultuer yn Fryslân hâlden wurdt. 'k Haw dêroer noch apart praet mei Drs. W.H. van Gulik, de konservator fan de ôfdieling Japan fan het Rijksmuseum van Volkenkunde, dy't ek de printen fan dizze útstalling ûnder syn taforsjoch hat en dy't fan herten oan it ûntstean derfan meiarbeide hat. Hy is in ynternasjonael ekspert op it mêd fan | |
[pagina 54]
| |
[pagina 55]
| |
de kunst fan Japan en ek neffens him is der wol ris in inkelde shunga yn in kunst-útstalling smokkele, mar noch nea in aparte útstalling fan allinnich mar shunga hâlden. ‘En dan nog wel in Franeker’, sei er, mar hy kin fansels Japan wol, mar Fryslân net. Der is dus alle reden, om it feit fan dizze útstalling fan Thom Mercuur swart op wyt fêst to lizzen, togearre mei it feit, dat ús ‘Ljouwerter’ der sa posityf op reagearre hat.Ga naar voetnoot* Hoe wichtich dizze útstalling is, docht bliken, as men neigiet, hoe't it mei de Japanse maeitiidsprinten yn de skiednis fan it Westen gien is. Doe't men se foar it earst yn de 19e ieu ûntdiek, wiene in stikmennich kunstners enthousiast. De bruorren De Goncourt bygelyks hawwe der lyrysk oer skreaun. Foar harren en foar oaren wie it in bifrijing, dat men it feest fan it lichem sa fiere en ôfbyldzje koe. It authentike fan de frijheit fan Japan blykt net allinnich út it feit, dat de maeitiidsprinten iepenbier forkocht waerden en dat elke húshâlding, dy't it him in bytsje permittearje koe, der wol in stikmennich fan yn 'e hûs hie, dêr't se mei niget bisjoen waerden, mar ek út de humor fan gâns shunga sels. Hwa't mei seksualiteit en erotyk boartsje kin, stiet der yn syn hert folslein frij foar oer. En boarte hawwe dizze kunstners. Somtiden kin men dy boartsjende humor samar sjen, bygelyks op de print, dêr't in frou har man mei de matteplopper op syn donder jowt, wylst it jonge frommis, dêr't hy it mei útheefd hat, foar in spegel toilet makket, krekt as gie de hiele saek har net oan, né, krekt as wie se folslein allinnich yn de keamer. By oare printen hat men de help van in Japanner of Japanolooch nedich. Sa seach ik earst de humor fan in print yn de kolleksje Kaempfer net. Goed, de man laei op syn rêch, wylst de frou op him siet, mar soks komt faker foar. Dat it frommis in biezem yn har beide hannen hie, bitsjutte foar my ek neat. Mar doe't my dúdlik makke wie, dat om de keamer rounom wetter is, dat de mat, dêr't it pear op dwaende is, alhielendal forsierd is mei de symboalen foar ‘wetter’, do seach ik ynienen, dat ‘de vrouw letterlijk in de boot zit en aan het spelevaren is’... In Japansk folksforhael kies ik as lêste taljochting fan de frijheit fan Japan en de bifrijing fan de bruorren De Goncourt en oaren. In feint fan in ryk man komt by in printmaster en seit: ‘Myn hear hat in prachtige kolleksje maeitiidsprinten en der is gjin détail fan it forkear fan man en frou, dêr't hy gjin print fan hat. Hy mist allinnich noch in shunga fan it binnenste fan it smûkste plakje op de wrâld. Soene Jo dêr in shunga fan meitsje wolle? Myn hear wol goed bitelje. ‘Dat kin oangean fansels en de kunstner giet nei syn frouw en seit: ‘Gean dou ris lizzen, ik moat dy wer ris ynspektearje en dizze kear tige goed’. ‘Moat dat nou al wer’, seit de frouw en wjerakselt in skoft tsjin, mar op it lêst giet se dochs lizzen, hwant soks is nou ienkear de plicht fan de frouw fan in shunga-kunstner. De master teart de saek iepen en ropt út: ‘Heare myn tiid, ik hie al foar fiif stûren reade farve kocht, mar ik moat wol foar fiif goune keapje.’ De kunst fan Japan hat yn Jeropa greate en bliuwende ynfloed hawn - tink mar oan Van Gogh - mar de bifrijing troch de shunga hat mar koart duorre. Soks koe it Westen net forneare, net yn de tospjalten 19e ieu, mar ek net yn de sabeare forljochte 20e ieu. Men hat óf de maeitiidsprinten folslein deaswijd óf se en marge ôfhannele, mar dan wol mei in morele en moralistyske skop yn de rêch - faek letterlik yn de rêch fan de deade kunstner(s). Dat hat net it wurk west fan it greate publyk, né, dat publyk is ûnwittend hâlden troch de eksperts. Ut de rige foarbylden nim ik de man, dy't noch hjoeddedei trochgiet foar de primus inter pares | |
[pagina 56]
| |
[pagina 57]
| |
ûnder de eksperts: Lane. Meastentiids docht hy krekt as bisteane de shunga net, somtiden hâldt dizze ‘fatsoensrakker’ in preek. Sa skriuwt Lane yn oersetting: ‘It moaie, fine famkesgesicht is ien van Moronobu's triomfen en wy kinne ús allinnich mar ôffreegje, hoe't sa'n kunstner op de printen, dy't folgje, sokke famkes ôfbyldzje koe yn alle mooglike ûnfetsoenlike en ûnseedlike hâldingen.’ It andert is fansels tige ienfâldich: dat koe Moronobu dwaen, omt er it libben better koe as Lane en dus wist, hoe't famkes mei sokke moaie, fine gesichten har hâlde en drage, as se yn de goeie stimming binne. Lykas alle printkunstners fan Japan hie Moronobu gjin Kinsey en Masters and Johnson nedich - lykas ús fortuteaze kultuer se al nedich hat - om bygelyks to witten, dat it froulik climaks-orgasme in feit is en dat de frou dêrby meastentiids de eagen tichtdocht en de teannen kromlûkt. En omt hy dat wist, bylde hy dat sa ôf. En gean sa mar troch. Mar dêrmei binne wy der noch net. Hwêr helje Lane en konsorten, hwer hellet ús hiele Westerske kultuer it rjocht wei, om in oare kultuer mei syn godstsjinst en syn kunst, dy't yn de godstsjinst har woartels hat, to foroardieljen en to misledigjen? Hwer helje wy de brutaliteit wei? Ieuwen lang hat it Westen dien krekt as wie it Westen de mjitte fan alle dingen, de ik fan kultuer, dêr't oare kulturen net by yn it skaed stean koene. Nou't de machtsforhâldingen yn de wrâld foroarje, wurdt it sa stadichoan tiid, om ek mar ris yn to sjen, dat wy mei ús technyk barbaren west ha en noch binne, dy't by oaren, as it om kultuer giet, noch hiel hwat leare kinne. Net yn't lêste plak hjirom is de wrâldpremière to Frentsjer fan it allergreatste bilang. Net allinnich sille wy, binammen op it mêd fan de erotyk, hiel hwat leare moatte, ek de kulturen, dy't troch it Westen mei pruderie ynfektearre binne, sille har eigen âlde wearden wer yn eare hâlde moatte. Der is in prachtige kleurprint fan Utamaro: in man nimt in frommis to pakken en op de foargroun bitrekt in kater in kat. In Japanske kunstner demonstrearret syn Shintô leauwe, dat alles, ek dier en minske, bisibbe binne. It is hast net to leauwen, dat yn dat lân hjoeddedei boeken mei reproduksjes van shunga forskine kinne, dêr't op it plak fan de genitalia in wyt fjouwerhoekje to sjen is as biwiis, hoe effektyf it it Westen slagge is, om de eigen pruderie troch to setten. Van Gulik liet my ris sa'n boek sjen, útjown yn 1972. Op elke shunga-reproduksje it wite fjouwerkantsje: man én frou kastrearre. Moronobu, Utamaro, Kunisada en al har kunstbruorren soene har yn har grêf omdraeije, as se it sjen koene. Mar in kultuer sit djip. Ynienen foel it my op, dat yn elk wyt fjouwerkantsje Japanske karakters stiene, dy't ik fansels net lêze koe. Ik frege: hwat stiet dêrre? Hy andere: ‘Daar staat: “hier was een grote penis”’.... Men kin nou ienris syn kultuer net as in jaske útlûke. Noch altiten krûpt it bloed fan in kultuer, dêr't it net gean kin. Hwat yn byld offisjeel net mei, wurdt dan noch wol eefkes mei sa folle wurden sein. Op de shunga fan Kunisada yn Frentsjer binne gjin wite fjouwerkantsjes. Dy stamme út de tiid, dat de greate masters fan de kleureprint der greatsk op wiene, dat har kunst net mear ûnder Sjinese ynfloed stie, en harsels mei klam ‘Japanse masters’ neamden. | |
[pagina 58]
| |
|