[Nummer 2]
Wurd foarôf
Nei it mear ‘poëtyske’ earste nûmer biedt de redaksje jo in twadde nûmer mei in klam op it ûnderdiel ‘skôging’. Ut de ynhâld wol ik graech twa artikels yntrodusearje.
Yn it foarste plak graech jou oandacht foar in nijsgjirrich ‘eftergroun’-artikel fan prof. Sierksma fan Leijen oer de japanske shunga. In útstalling fan dizze kunst-wurken hat yn maert by Thom Mercuur to Frentsjer west.
It oare artikel is in ôflevering fan ‘in terreinforkinnend ûndersyk nei de hâlding fan de fryske skriuwer foar de literaire praktyk yn Fryslân oer’, útfierd en optekene fan Pytjan Sikkema, studint frysk oan de Ryks Universiteit fan Grins.
Yn forbân mei in diskusje/ynformaesje joun oer fryske literaire tydskriften yn café-chantant Passe Partout op 25 april, is haedstik 10 fan it ûndersyk oer de fryske literaire tydskriften yn syn gehiel opnaem.
Ek yn hiele hear en fear oernaem, binne de ynlieding en haedstik 1. It ûndersyk fan Sikkema is gjin lêsfoer, mar neffens de redaksje dochs nijsgjirrich genôch om yn dit tydskrift oandacht to krijen.
Yn in kommend nûmer hoopje wy in gearfetting jaen to kinnen fan de oare haedstikken.
de red. skriuwer
Dr. K. de Vries (C.H.U.) legt de laatste hand aan zijn coiffure