Tichel Wurk
Forslach fan in lezer
Wite blommen
Jierren lyn lies ik in boekje fan in súdafrikaen dy't him drok makke hie oer ‘it wyt yn de poësij’. Hy kaem, mien ik, ta de konklúzje dat de wite stikken yn in fersebondel tige funksjoneel binne. De goede man hat faeks wol gelyk. Feit is yn elk gefal dat yn frijhwat fersebondels de wite stikken fan de blêdsiden nijsgjirriger binne as de parten dêr't (al of net yn letterfoarm) inket op griemd is.
Ik moast wer oan dat boekje tinke doe't ik Lieuwe Hornstra syn ‘Ljippeblommen’ yn hannen krige. Dêr sit in heel soad wyt yn! Men soe allinne de paginearring kwyt wêze as der oan de ûnderkant in sintimeter as fiif ousnien waerd. Hwat dan oerbliuwt is in kreas stek-yn- 'e-bûs-boekje.
Mei de mjitlatte der by komt men mei ‘Ljippeblommen’ ta tige nijsgjirrige risseltaten. It boek telt 152 siden mei in lingte fan 21 sintimeter elk. Yn totael dus 3192 sintimeter oan blêdsiden. Op in folprinte side stiet 13 sintimeter tekst. Telt men de sintimeters printwurk dan jowt dat in tal fan likermôch 1414. Hwat oerbliuwt: 1778 wite, sniewite sintimeters papier. Mei syn forhalebondel hat Lieuwe Hornstra net allinne, sa't de flaptekst meidielt, it symboalysk réalisme as nij forskynsel yn de fryske literatuer brocht, hy hat ek ‘it wytyn it proasa’ in nije diminsje jown.
En dan noch hwat. Ik ha 14 en in heale goune dellizze moatten foar ‘Ljippeblommen’. Forgelykje ik dat mei dy 1414 sintimeter oan tekst, dan is de kostpriis per sintimeter... né, dizze kant moatte wy mar net út. Literatuer wurdt dochs al min bitelle.
Boppedat: