Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 62]
| |
[pagina 63]
| |
Tiidde tiid driget en
twingt my de rêch tsjin 'e muorre:
hannen omheech
dan rjochtet er de loop op myn libben
stadich komt er tichterby
ik fiel syn asem al oer myn antlit gean
en huverje
de tiid wint en sil my gnizend achter litte
| |
[pagina 64]
| |
Rin trochrin troch
troch strjitten en oer wegen
rin troch en sjoch it hear mar oer
rin troch hwant om de neiste hoeke
dêr leit dyn lok grif op'e loer
set troch
dyn lichum yn'e oanfal
set troch en hâld de kop der foar
set troch hwant yn de fierste fierte
dêr leit dyn lok achter in iepen doar
gean troch
as lijen en ellinde
dy troch de hannen gean en gûl
gean troch hwant ek de langste nacht
giet oer en komt it lok dyn ienichst doel
mar as
mar as..
as der gjin hoeken binne dy't bergje
as der gjin fierte útnoegjend wankt
as gjin doel dy langer mear oansprekt
hwat dan hwat dan?
rin troch
troch strjitten en oer wegen
rin troch en sjoch it hear mar oer
rin troch en meitsje it dy noflik
rin troch
dit libben giet fansels wo[l ber..]
| |
[pagina 65]
| |
Ha ha haop'e hoeke
stiene seis swarte manlju
mei swarte huodden op
neargeastich oer'e foet to hippen
hja wachtten fol ûngeduld
op d'oanfang fan de deadsseremoanje
ik seach se
mar net de wein dy't kaem fan rjochts
mei piipjende remmen stie'k stil
de seis swarte manlju gnysken
| |
[pagina 66]
| |
soms is it
oft ik net mear waechs
oan'e woartel fan myn bistean
de dagen binne tsjuster
de sinne komt net op
ik bin forwylge
ta in toarre staek
en soppen komme net mear yn my
foartiid wurd ik brutsen
fan de wyn
en dwarrelje del
noch even
dan klinke fuotstappen
en fortrêdzje
en...
ik ben net mear
|
|