Tsjebbe Hettinga
In memoriam in arbeider
foar arjen
ik skriuw foar dij net skruten út fortriet of getrien hwant hwannear't ik gean is it myn tiid it tiidleas tafal seist mij trije libbensdagen foar dyn staf-oer-nachtlike dea út stof wieste opwrotten en ta jiske biste baernd en keard
dy pear kear dat ik dij trof troffen mij djipper as de dea út de romme loft drippend wiene wij opwei nei de âlde sé om inoar to forliezen en to fordroegjen ta plak foar in oar hwant lyts binne wij ûnder de stjerren en stjerlik seiste
dou ivrich ivich arbeider op it lân fan de lytse dingen dou wrâldboarger en freon fan wjirmen sûnder krús en stien mei dyn rom sicht hast de romsucht alom tûk trochsjoen tsjoen wie it jaeijen fan de jildreager mei syn macht-flerken
minske fan ienfâld mei fâlden fan lit libben yn't antlit mar mei eagen dy't de wounen oerwounen wiid fan stillewille en dy't yn myn jonge eagen dyn jeugd heugden en seagen sûnder mankelikens de heimige jonkheit yn dyn 69ste jier
arjen dit in memorian is mear in memoarje fan biwûndering sûnder útsûndering fan leed en need dy't dyn libben folden om't ik sûnt dij noch noait sa fyn fielde de siel fan't hielal hielendal neat ûntkaem mij: yn mij kaem in arbeider ta libben
simmermoanne '74