Willem Abma
In hanfol fingers
Rein de Valk: In hânfol fingers. K.U. Bolswert 1974.
Fan 'e hân fan Rein de Valk dy't as it my net mist yn 'e jierren '69 en '70 wol as yllustrator meiwurke hat oan dit blêd is in alderaerdichst boekje forskynd. It bifettet fjirtich tekeningen dy't allegearre sirkelje om ien en itselde: de finger. De Valk sels hat de tekeningen bititele, wylst de ûnderskriften bijinoarfandele binne fan Josse de Haan út in hânboek foar de soldaet fan 1964, in hânboek foar B-B-ers en de Declaration of Human Rights. Trinus Riemersma hat de útsochte teksten wer yn it Frysk oerset. Dêrfandinne faeks dat dizze beide hearen mei tank neamd wurde foaryn dit boekje. Tony Feitsma wurdt frjemdernôch net neamd hoewol't hja in finishing touch joech oan de oersetting fan Riemersma troch forskillende mear technyske termen to forfryskjen. De Valk sil wol tocht hawwe in doctorstitel is wol genôch. It boekje is opsplist yn acht ûnderdielen: 1) moraal (hwerom net morael?), 2) bisteftige fingers, 3) noch bisteftiger fingers, 4) gerjochtichheit, 5) spotterij, 6) minsken, 7) ljedder, 8) slot.
Troch frije assosjaesje litte de tekeningen har trochstrings maklik forbine mei de ûnderskriften en oarsom. De fingers bylkje pars pro toto it libben yn syn hiele hear en fear út yn in subtile fingertael. Dy sprekt gauris wól safolle foar himsels dat it ûnderskrift wolris justjes net oanslút bg. side acht, dêr't oer alderlei bommen praet wurdt bihalven oer tiidbommen. En dy hiene dêr nou krekt past sjoen de wizerplaet oan 'e ein fan de middel- en wiisfinger. Nou wurket dat net alhiel op elkoar ôfstimd wêzen fan tekst en yllustraesje ek wolris forrassend bg. side 9 dêr't de guodlike titel ‘troufinger’ en sinyske rigels oer biologyske oarlochsfiering sjen litte hoe't jin faken mei in yllustraesje twa of mear totael forskillende kanten útkinne. By dit gearspul fan ûnderskrift en yllustraesje komt it tredde elemint fan de titels net altyd sa lokkich nei foaren. It is mar komselden dat titel, yllustraesje en ûnderskrift in folsleine ienheit foarmje. Dat sil maklik to witen wêze oan it feit dat der forskillende lju oer gear west hawwe. Immen dy't net yn militaire tsjinst west hat, moat de grize wol oer de grouwe gean as er de teksten út it hânboek foar de soldaet lêst. Twa priuwkes fan s. 9 en s. 10: ‘By de biologyske oarlochsfiering wurdt gebrûk makke fan syktebringers, mei it doel om de minske en it bist slim siik to meitsjen of to deadzjen. Syktekjimmen kinne forspraet wurde troch ynsekten, luzen, rotten en oare bisten. Fierders kinne baktearjes en skealike bistândielen forspraet wurde bygelyks troch it forsjitten fan atjeryprojekten dêr't se yn sitte; op sa'n manier bliuwe se yn 'e loft sitten en komme se by it ynasemjen yn 'e longen’, en ‘Blierlûkende stnidgassen. Wurkje yn op it fel en de organen foar it sykheljen en jowe blierren fan in earnstich slach. Bygelyks: mostergas.
Wurde brûkt yn bommen, granaten, raketten, lânminen en sproeid út fleanmasinen’. Doe't ik dit lies bliuwde alle kommintaer my yn 'e strôtte stykjen. Kostlik is de earrebarre op side 11 mei syn ‘militaire Willemsoarder’ om 'e hals; mei omt hjir in folsleine ienheit fan titel, ôfbylding en ûnderskrift birikt is. Yn it