Alex Riemersma
Emoasje
p. boersma: net to kearen emoasje. koperative útjowerij, 1974, Bolswert.
De fersen út dizze bondel litte har ûnderbringe ûnder de kopkes ‘langstme’, ‘herinnering’, ‘emoasje’. It binne meastenpart praterige, meidielende fersen. De fersen fortelle fan de emoasje, fortelle fan doe en dêrre en ‘foar my is de merke net mear / hwat er wie’ (s. 26). De fersen litte de emoasje net fiele, de emoasje trillet net it fers troch. In foarbyld fan sa'n fortel-fers: (s. 10):
Ik bin in hynder
dat de kop nei de fierte keart,
de poaten nei achteren yn 'e loft slacht,
de rêch krûmt en rjochtet,
foar in wol tige brede sleat hâldt.
hwant de wanhoopssprong net makket
en it by lûd wrinzgjen lit.
De ik fan dit fers forliket him/harsels mei in hynder yn in moai-wiidweidige aerdich útwurke forliking. It spitige is dat de lêste trije rigels sa nedich in ‘plot’ foarmje moatte en it fers dêrmei ta in sletten saek meitsje. Der wurdt útdruklik forklearre, dat de ‘ik-hynder’ ‘ridlik lokkich’ is, ‘hwant...’ De dichter jowt it netspringen en it lokkich wêzen as in oarsaek en gefolch kwestje: it hynder is ridlik lokkich en springt dêrfandinne net. Der binne oars noch wol mear redenen op to tinken, hwerom't it hynder net springt, ek al is it noch sa ûngelokkich. It kin byg. binaud foar wetter wêze, it kin ek leffens wêze of it springt net omt it kr.
leauwen dat forbiedt. As de lêste trije rigels weilitten wiene dan hie de lêzer mear mooglikheden ta kreatyf-lêzen hawn. Hy hie dan langer en djipper omtinken jaen moatten oan it krûmjen en rjochtsjen fan de rêch en it hâlden foar de sleat. De lêzer hie dan sels útmeitsje moatten, hokker kant er út woe mei dat hynder. Nou sit er fêst oan dy lokkige ik-hynder. Dizze lêzer byg. hat der net forlet fan to lêzen to krijen, dat de ik-hynder opstannich is en net tofreden mei syn sitewaesje, mar dochs ridlik lokkich is. Dat lêste wol ik wol útmeitsje kinne op groun fan de trilling en struktuer fan it fers, net út it ‘boadskip’. En as de dichter der binaud foar is, dat syn bidoeling net goed oerkomt, dan moat er mar in forklearjend brief nei it FLMD stjûre, dan kinne de H.H. Lit-Historici der oer in foech ieu wol mei wurde.
Ik, op dit stuit, wol myn eigen gong gean kinne; de lêzer hat der rjocht op de fersen oars to lêzen as de dichter bidoeld hat.