Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 29]
| |||||||||||||||||||||||||||
A. van Hijum
| |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 30]
| |||||||||||||||||||||||||||
dizze bundel, in tige détaillearre aquarellearre stil libben fan fjildblommen is fan de professionele hân fan deselde Karst L. Zwart. Ik ha de yndruk dat sawol de typografyske forsoarging fan de bundel ‘Ljippeblommen’ as de omslachtekening der foar pleitsje om de boeken dy't yn dit lân útkomme uterlik foarm jaen to litten troch minsken dy't dêr forstân fan ha. It kunstwurk wurdt dêrtroch gauwer tagonklik. Ik meitsje my sterk dat it kunstwurk dêrtroch ek makliker forkocht wurde sil. Dat it jild, dat útjown wurde moat oan sa'n professionele ûntwerper komt der wierskynlik wol wer út. Yn de bundel Ljippeblommen binne opnaem de folgjende 11 forhalen:
Ik wol fierder yngean op it titelforhael fan de bundel ‘Ljippeblommen’, op groun fan de folgjende oerwegingen:
| |||||||||||||||||||||||||||
Uterlike struktuer fan it forhael ‘Ljippeblommen’Ljippeblommen bislacht yn totael 39 siden en is ûnderfordeeld yn 4 (haed)stikken: Haedstik I hat as titel meikrigen Anna en telt 10 siden. Haedstik II hat as titel meikrigen Branda en telt 14 siden. Haedstik II hat as titel meikrigen Bloed en telt 12 siden. Haedstik IV hat as titel meikrigen Kening en telt 3 siden. Haedstik I, mei de titel Anna, is net ûnderfordeeld yn perikopen. Dit haedstik hat as ûndertitel meikrigen: Leif fortelt oan syn sweager. Haedstik II is ûnderfordeeld yn 3 perikopen: hat as titel Branda en
Haedstik 3 hat as titel Bloed en is ûnder fordeeld yn 2 perikopen:
Haedstik 4, mei de titel Kening, is net ûnderfordeeld yn perikopen. Dit haedstik hat as ûndertitel meikrigen. Kune fortelt oan har freon Arne. | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 31]
| |||||||||||||||||||||||||||
Ynhâldelike struktuer fan it forhael ‘Ljippeblommen’It forhael ‘Ljippeblommen’ hat, soe men sizze kinne, 3 haedpersoanen: Leif, Anna en Branda. Dat wurdt ek al wol dúdlik út de titels fan de haedstikken. Haedstik I hat as titel Anna en dêryn wurdt dan ek werjown dat en hoe't Anna en de folle âldere Leif boaskje. Haedstik II hat as titel Branda en dêryn wurdt werjown dat en hoe't Branda as folweardige partner opnaem wurdt yn it houlikslibben fan Anna en Leif. Haedstik III hat as titel Bloed en dêryn wurdt werjown hoe't Leif in tolve-tal doarpsgenoaten fan de dea wit to rêdden. Hysels rekket dêrby woune. Mei fanwegen syn moedige hâlding wurdt troch de doarpsmienskip akseptearre dat Leif mei Anna en Branda libbet. Haedstik IV hat as titel Kening. Yn dit haedstik wurdt werjown dat Leif, Anna en Branda sasear akseptearre wiene troch de mienskip dêr't sy yn libben dat sels de kening it net ûnder syn stân foun om sa út en troch ris by hun to útfanhûzjen. Boppedat wurdt de lêzer hjir gewaer dat Leif troch fordrinking om it libben kaem is en dat Anna en Branda mei de bern dy't Leif by har woun hat ek nei syn dea byelkoar bleaun binne. | |||||||||||||||||||||||||||
Perspektyf yn it forhael ‘LjippeblommenYn haedstik I fan it forhael ‘Ljippeblommen’ is it perspektyf, neffens de ûndertiteling, koppele oan Leif: Leif fortelt oan syn sweager. It forhael fan Leif oan de sweager hat yndie wol hwat fan in monolooch mar ik ha de yndruk dat it dochs net alheel krekt wêze soe to sizzen dat yn dit haedstik it perspektyf koppele is oan Leif, de lêzer de wurklikheit oanbean kriget sa't dy op Leif takaem is. Ik fiel der folle mear foar to sizzen dat yn dit earste haedstik in auktoriael forteller de lêzer forslach docht, sij it ek dat dy auktoriale forteller pretindearret de saken to sjen fan it point of view fan Leif út. Ik basearje dizze stelling ûnder mear op it folgjende fragmint út haedstik I fan it forhael ‘Ljippeblommen’. Leif fortelt: ‘Lykas trochstrings gyngen wy dy sneintojouns bitiid op bêd, mem en ik tagelyk mei de âldste bern. Doe't de measten al slepten, gyng Anna derôf, hja krige har hierboarstel, kaem en toskbjinderke; har âlder suske, dêr't hja by slepte, frege: “Hwat silst?” Anna antwurde: “Ik sliep fuorthinne by Leif”. (...) Anna kaem by my, wy slepten yn elkoars earmen.’ (side 112) It is, yn myn eagen, folslein ûnmooglik dat Leif oanwêzich wêze kind hat by de diskusje tusken de suskes en tagelyk op syn eigen bêd lizze koe. Ik moat hjirút dan ek wol konklúdearje dat hjir de ‘omniscient’ auktoriale forteller de lêzer forslach docht en net, sa't yn de ûndertiteling fan dit haedstik suggerearre wurdt, de personale forteller Leif. Yn perikoop 1 fan haedstik II docht de personale forteller Leif, neffens de ûndertiteling, forslach oan dokter. Hy fortelt dokter hoe't hy, op oantrunen fan syn frou Anna ek Branda ta frou naem hat. Yn dizze perikoop is konsekwint trochfierd dat Leif de (personale) forteller is. Yn perikoop 2 fan haedstik II docht de personale forteller Branda, neffens de ûndertiteling, forslach oan dokter. Hja fortelt fanút har point of view dat Leif, har, nei Anna ta frou naem hat. Men soe sizze kinne dat it byld dat de lêzer him foarme hat op groun fan perikoop 1 fan haedstik II fordúdlike en oanfulle wurdt troch it forslach fan de personale forteller Branda yn perikoop 2 fan haedstik II. Yn perikoop 3 fan haedstik II docht de as personale forteller fungearjende (doarps) dûmny forslach oan dokter. Hy lit witte dat de doarpsmienskip yn it bigjin nochal hwat muoite hie mei de menage à trois sa't dy foarme waerd troch Leif Anna en | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 32]
| |||||||||||||||||||||||||||
Branda. Binammen de froulju fan it doarp - en ek syn eigen frou - koene hwat dêr barde mar min fortarre. Syn eigen frou lykwols, wie gau oer har morele problemen hinne doe't se mei eigen eagen sjoen hie hoe't it der by Leif en dy op en ta gie. ‘Doe't it (musyk meitsjen) út wie, hat de frou har bitanke, en dêrmei wie it spul tusken ús ta in ein. Hja praet nou ynnommen oer ús jonge freonen; och, de minsken wenne ta alles.’ (side 131). Yn haedstik 2 wurdt, sa soe konklúdearjend sein wurde kinne, troch 3 personale forteller ien en deselde saek - it feit dat Leif nei Anna ek Branda ta frou nimt - fanút it eigen point of view forteld. De twa earste personale fortellers - Leif en Branda - biljochtsje dy saek, ik soe hast sizze, fan binnen út. Hja wiene per saldo de dramatis personae. De lêste personale forteller - dûmny - stiet ynfeite foar de hele doarpsmienskip, hweroer't hy de geastlike scepter swaeit. It byld dat de lêzer him, op groun fan de gegevens fan de boppeneamde personale fortellers, foarmje kin is tige détaillearre. Yn perikoop 1 fan haedstik III docht de, as personale forteller fungearjende dokter oan Leifs heit forslach fan it funksjonearjen fan Leif-en-dy yn de doarpsmienskip. Se binne alheel yn de doarpsmienskip opnaem: ‘De jongerein hat Leif dounsmaster en fioelspylder makke. Anna spilet dan ek op 'e fluit, mar Branda is har dêryn oermânsk.’ (side 135). Dêrnei fortelt de dokter hoe't Leif, mei gefaer foar eigen libben, mei in sekere Hanson, tolve doarpelingen fan in wisse dea rêdden hat. Hanson rekke dea, Leif rekke by de aksje tige earnstich woune mar kaem der wer boppe op. Yn perikoop 2 fan haedstik III docht de, as personale forteller fungearjende, Branda oan Leifs mem forslach fan de hâlding fan it doarp tsjinoer Leif, Anna en harsels foar en nei de tiid dat Leif de tolve doarpelingen rêdde. ‘Ja, it doarp foun it ek wol núver doe't hja seagen dat ik swier wie. It duorre net lang, fjouwer moannen, doe kaem it ûngelok.’ (side 141). Nei it ûngelok reagearre it doarp sa: ‘Ay (= Branda's jongste) moast doopt wurde, mar ik woe net sûnder Leif. Dat haw ik dûmny ek sein. Hy sei: “Mar bern, God hat it better oan tiid as wy.” Einlings, op in moaije hjerstdei, rieden wy, Leif en ik en lytse Ay, mei hynder en wein nei tsjerke ta. (...) De tsjerke wie fol en eltsenien stie, it oargel bigoun to spyljen; ien fan de tsjerkerie kaem op ús ta en brocht ús to plak.’ (side 144). Konklúdearjend soe sein wurde kinne dat de lêzer op groun fan de ynformaesje, dy't him jown wurdt troch de personale forteller dokter in byld krige hat fan it funksjonearjen fan Leif, Branda en Anna yn de doarpsmienskip. Dat byld wurdt foar in part korrigearre troch de personale forteller Branda. Yn haedstik IV docht de, as personale forteller fungearjende, Kune - dochter fan Branda - oan har freon Arne forslach fan de fierdere ûntjowingen fan Leif en syn gesin. Leif is ta heech oansjen kaem. Sels de kening is wol by him op bisite west. Op de dea fan Leif, dy't fordronk by it fiskjen, réagearre syn dochter Kune sa: ‘Ik krige der myn nocht net fan om him hieltiten to sjen, ik tocht: dit wol ik by my hâlde oant myn dea. It wie net ôfgryslik. Ynienen wist ik it: Heit wie in kening, tige âld, lang lyn, sa wier, sa wier. Doe gûlde ik, de kening wie dea.’ (side 150) It gesin fan Leif is, nei syn dea, net útelkoar spatten. Branda en Anna binne byelkoar bleaun: ‘Ik (= Kune) sil mama en mem sizze dat ik in nije soan meinomd haw foar har. Hja sille dy bidjerre. Och Arne! Dêr sitte hja togearre op it bankje!’(side 150) | |||||||||||||||||||||||||||
[pagina 33]
| |||||||||||||||||||||||||||
EvaluaesjeIk mien, op groun fan it boppesteande, sizze to kinnen dat de auteur fan it forhael ‘Ljippeblommen’, binammen troch de wize hwerop't hy de mooglikheden, dy't it brûken fan in personael perspektyf foar in skriuwer hat, binut hat, in knap forhael skreaun hat. Krekt omt de skriuwer it personale perspektyf sa goed mooglik binut hat wurdt foar de lêzer de ynformaesje, him oanbean troch de respektivelike personale fortellers, súver per perikoop mear détaillearre. Net dúdlik is my wurden hwat de oarsaek wêze kin fan it feit dat yn haedstik I gebrûk makke is fan it auktoriale perspektyf. Alheel net dúdlik is my wurden hwat Noordmans en de flaptekstskriuwer der ta bracht hat om to praten oer symboalysk realisme as it giet om it forhael ‘Ljippeblommen.’
Grins, desimber 1974. |
|