Yn de cello, it tredde forhael, dat my neat seit, boartet Miedema noch hwat mear mei de forhaelfoarm. De fiksy fan de net oanwêzige, allinne mar forheljende skriuwer giet net mear op, syn oanwêzichheit blykt hieltyd wer troch syn eigen kommintaer. It barren is net selsstannich; hy, Miedema, stjûrt it. Yn it sawnde forhael, de sémearmin, is dit direkte oansprekken fan de lêzer noch helte dúdliker. It aerdige fan dit forhael is dat nettsjinsteande de ymplisite warskôging fan ‘Ik bin it mar, Hessel, dy't samar in forhaeltsje bitinkt’, de lêzer oan de ein dochs in morael forwachtet; dy't der fansels net is, omt it dochs samar in bitinkseltsje wie oer net bisteande wêzens.
It fjirde (antimilitaristyske) doch net sa flau hat qua technyk in protte fan it earste forhael, mar is hwat minder dynamysk, hwat statysker fan opbou. Ik haw sa'n gefoel dat it téma èn de titel fan Riemersma syn forhael Der wurdt foar jin tocht hwat mei doch net sa flau to krijen hawwe. Forlykje de wurden ‘mar der wurdt foar jin tocht fansels’ op side 90.
bea wit troch de nou bikende filmtechnyk in greate spanning op to roppen dy't oan de ein hommels fuort ebbet, hwat op himsels al in knap effekt jowt. Binammen de woede en eangst fan Jehannes oer it hâlden en dragen fan de gewante, yn lear klaeide bromfytsraesbekken wurdt knap yn byld nei byld stal jown.
Fan de noch oerbliuwende forhalen sil ik nou allinnich noch de stêd wiidweidich biljochtsje. De oare bringe net safolle nijs mear yn it ljocht fan boppesteand kommintaer, en bifredigje my ek net sa bot, útsein jok dat goed skreaun is. Boppedat wurdt dit bisprek sels njonkenlytsen ek to lang, haw ik soarch.
de stêd is it langst en neffens my ek fierwei it bêst. Riemersma seit hjirfan yn syn bisprek yn de Tsjerne side 371: ‘Ik haw my forskillende kearen oan de stêd bidronken - hwant lêze docht men it net, it forhael sit yn jin foar't men der aen fan hat - sûnder ûntkomme to kinnen oan dy eangstige birûzing en ek sûnder forklearje to kinnen hoe't dy ûnwjersteanberens troch de skriuwer birikt is’. Ik kin Riemersma meistimme oer it effekt fan dit forhael: it is as in stream dy't jin warleas meifiert. Dochs binne der wol inkelde redenen foar dizze ‘birûzing’ by to bringen, liket my ta. Yn it earste plak kin de ynterpunksje, dus it weilitten derfan, it effekt forgreatsje, al is dat grif net it foarnaemste.
Twad is der fansels wer de knappe byldmontaezje dy't yn in stream fan bylden en shots de lêzer ta in warleas, registrearjend ynstrumint makket, sûnder eigen wil. De flarden reklame troch de tekst hinne binne suggestyf yn dy sin dat de konsumpsjemaetskippij mei al syn slûchslimme reklameteksten foar ús delset wurdt - forlykje op 117 de biskriuwing fan it meitsjen fan reklame troch filmflitsen dy't sa koart binne dat de minsken se net fornimme, mar dy't dochs ûnbiwust hingjen bliuwe. Yn sa'n wrâld wurdt men meifierd yn de stream, frije wil is der net: ‘maja hie der m hekel oan om kieze to moatten’ (113), ‘de dingen komme jin oer bûten jins wil om’ (117), ‘se hie in hekel oan kiezen’ (122). Ik leau net dat it oerdreaun is om to sizzen dat eat fan dat ûnfrije, dat warleaze, automatyske, op de lêzer oerbrocht wurdt, èn ek eat fan de ûndergrounske, forkroppe spanning, dy't yn it forhael sels biskreaun wurdt as him ûntladend yn jongereinbindes en hystearyske godtsjinstige sektes.
Tred, it brûken fan de tael sels. Rigen koarte sinnen faek mei in bulte ritme, der sit faesje yn. Ik kin dit allinne mar oanjaen troch in foarbyld: ‘ek wiene der oare