Wibren seach goed hoe't oan elts, de iene hwat minder, de oare hwat mear, in read brunich koarstke siet. Heit hie lokkich neat yn 'e gaten, seach er wol, dy waerd alhiel yn bislach nommen troch it petear mei dûmny. De bern wiene sa stil as mûzen, dat wie harren goed yndruid. Doe't alles op it board lei bigoun elts foar himsels to tsamkjen en to iten. Heit like neat to priuwen, mar mem nammersto mear. ‘Ik leau dûmny, ik leau....’. Hja hie hwat in kleur. ‘Het smaakt mij bijzonder bast mevrouw’, sei dûmny en lake har minlik ta. Mem koe har net mear forhâlde: ‘Ik leau dûmny dat de ierpels hwat oanbarnd binne’. ‘Maar mevrouw’, sei dûmny, ‘er zijn momanten dat je je een aangebrande aardappel beter laat smaken dan een gewone’. It wie foar Roaske in gelok tocht Wibren dat it heit foarby like to gean. Of hâldde er him sa, en luts er de famkes werris foar op 'e jonges? Hy koe ommers fan 'e famkes folle mear forneare as fan de jonges. Nei de brusselske kermis mei haechske bluf mocht Goaitsen - hy wer fansels, tocht Wibren heit syn lêsbril en de bibel pakke. De bibel wie heit hillich, ek al foel er sahwat útinoar. Hy lei yn in trijedielich hingkastke yn 'e keamer. It middendiel fan dit kastke wie iepen en bifette net oars as stichtlike lektuer: Oepke Noordmans, Miskotte, Banning, Straat, Buskes, Wumkes en in mannichte oan deiboeken en synodale skriften. De beide úteinen fan it kastke siet in doarke foar. Yn it lofter kastke leine listen en molkkontrole papieren, yn it rjochter leine twa bibels, in fryske en in hollânske, de lêsbril en de hierkaem. Alle trije kearen deis as heit út de hollânske bibel foarlies kjimde er earst syn hier sá dat de skieding him kearsrjocht op 'e plasse lei. Yn't earstoan waerd nei de oanskaf de fryske bibel net útlêzen. Heit sei it
fryske Jo wie him foar God oer to frij. ‘Jo seit men tsjin elts’, sei er. By harren hie God op it hollânske Gij wol sahwat it monopoalje yndertiid. Nou't dûmny der wie waerd it lêzen alhiel in plechtich seremonijeel. ‘Mijne vrienden’, sei heit, en tikke mei de knûkels op 'e tafel. Hy lies út 'e Psalmen, murk Wibren rillegau. Duorre it oars sa'n fiif menuten, it gie nou wol tsien menuten troch. Doe't it dien wie moast Wibren it lêste wurd sizze. Dat hâldde oars op sadre't je nei de greate skoalle giene, mar by Wibren koe heit it mar net litte. Wibren rabbele de lêste trije rigels wurdlik op. Doch wol mei hwat fan greatskens seach heit skean nei dûmny dy't de hannen al gear hie. Oft dûmny mar net foargean woe yn tankgebet. Dat die er jerne. It wie Wibren al lang goed, dan duorre it tominsten net sa lang. Nei it iten knippere heit ornaris in kertierke mar dat skeat der nou by yn fansels. Der waerd yn 'e keamer noch hwat neipraet. Nei in healûre moast dûmny wer opstappe. Goaitsen wie nearne to bikennen doe't heit Tseard, Douwe en Wibren hjitte om by de peallen stean to gean. Op it hiem wiisde heit dûmny de skiep yn 'e finne. Hy woe dûmny minlike graech noch hwat by him hâlde, mar die it him net mear oan tiid. Ienkear op 'e fyts giene de trije hikken ien foar ien foar dûmny iepen.
‘Dan hoecht er net fan 'e fyts’, sei heit foldien en gunde himsels doch noch mar in knipperke.