Steven de Jong
In min sin op snein
Hjoed haw ik in min sin en dat moat ik mar ôfreageare, faeks hat it literaire wearde en sa net, hwat soe it? De stereoynstallaesjes wurde hieltyd better en djûrder fansels, mar de platen hieltyd biroerder. Alle flyt wurdt dien op de hoes, de ynhâld nukt neat. Mar ek de hoezen bin sa ymbisyl fan opset, dat it wol dúdlik bliken docht, de keaper wurdt sjoen as in ymboarling, dy't stapelsljocht is op kraeltsjes, spegeltsjes en rustige spikers. Ik woe in krystplaet keapje: frede op ierde, stille nacht en sa: Noël fan Honegger. ‘O, dat sil wol medern wêze’. Sa modern is dat fansels net. Net yn foarrie, to spesialistysk (in spesiaelsaek yn Ljouwert), krekt as bin ik spesialist yn musyk. Man, ik wyt der neat fan, mar ik wol allinne keapje hwat ik moai fyn. Bach, Beethoven, Beatles, 't is krekt ‘een paardehoofdstel aan de muur’, om noait mear to hearren.
1974, in jier fol fan rampen fansels, lykas alle jierren, mar de greatste ramp is sûnder mis it ethyknûmer fan Trotwaer (literair tydskrift), dat dêr moat ik nou mar oer gear. Ik sei al dat ik in min sin hie.
1. | Hoe krijt in redaksje fan in literair tydskrift, dêr't, wol it goed wêze, elke domeny oanstjit oan nimme moat, it yn 'e plasse in nûmer folskriuwe to litten mei domenysprytpraet. |
2. | It stik fan W. Abma hat in bealch fol wurk west. Ik bigryp der net folle fan en it ynteressearret my ek net, mar ik woe wol graech de Fryske oersetting witte fan syn 6e slotopmerking: ‘Fan de ynterveniërende ekstrakommunikative faktoren is de “personal influence” (it “face-to-face” kontakt) it wichtichste’. As jim dat Douwe Tamminga nou ris oersette lieten. (flauwe grap net?) |
3. | By sa'n geleardheit moat fansels ek in prof. dr. en in gewoane dr. oan it wurd. Beide binne even mear as in drs. lykas W. Abma. Se kinne lykwols gjin Frysk skriuwe. Dêr ha se it to drok foar. Se moatte goed 20 siden subsidiearre frysk literair papier fol kwattelje mei: ‘Hulde aan een tijdschrift...’ brrr. As kristen mei ik net flokke, mar men soe der hwat fan krije. |
4. | It probleem is hiel simpel: in skriuwer kin skriuwe, in etikus net. Dat is nei dit nûmer (74-5) fan Trotwaer wol dúdlik. |
5. | Ik stel my de etikus altyd foar as de man sûnder sûnde, dy't mei stiennen bigjint to smiten. Hwerhinne? Nei de skriuwer û.o. Mar och hy sil him net reitsje, hy smyt dochs altyd mis, hwant hwa is de skriuwer? |
6. | Prof. Roscam etc. hat it oer in heger niveau as de wurken fan Hermans en Wolkers. Hwer fyn je dy? Antw.: Zoals bekend had het Griekse drama....’ (side 267 Trotwaer, literair tydskrift 1974-5... foar kristus?) |
7. | ‘Men mag al schrijvend ook niet feitelijke - al of niet nog levende - mensen zwart maken,...’ (side 271) Dat is racisme, achte professor, hwerom is in swarten minder as in witen? |