Tr. Riemersma
Trijedubbele lulkuk
‘De hear J. Hylkema to Hitsum hat troch it lêzen fan W. Abma syn artikel ‘Ethyk en literair skriuwerskip’ sa slim diarré krigen, dat er him ûnder doktersbihanneling stelle moast. De hear Hylkema hat in oanklacht yntsjinne tsjin de hear Abma.’
(Frysk en Frij, 09.11.74)
Os bóppesteant berjócht net fiktyf, mar vjirhyt vie, don east soe de problematyk dyt de hearen Abma, Roscam Abbing en fwar harren Laverman oan 'e wadder stelt havve rillefont vurre. Oant no ta is ut téoretyske lulkûk.
Bij de hearen dyt ut Trotwaerspecial fólkwattele havve kónstatjerje ik un ûntstellent gebrek oan earbiet fwar de fijten en de fijtlekhyt. De téoryen dyt se ferkundigje havve moi de verklekhyt lykefólle mien os stróntkroadzjen moi skûttelvoskjen.
Ik bin un taurus, meskjin ferkljerret dot vot, ik bin matryalistysk en skeptysk. Olles vot net oan to vizen en fêst te grypen is, vot net beviisber of hut te maitsjen is, dot is fwar mij téology.
Roscam Abbing soit dot lju dyt ‘sceptisch staan ten opzichte van waarden en waarheden, van overtuigingen en wereldbeschouwelijke noties’ fijtelek neat mear te sezen havve. Ja, dot is fonself ek un menier óm juns tsjinstonners yn 't foar ol ut swijen óp te lezen....
Os mun ut iene of oare ûndersykje of oantoane vól, mat mun ut fjilt fon ûndersyk ôfreedzje en juns metoaden eksplysyt maitsje.
Gjin fon 'e trije hearen fredet de lyteratuer eksakt ô. Abma soit net: dy-en-dy bûkken haf ik óp ut êch, mar hij hat ut oer defynysjes fon lyteratuer. Roscam Abbing behijnt de lyteratuer ta de bûkken dyt ur sels yn syn bûkkekost hat. Hókker dot binne, vurt net dúdlek, mar dur sit gin pornografy tusken, dêr kin mun dónder óp seze. De Pree lyket olinnech de mearkes fon Grimm lêzen te havven...
Nimmen kin fonself olle lyteratuer fon 'e hele vrôt lêze en bestúdeare, Mun sil jun slim behijne matte, benammen bij un dreech en tiitfrettent ûnderverp os ut ópspoaren fon 'e effekten fon lyterêr vurk en de etyske vedjerring fon dy effekten. Mar dy behijning mat vól un ópjektyvenien vêze. Mun sû jun bijgelyks behijne kinne ta de oarsprónkleke nederlonske en frieske lyteratuer/lektuer (de greans is net ópjektyf fêst te stellen), savól fwar bên os fólvûksenen, pûblysjerre yn ut ier 1970.
Ut sil ek ol ver tefólle tiit nimme óm bij olle lêzers de effekten fon ut lêzen fon 'e bûkken út ut ier 1970 noi te gean; mun sil jun behijne matte ta bijgelyks tûzen lêzers, selekteare út olle lagen fon 'e befólking.
Neffens hókker metoade(n) mat mun de effekten bij de lêzers efterhelje?
Mun sil vól net mear dwan kinne os de lju un listke moi fragen fwarleze: Hû fûnnen jo dy romon (ferhalebundel, etc.)? Vot hat ur jo ‘dien’? Is dur yn jo tinken vot feroare? Hat ut lêzen fon ut bûk ynfloet hôn óp jo hôden en dragen? De ontvudden dyt mun kryget sille net bótte betrauber vêze, óm ut uifemistysk te sezen.
Hû don? Ut is myn ûndersyk net. De hearen Abma, Roscam Abbing en de Pree matte ut mar útsykje. Om mij nimme se un leger psychyaters en soasjologen yn tsjinst.