Trotwaer. Jaargang 7
(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 14]
| |
J. Boersma
| |
[pagina 15]
| |
In skriuwer yn de rjuchte sin fan it wurd is nei myn bitinken nea in etaleur mar in kunstner; in wurdkunstner. Hy hat de jefte krigen en hy moat him uterje kinne, al hoe mâl en hoe bryk as it soms ek liket yn ús eagen. Of it by eltsenien goed oerkomme sil? Dat is net to foarsjen. Dat is foar elts in saek fan leauwe, persoanlike bislissing en karakter. As in skriuwer yndied hwat to sizzen hat dan sil er him, as it goed is, der ek net folle om bikommerje hwat de lju der fan sizze sille - De foarmen kinne fansels net al to frij wêze. Ik bin gjin fakman op dit mêd mar der sil wol sprake wêze moatte fan in bipaelde foarm. En styl is as in kanael foar de foarmen dy't oars yn in moeras útrinne. Styl is ‘ienheit yn de mannichte’ oars forsûpt men der yn. Troch strakke foarmen kin greate spanning oproppen wurde. Sa kin in dichter mei inkelde wurden in sé fan emoasjes oproppe. Hoe strakker de foarm, hoe greater faeks de spanning. It stik proza of in fers hoecht nei myn bitinken net yn it foarste plak ethyske wearde to hawwen. It is prachtich as it dat èk hat mar in ‘preek’ is hiel hwat oars. Sadré as it dêr nei bigjint to rûken dan komt meastentiids de literaire spanning op de eftergroun en dat is spitich. Dêrom kin ik de sa ynboargere oantsjutting ‘kristelike auteur’ en ‘kristelike roman’ sa min pleatse. As it oer echt literair wurk giet is dy oantsjutting folstrekt ûnbilangryk en net nedich. In literair wurkstik is yn it foarste plak in kunstfoarm. It kin in trageedzje wêze, it kin dramatysk of profetysk wêze mar it jowt meastentiids in erfaring fan, ja, wit ik hwat? It sil wol skientme wêze. De dichter Jelle H. Brouwer seit yn syn gedicht oer it Liet oan de ein it folgjende: Dit sjongen follet ús alhiel,
It hert det kloppet oan 'e kiel;
En fen ús lêste soarg ûntboun
Ha wy de hege wille woun
Fen 't liet.Ga naar eind2)
De skriuwer Leo Sjestow hat in aforisme makke oer de frage; ‘Hwat is skientme’. Hy seit, ‘as wy dizze frage stelle dan slute wy ús sels de wei ôf nei it bêste hwat der is yn de wrâld. Wy kinne prate oer ús yndrukken fan skientme mar dat seit neat oer de moaije dingen sels. Dy binne folstrekt ienich, net to forfangen en net to forgelikenjen mei gjin inkeld ding yn 'e wrâld.’Ga naar eind3) Al sprekt eat hwat hjoeddedei de wrâld yngiet as literair wurk ús op it earste gesicht net altyd oan en witte wy der net rjocht wei mei dêrom kin it noch wol wurk fan karakter en hege wearde wêze. Miskien seit it neiteam: ‘Hoe is it mooglik dat jim dat net forstean koene’. It is bygelyks yn it forline ek faek genôch bard dat it wurk fan in byldzjend kunstner nei syn dea pas de erkenning foun. Skriuwers út forfleine dagen wurde soms ek wer yn eare hersteld. De faek sa forspuide boukunst út de 19e ieu dêr krije wy nou ek wer hwat mear each foar. Der binne minsken dy't it bigryp skientme ôfdogge mei de term ‘fornaemheit’. Hja eamelje den oer ‘sacrale skientme’ dy't biskreaun wurdt yn Exodus 40. En hja sizze tsjin my, dou bist op in dearinnende wei mei dyn Leo Sjestow. Mar dat wol der by my net yn. Skientme is ek wierheit. De dichter Keats hat it folgjende ris skreaun (Letter to Baily 1817). ‘Ik bin fan neat oars seker as fan de súverheit (hillichheit) fan de fielings fan it minsklike hert en fan de wierheit fan de forbyldingskrêft. Hwat de forbyldingskrêft oanmurket as skientme moat wierheit wêze. De forbyldingskrêft kin min it bêste forgelikenje mei de dream fan Adam. Hy waerd wekker en hy seach dat it wierheit wie....Ga naar eind4) | |
[pagina 16]
| |
Dit binne sa, as in stim út it âldere lêzersfolk, myn oantekens by it ûnderwurp ‘skriuwer en ethyk’. As in minske hwat fan in oar lêst dan liket it der faeks op dat hy mei syn kommentaer it bêste op dreef is as hy skriuwt dat hy it der net folslein mei iens is. As dat út myn stikje de foarste yndruk is dan spyt my dat. It is net opsettelik bard en reaksjes binne min of mear frege. It is blykber myn lot om my op to stellen tsjin hwat al to selsforsekere minsken mei útspraken dy't gjin tsjinspraek duldzje. Men moat tusken heakjes dan ek ris lêze hwat Leo Sjestow seit yn syn aforisme oer ‘het standpunt’Ga naar eind3). Trouwens in arketekt hat ek syn libben lang mei skeppend wurk to meitsjen. Wy kinne ek likegoed oer it ûnderwurp ‘arketekt en ethyk’ bigjinne. Dan binne wy fourt ek noch net klear. Party dingen soene op itselde delkomme. It ûnderwurp hwat Trotwaer dizze reis oan de oarder stelde is yn elts gefal it meast boeijende hwat ik sûnt tiden lêzen ha.
Súdhorn, 19 novimber 1974. |
|