Trotwaer. Jaargang 7(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 40] [p. 40] Daniel Daen Fersen Forhalding hwat docht men op sa'n dei as de sinne skynt troch in noflike sneinswyn? dan set men de skonken yn biweging ûnder in lichum yn stân hâlden fan drank en laxantia fansels helle ik him yn: de âlde tachtiger trochstroffeljend op trije fuotten - hie ik mij ynhâlde moatten? - brune tarflekken ûnder syn eagen kundigen dea en groet oan: ‘goedemiddag mijnheer’, ja, hoe groetet men sa'n kontrast werom? nacht op ljochtskyndei nou noch, heech yn myn geheime wente leit syn antlit yn mij útsnijd soe syn ûnthâld noch ien meter lang west hawwe? [pagina 41] [p. 41] Kamouflaezje ik sjoch se dy't op strjitte rinne, harren broeken ophise en hounen gewetensleas foar myn doar skite litte sy sjogge net hoe't dagen my fan moarnslekken nei joun skouwe brutsen fan krante, buro en iten nachts wrot it, wer in dei forsliten sy sjogge net de seldsume skientme fan figuer en niget oan myn loarten folslein ûnskuldich dellein yn in pôt hwat foar de ruten hinget as fitraezje tsjinnet mear siele as hûs ta kamouflaezje [pagina 42] [p. 42] Hjerstrein wer set in rein dit lân to weak en oft nou beammen om hwat droechte raze gjin slûs giet earder op 'e heak in eazjend stoarmjen sil har wieter blaze Vorige Volgende