Trotwaer. Jaargang 7(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 4] [p. 4] Geart van der Zwaag Fersen Oate en de profeten ‘Wagenen zonder paarden’ spriek âlde oate út 'e plasse doe't se op 'e Terbantsterdyk foar 't earst in auto riden seach en tsjin har man Jan Jan, wy bin yn it lêst fan 'e dagen generaesjes hawwe glimke om oate út 'e plasse de Van der Hoeken, de Fonken en de Van der Zwagen feansterfyn en skânsterfyn mar as ik hjoeddedei om my hinne sjoch tink ik wolris se krije noch gelyk oate en de profeten [pagina 5] [p. 5] Camping fol ik kom op lette jountiid oan en mynhear de bihearder op bêd myn tinte moat hjir ek oerein en de skearlinen kruse mekoar it grounseil útspraet yn 'e nacht de linen hwat mear nei foar.... jezus kristus klinkt it út in walker ik haw in minske oan 'e ierde neile de harring sit ûnder it bloed [pagina 6] [p. 6] Triptyk ik foun in skulp op 't stille strân hy woechs my út myn bernehân waerd my ta fartúch - nou op sé hear ik soms fierwei lûd fan lân ik ha de seilen heger set om bar in flok en in gebet skuor ik de skoaten stiver oan sà sil ik sile of net it libben is in twariemsskou: inkeld hwat meislaen, hwant sa gau stou taestest nei de greate riemen rekkest fan koerts en ritme ou Vorige Volgende