Trotwaer. Jaargang 7(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 7] [p. 7] Steven de Jong Fjouwer fersen Fan 't fryske lan haww' jim wol west op de heechste étage fan 'e serviceflat ‘âldlânstate’ en de rounwei sjoen dy't syn suvere ring goun de tsjerke koe wol wurde - folmakke - de toer fan beton de flats yn 't bûtlân transistorkes allyk en haww' jim heard de rûzjende starfighters fan 'e troelstrawe[i] dy't fryslân tsjin hollân fordigenje moatte? yn huzum bin jim kundich mar ha jim ek sjoen it van harinxsma-kanael fol plastic boatsjes wiid om jim hinne? dat alles is fryslân kinn' jim de wei nei trynwâlden? haww' jim makke op 'e geast fan gytsjerk oer it asfalt fan 'e singel friezene pylgertocht? en metten jimme dêr de ponny's en de paechden mei forinzenbern? faeks binne jimme tein by burgum lâns om de deakiste to sjen fan végé en algemene bank nederland dy't it âlddoarp fan 'e wrâld ôfslút en ha jim it briedende fleis rûkt fan 'e N.T.F. dat alles is fryslân yn hollân hoege jim net west to hawwen hwant ek amsterdam heart by fryslân en hawwe jim wolris west - sa moat ik noch freegje yn 'e frieslandhal kearn fan 'e klaei en de wâlden kenn' jim de rotonde fan 't fean it drachtster plein de toer fan spannenboarch en de P.E.B.-sintrale fan noardermar yn hiel har birin? en de autobanen, de platte, slein troch it âldste gea en hawwe jimme stien op 'e kop ja fan 'e ôfslútdyk en de âlden dêr wrotten sjoen foar lân en foar libben it tilt hjir fan libben dat alles is fryslân (tige frij nei o postma) [pagina 8] [p. 8] Manifest 'k ha balen fan 'e nije romantyk mei dzjiizushier en progressyf antyk fan beppe tiden haw ik skjin myn nocht ek fan dyn iepen hurd mei bearenburch by kearsljocht yn plat towâlde gêrs tusken de hynsteblommen sjoch ik dy ta dysels en ta my kommen mar strûp dan beppe jûpe fan it gat de bleate wierheit is tominsten hwat oars [pagina 9] [p. 9] Petear - ik bin god sei er - en ik leau net yn dyn bistean mar astû echt bistiest bistû like iensum as ik - ik twifelje net oan ús bistean sei ik - mar wol oan dat jo god binne - 't sil je bern mar wêze sei er [pagina 10] [p. 10] De lytse semearmin doe't ik yn kopenhagen sjen woe it lok dêr't wy alles foar oer hiene hûs en hiem de sounens fan ús jonge lea ja sels ús sprake moast ik oerside bûgje om it leed to sjen om it forlern gean fan dat lok in brânnende leafde wjerspegele yn 'e ranende eagen fan 'e lytse sémearmin dy't stoarret oer de sont... nei de dea en doe't ik al it fortriet fan 'e minsken yn dy eagen seach d.w.s. sahwat seach hwant ik koe krekt net fier genôch komme hearde ik de klik fan in fototastel en in frânsman spriek de forneatigjende wurden: mechsý mesjéu Vorige Volgende