Trotwaer. Jaargang 7(1975)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 2] [p. 2] [Nummer 1] Jehannes Fortuyn Twa fersen De put De Greate Tsjerke wurdt sa moai.. as nij! Mar De Put dan? hwa makket De Put wer brûzjend as eartiids? Schönfeld? Nubé? as foarmannen fan harren generaesje? Roosje, hwêrom is it sa stil op 'e Put? Roosje swijt al jierren dea Foar Schönfeld en Nubé bitsjut fascist gjin mislediging dêrom is de Put sa stil [pagina 3] [p. 3] Revolusje Hammerslaggen hammerslaggen! sil' beton en izer brekke frije minsken yn it lân Sizels pylkje troch it koarn ripe halmen yn ús earmen bruorren, hwat in laits is hjir! Vorige Volgende