Tichelwurk
Oerstollege brief
Bêste Reinder,
Twarus haf ik dwaende west mei un brief oan dij, nei oanlieding fon dyn beslút óm mei ut Frysk óp te hôden en de motywaasje durfon yn Trotwaer (1972-3). East woe 'k him dij persoanlik tastjoere, letter tocht ik: lit mij dur mar un iepen brief fon meitsje; de saak is wichtegernôch en Reinder hat óp 't lêst syn miening ek net ûnder stwôllen of banken stutsen. Mar ut is dur bij bleon.
Letter hast yn un persoanlek petear útlitten dotst bijfol fon ús ferwachte hiest; do fieldest dy yn dyn krytyk no frijwot olinne stean, wylst un pear ier lyn de hele plûg mei ut mes dwas yn 'e bek stie. Dêrom kómt disse brief dochs noch, ol is ur no fierhinne oerstolleg. Dyn krytyk is terjóchte, de feiten dyst neamst binne wier. Wot sil ik dur mear fon sizze? Mei ut synjaljerjen fon misstonnen berikst neat. Mei ut ferhefteg oan 'e kaak stellen fon misstonnen berikst noch minder. Dot havve wij sjoen nei ús dónderjeien mei Trotwaer un pear ier lyn. Dur is gjin inkeld got slein yn 'e ôde bolwurken - krektoasóm, wij ha olle warbere mon yn 't harnos jage, en de fêstingen binne ûnnimberder os ea. Wij havve un réaksje yn 't oansjen róppen; un typyske eksponint dêrfon is ut tydskrift ‘Alternatyf’.
Gelyk havve jaut neat, do matst macht havve. Meskjin hienen wij un pear ier lyn un heel soad gelyk oan ús kont - ik bin dot noch oltyt fon miening - macht hienen wy net. Dus is dur neat feroare. No kinst dêr wol oer tróch-sangerje - dot dógsto yn dyn stik - dot hellet ek neat ût, dêr ferswórrest sels olinne mar fan.
Ik haf nammes tocht dotst net sasear teloarsteld wiest yn 'e sytewaasje yn Fryslon, mar mear yn dijsels en yn dyn eigen kinnen. Jir rekkenje ik olle hetten bij mysels, dus lit mij un oar fwarnamwud brûkke: Mun hat sa njónkelytsen san tol tsjinstjirren dot mun adeg rûnkomme kin, mun hat ut tol bên óp 'e wrôd set dot mun havve woe, mun hat un hûûs kocht en jun nei wenjen set, mun hat skreon wot mun kwyt mwast, yn kwatten: mun is arrywee.
Fon dij noch mij folt fólle nijs mear te forwachtsjen. Wij kinne noch wól wot skriuwe ja, en ynsydinteel sille wij meskjin ek noch wólrus bóppe jeddere prestaasjes útkómme, mar ferrossingen sille wij net mear fwar swargje.
Mun is de ylúzjes, dot mun sels un grut skriuwer wudde soe en dot mun yn Fryslon olles samar even feroarje kinne soe, kwytrekke. Mar ut soe bêst wêze kinne, dot mun, befrijd fon dy ylúzjes en ek wot minder dreon fon manny- festaasje- en públykaasjedrift, mear berikke kin, lyterêr en lyterêr-polytyk, os dût mun noch mei dy dingen tangele siet. Dêróm, hie ik dij skriuwe wóllen,