Josse de Haan
Registraesje mei tichte blinen
- wie de sinne der noch mar, dan soe'k it krekt witte - tocht se, doe't se de fiif mannen dwaende seach foar it greate fletgebou.
se rounen hast yn skema hin en wer fan de mânske frachtwein nei de yngong fan'e flet.
oppenij skeaten de bylden fan in jier of hwat lyn - it soe nou yntusken al wer hast in seis jier lyn wêze - har lâns de eagen.
de nije machthawwers hiene har stêd oanwiisd ta ûndersyklaboratorium.
foar nije takomstplannen, sa't doe sein waerd, oer de hiele stêd waerd in koepel fan swart plestyk lutsen, dêr't de sinne net troch hinne komme koe. greate sinnesellen oan'e bûtekant soargen foar it opfangen fan'e enersjy en waermte.
generatoren moasten hjirmei de stêd op in konstante temperatuer hâlde. it hiele libben fan berte oant dea soe stjûrd wurde nei in yndirekte sinneynfloed.
- nou sille se my ek ophelje - rydboske se, en se bleau stean, omt se net fierder doarde. - nou dogge se itselde hwat se doe dien hawwe. marten hie't altiten al sein -
eangstich seach se oer't skouder. der wie gjin mins op'e dyk. allinne foar har sjouden mannen noch nyltiten spul nei de flet. ien fan harren koe wolris de lieder wêze. hy rôp sa foar en nei wurden dy't se net forstean koe.
- ik moat nei de flechtkelder. ik moat hjir wei - en oppenij roun har it bloed kâld troch de ieren. wyld bigoun se om har hinne to sjen. der moasten dochs noch wol tekens wêze fan dy lêste kear, mar der wie neat mear to sjen. alles bliek fuort to wêzen. of..... ja, it netoanwêzichwêzen fan'e sinne wie dêr fansels debet oan.
de bern hiene ôfgryslik gûld doe't der twa manlju foar't flet stiene en ordonnearden dat hy mei moast. even mei komme, mear net, hiene se sein. it wie ommers mar in gewoane formaliteit. marten hie der noch nei frege. mar it iepen brief soe wier, wier net op it aljemint komme. se hiene netbigripend glimke. sy diene allinne har wurk, dat koene se dochs ek wol neikomme?
- ik moat noch in pear dagen op'e bank bliuwe - hie er letter troch de telefoan sein. it kodifisearjen en sa soe nochal hwat tiid nimme. doe wie de forbining forbrutsen wurden.
se fielde har lofterhân as in fûst yn har bûse. en har earen bigounen oppenij to piipjen.
- nee, mefrou, wy bigripe net hwert jo it oer hawwe. o, soa, berne yn ljouwert op 29 febrewaris. ja, tige nijsgjirrich fansels. wy sille ús bêst dwaen, sa't wy altiten wend binne ús bêst to dwaen - en wer fielde se har fûst kâld yn 'e bûse lizzen. op't lêst hie se troch de telefoan raesd, oft se dêrre dan allegearre hartstikke gek wiene meielkoar.
de mannen sjouden noch hyltiten troch. greate bakken. frjemde apparaten en djûre fotoapparatuer sa't like. ien fan de sjouwers liet in bak falle en yn in sekonde seach se allegearre fotoos. se woe der hinne rinne, hwant se miende him to sjen. midden op it trotwaer. mar in ûnbiwuste stim hold har tsjin.