| |
| |
| |
Tr. Riemersma
Ik gean nei hus, jonges
leech yn'e pedaelamer en sette se wer op 'e bar ûnder it flauwe ljocht fan 'e lampkes.
‘Jow my noch ien, Mineke.’
‘Ja,’ sei se. ‘Momint.’
Se naem de skûteldoek en bigoun de bar skjin to feijen, naem de jiskebakken op, fage om de glêzen hinne. Pyt tilde syn healfol glês op.
‘Tanke,’ sei se. (dou drinkst ek net neffens ast jild hast) Se lei de skûteldoek del en tape it glês fan Kees fol. Doe smiet se it healfolle glês fan Pyt wei en skonk it op 'e nij fol.
‘Dou litst it deagean,’ sei se.
Hy seach erchtinkend nei har hannen dy't it skûm fan it glês sloegen.
(it rotmokkel, it fyntsjes gnyskjende rotkring)
Se seach him oan, de smelle lippen, de smelle, skerpe noas, de eagen dy't jin suver noait oanseagen, oars net as flechtich, yn 't foarbygean. (ik woe dat dy jonge net wer kaem, ik bin bang fan him en hy forpest de sfear, hy sit hjir mar en seit neat)
Se naem de lape en fage fierder by it glês fan Age lâns.
‘Nim it mar, ik gean nei hûs.’
‘Giest nei hûs?’
‘Ja, ik gean nei hûs.’
‘Krijst noch ien fan my.’ Se pakte syn glês en dy fan Anke en Durk en skonk se fol.
‘Giest nei hûs?’ frege Durk.
Age seach him oan (hy komt hjir jouns witte ier al, dan kin er yn syn hoekje sitte en de hiele bar oereagje)
‘Ja, ik gean nei hûs.’
‘Hast hjir justerjoun wer to lang sitten?’
‘Hy hat hjir net west,’ sei Mineke. ‘Hast hjir dochs net west, wol Age?’
Se skonk de glêzen by en parte se om.
‘Né, ik ha thússitten.’
‘Netwier!’ sei Durk. ‘'k Ha by dy oan 'e tichte doar west.’
‘Even in streekje, leave,’ sei Kees. Hy pakte Mineke by de earm en hold har it kaertsje foar.
‘Is fan my,’ sei Mineke koart. (akelige oanstellerige fint)
‘'k Ha der even út west,’ sei Age. ‘'k Ha even by Henny sjoen.’ (hwerom fortel ik it? hwat ha se der mei noadich?)
‘Dêr sitst ek altiten,’ sei Mineke.
‘Soms,’ sei er. Hy seach har glimkjend oan. ‘Bist oergunstich?’
‘Ja,’ sei se. (ik siz it om dy akelige klier. hwerom lit er myn earm net los? hy wit wol dat 'k him net moat, dat eigenwize stikje iten dat mient dat alle froulju foar him falle)
‘Proost, Myn,’ sei Age.
| |
| |
‘Ja, proost,’ seinen de oaren.
‘Lit my los Kees.’ Se naem har gleske sju. ‘Proost.’ ('k hoopje dat jim nou trochgeane, hwant ik kin net tsjin lege glêzen en deade koppen oan sjen, ik wurd der siik fan en de joun duorret in ivichheit)
‘Hiest boadskip, of samar?’
‘Samar,’ sei Durk. ‘'k Kuijere dat tafallich om en 'k tocht ik wip even oan.’
‘Hast dan net nei Elly west? Of is 't út?’ frege Anke.
Mineke seach oer har sju hinne nei Age en glimke even. (soest it wolle dat it út wie. mar Elly lit him net sjitte)
‘Se wie fuort.’
‘O,’ sei Anke.
‘En hwer wiestou justerjoun?’
‘'k Ha even yn La Fleur sitten, mar dêr wie 't ek in deade boel.’
‘Hie 'k it witten, dan hie 'k even kommen.’
‘'k Ha dy noait sjoen, ju,’ sei Kees. ‘Dan bistou grif bitiid nei hûs gien?’
‘Tochst dat 'k forlet fan dy hie?’ frege se Dirk.
‘Ja! Dat soe dochs kinne?’
‘'t Is ek sa,’ sei Anke. ‘'k Bin smoargek op dy.’ (en dou witst dat 'k it mien. en ik krij dy ek)
‘De measte froulju binne gek op my.’
‘In hele bulte manlju ek,’ sei Age.
‘Foaral flikkers as dou,’ sei Durk. (it is gjin homo fansels, mar hwerom lit er Henny gean? se giet om him fuort, om him to forjitten. hwerom hat er net trochpakt?)
Age gniisde. Hy seach nei Mineke dy't yn 'e platen omskaeide. ‘draei Lili even, Myn.’
‘Hoe let bistou dan fuortgien, Anke?’ frege Kees.
‘Healwei tolven.’
‘Bernebedtiid, fanke. Doe moast it feest noch bigjinne. It wie om in ûre of ien hartstikke gesellich.’
‘Fijn foar dy,’ sei Anke.
‘Is 't der nou net gesellich?’ frege Mineke. Se liet de nulle krassend op 'e plaet falle.
Age seach nei har strak bekje. (dou bist ek sa nearingsiik as de pest)
‘Wy kin der aenst noch wol even sjen, Anke.’
‘Né, tanke, ik gean noait mei frjemde manlju fuort.’
‘Learst my gauwernôch kennen.’
‘De measte manlju leare je gauwernôch kennen.’
‘Net sa sarkastysk, Anke,’ sei Mineke huningswiet.
‘Hwerom draeist nou altyd dy sintimintele rotplaet?’ frege Durk.
‘Foar Age!’
‘Ja,’ sei Age. ‘Ik haw hjir bittere oantinkens oan. Ik bin forwekt ûnder it
| |
| |
sjongen fan Lili Marlen, en doe't ik berne waerd, doe draeiden se it noch, of wer.
Dat draeiden se altyd doe. Dat wie foar jim tiid.’
‘It mei my net heuge,’ sei Durk.
‘Né,’ sei Age, ‘jim bin to jong, mar ik bin in oarlochsslachtoffer.’
‘Henny giet fuort, net?’ frege Anke.
‘Ja,’ sei Age.
‘Ik miende dat sy al folle earder fuort sillen hie,’ sei Mineke.
‘Né, se moast trije moanne foartyd opsizze.’
‘Salang?’ frege Anke.
‘Ja.’
‘Dus, dan bist dyn oanhâld kwyt.’
‘Ja.’
‘Hwerom troust net mei har?’ frege Mineke.
‘Hwerom al? Hwerom sil men in goeije freonskip omsette yn in min houlik?’
‘Dat fyn 'k kletspraet,’ sei Mineke.
‘Dat moatstou witte.’ (sa lokkich bistou nou ek wer net mei dat suertsje fan in Peter)
‘'t Yntresjerret dy dochs net hwat ik siz.’
‘Né,’ sei Age. ‘Dêr hast gelyk oan.’
‘Dou bist ek in stik sjachrijn,’ sei Anke.
‘Hwerom? Hwat ik siz is gjin kletspraet, dat wit Myn sels wol. En as se dat dan al seit, dat moat se sels witte. Dat lûk ik my net oan.’
‘'t Is oars bêst in leuk wiif,’ sei Durk.
‘Henny?’
‘Ja.’
‘Ja, dat is ek sa. Kinst der goed mei prate.’
‘Ast der oars neat mei kinst, is 't ek al net folle,’ sei Kees.
Durk en Age seagen him beide oan.
‘Tja, hwat moat men dêr nou fan sizze?’ sei Durk.
‘Ik soe 't net witte, ik bin mar in leek,’ sei Age.
‘Dy't sa'n meid as Henny rinne lit, dat is by my in kloatsek,’ sei Kees.
‘Hwerom giest der dan net efteroan?’
‘Hwat moat ik der achteroan? 'k Tocht datstou der bilang by hiest.’
‘Né,’ sei Age. ‘Dat moat in misforstân wêze.’
Hy heinde de soarchlike eagen fan Mineke op. (meist dy jonge sels ek net lije, mar bist stjerrende bang foar heibel, hwant o de namme fan dyn saek)
‘Hwat is der, Myn?’
‘Neat,’ sei Mineke.
‘Jow ús noch even hwat,’ sei Durk. ‘Nim sels ek ien.’
Se skonk trije glêzen fol en geat harsels in sju yn..
‘Dochst dochs net foar my?’ frege Age.
‘Ja, fansels,’ sei Durk.
| |
| |
‘Né, bliksem, ik gean nei hûs.’
‘Hy sit der nou al yn,’ sei Mineke. Se skonk se by en sette se op 'e filtsjes. ‘Mei 'k dyn kaertsje even?’
‘Hwerom moatstou eigentlik nei hûs?’ frege Anke.
‘Ik moát neat, mar ik wól nei hûs.’
‘Ja, mar hwerom.’
‘Dat wit ik net, ju, mar ik wol nei hûs. En 'k bin allang bliid dat ik hwat wol, meastal wol ik helendal neat. Tominsten dan wit ik net hwat ik wol.’
‘As der in priis komt foar âldehoeren, dan winstou him,’ sei Mineke.
‘Hwerom stelst dy priis net yn? Hast hjir in goed oefenlokael.’
Myn stiek de tonge út.
‘Proost, Durk,’ sei Anke.
‘Ja, proost,’ sei Mineke.
‘Proost, Durk.’
‘Proost.’
‘Mei ik ek even ien?’ frege Kees.
‘Ja,’ Se hold syn glês ûnder de kraen. ‘Hwer is Pyt eigentlik?’
‘Dy sit al suver in kertier op 't húske,’ sei Anke.
Op dat stuit kaem er werom. ‘Ofrekkenje,’ sei er.
‘Ja,’ sei Mineke. ‘Trije sechstich.’
‘Lit sa mar,’ sei er, wylst er har it jild taskoude.
‘Bitanke. Oant sjen.’
‘Chuoi.’
‘Chuoi, Pyt.’
Pyt sei neat. Hy roun de doar út.
‘Hwatfoar kwibus is dat?’ frege Kees. Hy lei it kaertsje op 'e kop del en hold de fingertoppen derop.
‘Hy is hwat stil, oars neat,’ sei Mineke. Se loek oan it kaertsje, mar Kees hold it beet. Doe naem se in nij kaertsje fan 'e steapel en sette der in streekje op.
‘Dit biwarje ik wol foar dy’, sei se.
‘Hwat bistou leuk!’
‘Ja! Tochst datstou de iennige wiest dy't leuk wêze koe?’
‘Hast in min sin, fanke?’
‘Hoe krijst it foarinoar!’
‘Nou ja, 'k hie eigentlik al boadskip, justerjoun,’ sei Durk. ‘Net sa bilangryk, mar dou hast in boek oer India dêr't foto's ynsteane fan mesykynstruminten, net?’ ‘Ja,’ sei Age. ‘Dat haw ik al hawn. Mar oft ik dat noch haw...? 'k Soe 't net witte. Moast dat brûke?’
‘Nou, ik hie 't deroer mei in fint op 'e saek. Hy woe sa'n ynstrumint sels bouwe.
En doe tocht ik dat dy dingen der oars útseagen as hy sei.’
‘'k Sil wolris sykje,’ sei Age.
‘Meitsje mar gjin drokte. Mar dy fint hie 't deroer, en ik tocht dat kloppet net.’
| |
| |
‘En doe woestou even sjen litte datst it better wist,’ sei Anke.
‘Och ja, fansels,’ sei Durk, ‘men makket jin drok om ûnnoazele dingen.
Lit dy jonge mar piele.’
‘Mar de saek is ûnnoazel genôch om jin der drok om to meitsjen,’ sei Age. ‘De greate dingen fan it libben, dêr kin men jin net drok om meitsje, dy komme dochs as in needlot oer jin hinne. Mar de futiliteiten, dêr moat men om tinke.’
‘Astou sok praet ek tsjin Henny hiest, dan kin ik it my yntinke dat it bern fuortgiet,’ sei Anke.
‘Net grof wurde,’ sei Durk.
‘Né,’ sei Age. ‘Mei Henny haw ik krekt wol oer de greate dingen fan it libben praet. Mar dat is stom, dat moat men net dwaen. Dêr krijt men in slimmer kater fan as fan in fet bier.’
‘Hoefolle krijst fan my?’ frege Kees. Hy sloech it lêste efteroer.
‘Fjouwer tachtich.’
Hy lei in briefke fan fiif del. ‘Tabé.’
‘Oant sjen.’
‘Giest net mei, Anke.’
‘Né.’
‘Sels witte.’
Hy gie derút en loek de doar efter him ta. Se hearden syn auto starten en oplûken.
‘Hwa is dy fint?’ frege Anke.
‘Dat is in etter, dy fint,’ antwurde Mineke. ‘Hy falt alle froulju lestich mei syn geile kop.’
‘Kom, kom,’ sei Durk.
‘'t Is wier, 't is in aeklik stik iten en sa eigenwiis as de kleare.’
‘Hwat draeist dêr eigentlik?’
‘Wit ik net, de hûs is wei. Fan 'e bitels of de bytsbois, ik wit it net.’
‘Né,’ sei Anke, ‘fan gjinien fan beiden.’
‘It stiet wol op 'e plaet, net?’ frege Durk.
‘Ja, mar dan moat ik him stilsette. 'k Sil aenst wolris sjen.’
‘Is it deselde dy't lêsten oan 't fjochtsjen west hat by Gauke Hoekstra?’ frege Anke.
‘Hwa?’
‘Dy fint. Kees.’
‘Ik wit it net,’ sei Age. ‘Ha se dêr werris fochten?’
‘Dêr wurdt safaek knokt,’ sei Durk. 'k Ha 't in jier lyn nochris meimakke. Mar 'k bin him as de bliksem smeard doe't de earste stuollen troch de seal gyngen...’ ‘'t Wie foarhinne wol in fjochtersbaes,’ sei Mineke, ‘mar oft dat noch sa is, wit ik net. Hy sit nou mear efter de fammen oan.’
‘Bouke en ik seagen lêsten in fint mei in pear pleisters om 'e kop, en doe fortelde Bouke dat dy fint hie yn café Hoekstra oan 't slaen west. En hy liket derop.’
| |
| |
‘'t Kin bêst sa west ha,’ sei Mineke. ‘datsoarte yndividúen bigjint altyd to slaen as se it mei de mûle net ôflizze kinne.’
‘'t Is fansels krekt oarsom,’ sei Age. ‘Minsken mei tomin spierkrêft moatte har mei de mûle rêdde. De tael is útfoun troch sloppe kearels.’
‘Dêrom kletstou safolle fansels,’ sei Anke.
‘Jawis. Ik moat it mei lullen rêdde.’
‘Ja,’ sei Anke, ‘hwant dyn...’ Se swei en tute de lippen. Se seagen inoar oan en gnysken.
‘Hwa doar hjir in fys wurd to sizzen?’ frege Mineke.
‘Ik ha der biswier tsjin,’ sei Age. ‘Jim moat myn lul derbûten litte.
Myn lul is sacrosanct.’
Durk dronk it glês leech en sette it njonken it filtsje. ‘'t Is stil joun,’ sei er.
‘'t Is moandei,’ sei Mineke.
‘Ja, mar dan kin 't oars wol gesellich wêze.’
‘Fynst ús net gesellich?’ frege Anke.
‘'t Hat deroan,’ sei Durk. ‘Jim binne sa swier op 'e hân.’
‘Moast dêr noch ien yn?’ frege Mineke.
‘Ja,’ sei Durk.
‘Nim ien fan my,’ sei Age. ‘Nimme jim ek ien fan my. Drink even op, Anke.’
Mineke pakte de glêzen foar harren wei.
‘Né, iksels net,’ sei Age. ‘Ik gean nei hûs, jonges.’
‘Moatst net forfelend wurde,’ sei Mineke.
‘Né, Myn! Gjin gedonder!’
Mineke tape fjouwer pils yn en klom wer op har kruk. ‘Bliuw noch mar even sitten, oars is Durk sa allinne.’
‘Ik bin gjin animearfamke,’ sei Age.
‘Dan kaem it ek net klear,’ sei Durk. ‘Dou jagest de minsken de bar út mei dyn min sin.’
‘Wel fordomme, ik ha net in min sin. Ik fiel my joppe. Moandeis fiel ik my altyd joppe, dan is dy goare snein wer foarby.’
‘Sille wy ien goaije?’ frege Mineke.
‘Ik net,’ sei Age. ‘Ik gean nei hûs.’
‘Ik ek net,’ sei Anke.
‘Dou?’
‘Ja,’ sei Durk. ‘Dan mar even mekky mei syn beiden?’
Mineke skonk de glêzen by en sette foar Anke en Durk ien del.
‘Sjoch,’ sei Age.
Mineke sette trije streekjes en joech him it kaertsje werom. Age seach har erchtinkend oan doe't se mei har eigen glês wer op 'e kruk sitten gyng.
‘Proost, Age.’
‘Proost.’
‘Proost, Age.’
| |
| |
‘Krij ik gjin?’ frege Age.
‘Dou woest gjin mear ha,’ sei Mineke.
‘Hast him al ynskonken.’
‘Dat is myn saek. 't Is myn eigen bier.’
Age liet him fan 'e kruk glide, line oer de taep en pakte it glês bier fan 'e lekbak.
‘Proost,’ sei er. ‘Set noch mar in streekje, Myn.’
‘Doch 't sels mar.’ Se goaide him de pin ta.
‘Dou goaist foar,’ sei Durk. ‘Trije streekjes út.’
‘Hoe let is 't eigentlik?’ frege Anke.
‘Kertier foar tolven,’ sei Age.
‘O, dat giet noch.’
‘Hoechst moarn net bitiid?’
‘Healwei achten moat 'k derút.’
‘O, dat is in moaije tiid.’
‘En dou dan?’
‘Kertier foar achten.’
‘Tjé, hwerom sitst dan to seuren?’
‘Dêr seur ik dochs net oer?’
‘Dou wolst hyltyt nei hûs.’
‘Ja.’
‘Of wolst noch by Henny oan?’
‘Né, dêr ha 'k juster west.’
‘Dêrom kinst der wol wer hinnegean.’
‘Né, it moat moai bliuwe.’
‘Seisensechstich yn ien kear. Nou meistou!’ sei Durk.
Mineke skodde de stiennen en sloech de beker op it hout. ‘Sjoch marris.’
‘Mekky, fordomd!’ rôp Durk. ‘Fordomd, hoe krijst it foarinoar! Twa streekjes foar dy.’
‘Ik goai foar,’ sei Mineke. Se kletste de stiennen op 'e bar. ‘Trijenfyftich, dat 's tomin.’
‘Is dyn broer net mear by Aukema?’ frege Age.
‘Jezus, ienentritich!’ sei Mineke.
‘Ja.’
‘Ik seach him forline wike yn 'e stêd rinnen.’
‘En dat is trijenfjirtich. Dêr kinst boppe.’
‘Freed miskien? Doe hat er nei de toskedokter west.’
‘Ja, ik tink wol dat it freed wie. Ja.’
‘Alve. Streekje foar my. En ik goai foar. Twaënsechstich yn ien kear.’
Age dronk syn glês leech en draeide in sjekje.
‘Fêst,’ sei Mineke. ‘Sjochst? Dou goaist.’
‘Fjouwerenfjirtich! Nou meist wer!’
‘Dêr goai 'k boppe,’ sei Mineke. Se skodde de beker en tearde him linich om.
| |
| |
‘Sjoch mar!’
‘Fordomd, hoe bistiet it!’ sei Durk. ‘Fiifenfyftich! Dou bist út.’
De doar gyng. Albert kaem deryn. ‘Goeije,’ sei er. ‘Steur ik?’
‘Albert! Bist ek net bitiid. 'k Hie dy net mear forwachte.’
‘Ik kom moandeis dochs altiten?’
‘Ja, dêrom, mar dou komst oars altyd earder.’
‘Gean hjir mar sitten,’ sei Age. ‘Ik sil pisje en dan gean 'k nei hûs.’
‘Hast in hekel oan my?’ rôp Albert him nei.
‘Dat ek, mar 'k wol op bêd.’
‘Rountsje fan my,’ sei Albert. ‘'k Ha in priis woun.’
‘Yn 'e lotterij?’
‘Ja. Tolve en in heale goune.’
Se laken.
‘Dou hast ek noch ien fan my togoede, Mineke,’ sei Durk.
‘Dan nim ik dy aenst noch wol.’
Age kaem werom en krige syn jas fan 'e heak. ‘Sawntweintich krijst fan my,’ sei er, wylst er syn kaertsje op 'e bar lei.
‘Moatst even wachtsje,’ sei Mineke. ‘Krijst noch ien fan Albert.’
‘Hwat is dat nou, man?’ sei Age tsjin Albert. ‘'k Ha ommers sein dat 'k nei hûs gean.’
‘Hingje dy jas noch mar even op.’
‘Gean noch mar even sitten,’ sei Anke. ‘Geane wy aenst meiïnoar del nei hûs.’
‘Bistou rinnende?’
‘Né, op 'e fyts, mar kinst wol efterop.’
Mineke sette de pilskes foar harren del.
‘Mei 'k dyn kaertsje even?’
‘'k Ha ommers noch gjin kaertsje, mins.’
‘Och chot, né!’ sei Mineke. Se pakte in kaertsje en tekene de pilskes oan.
‘Proost, Albert,’ seine se.
‘Proost.’
‘Dus, dou bist tolve en in heale goune riker wurden.’
‘Ja, is 't net in hael! Hwat ik freegje woe, Age, giet Henny fuort?’
‘Ja,’ sei Age, ‘Henny giet fuort.’
Augustus 1972.
|
|