Administraesje
De administraesje fan Trotwaer is m.y.f. 1-11-1972 oergien nei B. Laverman, w.s. Wetterblom, Heerestreek, Bedum (gr.).
De nije administrateur forsiket de lêzers dy't dit nûmer (1972-7) net op it goeije adres krigen ha en de lêzers dy't nûmers út dizze jiergong alhiel net krigen ha, him hjirfan per omgeande tynge to dwaen.
It ynbarren fan it lêzersjild sil tonei per akseptgirokaert barre. Lêzers dy't oer 1972 neffens de boeken noch net bitelle ha, ha al sa'n kaert krigen. It lêzersjild sil tonei yn it bigjin fan it jier ynbard wurde, sadat ek de honoraria fan 'e meiwurkers flot bitelle wurde kinne.
De lêzers wurdt minlik forsocht to biteljen foar de op de stoartingskaerten oanjowne datum.