er it binaud kriget, wynt er him ûnder har wei.
‘Nou gean wy rinnen, Leär.’ Hy nimt de foarstap. Hy skout mei de lofterhân de reiden en soms in tûke fansiden. Leär rint deun efter him.
‘Ik wol dyn hân fêsthâlde, Dedger’, seit se. Hy jowt har de rjochterhân, mar syn lichem komt dêrtroch yn in frjemde draei to stean. De spieren yn syn koarte ribben bigjinne al rillegau pynlik to lûken.
‘Lit myn hân los, Leär. Ik moat my tofolle forhâlde.’ It reidfjild giet oer yn greide. Se komme hwat mear op 'e romte. It is hjir lang sa near net. Se sykhelje djip.
Leär giet njonken Dedger rinnen.
‘Wy dogge de skuon út, Leär. It gers is sêft en hearlik koel.’
‘Ja!’ Har eagen laitsje. Dedger, dy't al op ien knibbel leit, sjocht dernei, hoe't se har lichem foaroer bringt nei har skuon, hiel ticht by him, syn holle leit er ûnder tsjin har hals. Har hier hinget as in gerdyn foar syn eagen. Hy sit yn in holtsje. Se drave njonken inoar. De koele, fearjende groun jowt oan harren skonken krêft.
‘Dou moast foar my út drave, Leär.’ As se it docht, ropt er har nei:
‘Dou moast fearjend drave.’ Hy hat it gefoel, dat er himsels by elke stap mei in machtige biweging fier fan de groun forheft. It moat moai wêze nou nei him to sjen, tinkt er. Dan springt er njonken har. Se pakt syn hân fêst.
‘Ik wol wer gewoan rinne, ik bin dy net.’ Noch trije stappen lûkt er har mei.
‘Hwer wolst' hinne, Dedger?’
‘Wy rinne gewoan.’
‘Kinst' it paed werom fine?’
‘Wis.’
Dedger slacht linksôf, de reiden wer yn. De beammegroei wurdt tichter. It reidfjild giet oer yn bosk.
‘Hoe witst dou it paed sa goed?’
‘Ik wit it.’
Se kronkelje harren tusken de beamkes troch, tûken fansiden triuwend.
‘Net to ticht efter my Leär. Oars krigest de weromswypjende tûken yn it gesicht.’ ‘In woartel oer it paed. Tink der om.’
De groun wurdt weaker. Dan stiet der wetter op it paed. Dedger plasket mei nocht troch de dobbe hinne. Deun tsjin de beamkes oan is in droege rânne. Dêr bisiket Leär lâns to kommen. Se hâldt har oan de tûken fêst. Mar moat loslitte.
Har linkerfoet ploft midden yn 'e plasse. Swarte stipkes bidroegje op har skonken, ljochtblauwe broekje en liif. Op in lytse iepen romte, bigroeid mei gers, hâlde se. Leär skout har side yn Dedger sines.
‘Rûkst' de bosk’, seit er.
‘Ja.’
‘De rook fan beamen, stilsteand wetter, plantedielen dy't forgean en al it dierlike libben fan de bosk.’
‘Ja. De spinreagen sitte my yn it hier.’