Fan 't skearen?? Hoe kin dat nou?
Myn hannen trilje altyd by it skearen, suster.
Nou dan moatte jo jou hannen dochs stil hâlde! Nou?
Man 1 swijt.
Nou?! Hwêrom hâlde jo jou hannen net gewoan stil!
Ik kin der neat oan dwaen suster.
Hastich.
Jo witte bêst suster hoe't it komt, jo moatte my der net sa om narje.
Jowt man 1 in klap yn 't gesicht, ôfbiten:
Gjin greate bek!
Soargje dat dyn maet yn'e klean komt en tink derom dou bist meiforantwurdlik foar syn flaters!
Rint driftich fuort.
Man 1 giet sitten, sjocht apathysk foar him út.
Man 2 komt starich en muoilik oerein en giet mei hannen foar it gesicht op syn stoel sitten. Man 1 sjocht him op en del oan.
Noartsk.
Moatst dy klean oandwaen!
Man 2 reageart net.
Ferdomme, sjit op lul, doch dy klean oan, oars krijst daliks noch mear op 'e soademiter en ik derby!
Man 2 sjocht him oan. Rint dan mei klean nei efteren en klaeit him oan. Man 1 bliuwt stil foar him útsjen. Draeit him om as man 2 yn tehûspak werom komt.
Noartsk.
Dy klean better opteare. Tink derom, ús suster komt daliks werom.
Man 2 teart syn guod wer op.
Man 2 giet op syn stoel sitten en suchtet.
God, dit hie'k nea forwachte...
Man 1 keart him nei man 2 en sjocht him spytgnyskjend oan.
Hwêrom bist net ûnder in auto rekke.
Dat it sa slim wêze soe...
Hiest op syn minst in hertynfarkt krije kinnen.
In forsoargingstehûs sei de baes...
Of kanker, dat is tsjintwurdich ek yn 'e moade.
Nei safolle jierren trouwe tsjinst hie'k myn âlde dei wol fortsjinne...
De measten binne forstannich.
Rêstich weromlûke út it drokke libben...
Foar de sechstich binne de measten al dea.
Aerdige susterkes om dy hinne...
Dû bist in parasyt, dû sitst hjir op kosten fan de wurkjende klasse!