Faeks in sigaerke? Se lizze yn'e kast, twadde boerd fan boppen.
Goed twa moanne lyn waerd se folslein dôf. Dat is foar in minske fan 87 neat bisûnders. Soks bart faker. Miskien ha jo ek wol in muoike dêr't deselde slyt in sit. Soa net? Gelokkich mar.
Doe't se dôf wie en gjin inkeld gehoarapparaetsje langer tsjinst dwaen koe yn beppe ear, foroare se op slach. Se frege my nei elk forweech fan'e lippen en miende dat it sobjen op myn ûnderlippe in foarm fan gremitige kommunikaesje bitsjutte. Ik skriuw dan mar wer op in side tekenpapier, yn langliddige letters, twa wurdtsjes op: NEAT, BEPPE.
Wolle jo de bryfkes sjen? Se lizze by jou fuotten, ûnder de tafel.
Sa libben wy hjir in moannelang. Sûnder mear in wurd to praten. Fan it iene komt it oare, heart men wolris, sûnder spesifikaesje fan dat oare. Beppe waerd neigeanderich. Se woe en soe my net út it each forlieze, oars fielde se har forlitten net tsjinsteande it earmoedige selsskip fan kat en wite mûzen. Har wrâld waerd bihearske troch it fisuele, it taestbere fan eagen.
!
Dat ik aerdich út'e wurden kom?
Nou ik lêz in soad. In Wadman en Van het Reve ha harres dien ta myn wurdkar.
Dy lange en oerforfeelseme dagen by beppe bisoargen my in bieangstigjend fakúüm, sadwaende forsnobbe ik myn útkearing oan boeken.
Mar menear ik moat earst noch hwat forhelje oer beppe, ik moat, ik kin net oars. Menear ik ha al dizze wurden opgarre. Twa wiken lyn al wist ik hwat ik jo sizze soe. Nachten ha'k wekker lein en de wurden keazen ta dit petear. Ik ha se dei yn dei út soarchsum biwarre en waerm holden, lyk in dou de aeijen. Hjoed brekke se út en wurde part fan 'e wrâld.
Nachts kaem beppe sa nou en dan de trep del en gie nei myn keammerke ta om to sjen oft ik der noch wie. Dat die se nachts, wylst se oerdei gjin poat forsette koe. Aloan kaem se nachts en aloan faker. Ik fielde my as yn't gefang, hwer't de wachter fan de deadesel om it kertier it lûkje fan 'e doar piipjend iependraeit. Nei fiven kaem se net wer en soe se oan acht ûre ta lizzen bliuwe, om dan oan ien tried wei to roppen dat ik har helpe moast. Sadwaende koe ik fan fiven oan't achten luchtsje. Menear, jo moatte bigripe dat sa'n libben in hel is. Dit sombere libben friet my oan'e bonke. It fielde as hiene in pear izige hannen myn strôte beet en kniepen se birekkene aloan fûlder. Op in joun mei Van het Reve op'e knibbels ha'k alles úttocht.
Sil ik nei de doar?
Oh dogge jo it wol. Ja lit se der mar ynkomme.
Beppe leit yn't portaeltsje. De nachtklean lizze boppe op't nachtkastke. Ik ha se fan'e moarn fuortdaliks klearsocht.
Wol om'e trep tinke fansels, oars brekke der noch mear de nekke!
Sille wy oars mar opstappe menear, it sil jo ek wol hwat ynbaerne nei myn lang forhael.
Och, hâld dy earmbandtsjes dochs by jo, ik wol ommers sa wol mei.