Trotwaer. Jaargang 4
(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 351]
| |
[pagina 352]
| |
2De master hie de geast al
dwalen sjoen. Oerdeeglik-is-er-
mar-gjin-mins-foar-dizze-tiid,
hûndert-jier-jonger-ja-dan.
Ut 'e dream wiene se destiids
en fol forwyt ús mem-en-dy.
Sa slim
dat hja my deagewoan en deabidaerd
neibliuwe liet en neifortelle lit.
| |
[pagina 353]
| |
3Hwerom drôvens to forsprekken,
nou it fortriet en dan, al fierder fan hûs.
Al sa leaf lige hoe bliid dou bist dat
dyn mem har jeugdwurk, it bûterbarren,
op 'en nij út 'e wei set.
Achttjin wurden boerebidroch
ynsté fan in earleaze earlikens.
Mar ast lakest is it sa swart efter dyn ear.
|
|