Remco Heite of as redaksjelid
Per 1 jannewaris 1973 sil H.R. Heite de redaksje forlitte. Tryst. Mar syn stúdzje wol er takomme jier ris hurd tsjinoan; Soma freget hieltyd mear syn omtinken, dat safolle mooglik ballêst moat oer board.
Mei't Remco Heite net frysktalich is, hat syn bineaming as redaksjelid by guon it krop gauris yn ûnstjûr brocht. Party lju hawwe nea ynsjen wollen dat de kwaliteiten fan in redakteur net ôfhingje fan it al as net hantearje kinnen fan in taeltsje mear as minder. It hat fansels al to meitsjen hawn mei de opstelling fan in tydskriftredaksje, dy't guon net promke ha.
Nou dat is dan sa. Remco Heite hat in bikwaem en ynteressearre redakteur west, dy't troch syn ‘distânsje’ en syn kontakten via Soma mei de hollânske literaire wrâld ûngemurken faek in filtrearjende en forromjende wurking hawn hat. Syn wichtigste bydrage oan it tydskrift hat sûnder mis west de gearstalling fan it Dada-nûmer yn 1971, in solo-ûndernimmen suver dêr't er it tydskrift justjes mei oer de fryske grinzen treau.
Wy winskje him súkses mei syn stúdzje en mei syn fierdere literaire wurk.