Trotwaer. Jaargang 4
(1972)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 325]
| |
[pagina 326]
| |
UNDERSIKER FERRY NEATOFREDEN, DY'T HIM AL JIERREN YN OPDRACHT FAN IT GOEDKARDE YNSTITUT FOAR TAELBIFOARDERING EN WURDKRAPTE DWAENDE HALDT MEI IN TIGE GEHEIM ‘VERGELUKEND LITERATUUR’ UNDERSYK, DOCHT IN WICHTIGE UNTDEKKING. YN IN OERJIERRICH HANSKRIFT FAN DE SKRIUWER HANNES B. HOMMELSMA FYNT ER DE FOLGJENDE PASSAGE: ‘FRYSK BLOED FLEAN OP WOL NOV RIS BRUZ' EN TSIERE’ DIT MOAT IT WEZE, HIMET FERRY, SJOCHT SKRUTEN OM HIM HINNE EN FIELT OF DE DOAR NOCH YN'T SLOT SIT. GAU SAMMELT ER AL SYN ‘GEGEVENS’ EN BIREKKENT OP METHODYSK UNFEILBIRE WIZE DE ‘SPEARMAN RANK PRODUKT MOMENT CORRELATION COEFFICIENT’Ga naar voetnoot(* | |
[pagina 327]
| |
EN JA HEAR, DE NULLHYPOTHESE WURDT FERIFIEARE. DE UTKOMST WIIST OP IN OERTSJUGJENDE POSITIEVE RELAESJE TUSKEN FRYSK BLOED EN TSIERE. JN BREDE GLIMK FORSKYNT OP F. NEATOFREDENS GESICHT. HY RINT NEI DE TILLEFOAN, DRAEIT IT GEHEIME NUMER EN FLUSTERT FOLDIEN: ‘IT BIWIIS IS FOUN’ EN LEIT DE HOARN OP DE HEAK.. ‘KREKT HWAT IK TOCHT’ HASTICH KOMT H. PATSER UT SYN BUROFOTUIL, KRYT DE OERJAS EN DRAEFT NEI BUTEN. SPRINGT YN SYN BUGATTI TYPE 41 (DE 9de YN SYN SOARTE!) EN SET ‘FULL SPEED’ OF NEI IT GEBOUWENKOMPLEX FAN IT GOEDKARDE YNSTITUT FOAR TAELBIFOARDERING EN WURDKRAPTE, HWER'T YN DE BINNENSEAL KREKT IN GEARKOMSTE IS FAN DE LITERAIRE POMMERANTENFORLENIGING ‘DE FRYSKE KOU’ | |
[pagina 328]
| |
SPREKSTER MEJ. FEITEN WURDT YN HAR NYSGJIRRICH REFERAET UNDERBRUTSEN KREKT AS HJA OP UNWIERSKIENLIK KNAPPE WIZE, NEFFENS DE EMPIRYSKE SYKLUS FAN DE GROOT, IT FORBAN OANTOANE SIL TUSKEN TAELBIFOARDERING EN LITERATUER (SVNT DAT STVIT IS IT DER NET WER FAN KAEM..) ‘IT BIWIIS IS FOUN’. RAEST PATSER, ‘FERRY HAT IT FOUN!’ DE OARS NET UT LYKWICHT TO KRYEN POMMERANTEN BINNE FOLSLEIN OEREMIS..
‘HAWAR MANNEN. LITTE WY DE SAKEN KLEAR STELLE. DE TIID FAN AKSJE IS NOU KAEM. SALANG AL HAT US TAEL EN LITERATVER LYTS EN FORHUDDURE YN 'E WRALD STIEN. MEI YNGONG FAN HJOED HAT DAT SA WEST. MEI YNGONG FAN HJOED BREKT US GOVDEN IEV OAN... ..US TAEL SIL DER NET LANGER UNDERSTRUPE. BLOEYE SIL HJA. EINLIKS SILLE WY FAN US PINNE BISTEAN KINNE. EINLIKS SILLE DE UTJOWERS HARREN AS HUORREN OANBIEDE. EN WY. WY SILLE UTKIEZE EN JILD BARRE! MANNEN, IEN MINGEL, IK SIZ, IEN MINGEL FRYSK BLOED, IEN MINGEL FRYSK SKRIVWERS' BLOED IS FOLDWAENDE EN IT TUZENJIERRIGE TIIDREK FAN IT GREATE FRYSKE RYK SIL OANBREKKE. HAHA, IT FRYSKE BLOED SILLE WY TROCHKRINGE LITTE YN ALLE IEREN OER DE HIELE WRALD EN YN DY TSIERENDE WRALD SILLE WY OEREIN KOMME, FRYSLAN OEREIN! EN NEFFENS IT PRINSIPE “VERDEEL EN HEERSCH” TA GLOARJE FAN IT FRYSKE FOLK, FRYSK EN FRY, DE MACHT OAN US LUKE. MANNEN, HWEROP WACHTSJE WY NOCH?!’ (ALSO SPRACH LUTSEN VLAMSTRA) | |
[pagina 329]
| |
[pagina 330]
| |
FOL IVER FOAR DIZZE GREATE SAEK LIT PATSER SYN ASSISTENTEN BY HIM KOMME. ‘JIM KINNE FASE A MANNEN?! DE KAR FAN DE POMMERANTEN IS OP BAUKJE DE JONG FALLEN, NEFFENS HARREN IN “IDEALTYPE” FAN DE KOMBINAESJE FRYSK BLOED EN TSIERE. EN TINK DER OM DURK, NET MEAR AS IEN MINGEL HEAR!’
OPNY IN GREAT FRYSK BARREN FOAR US DOARREN! MAR WIS LESSJOGGER, JO HA GELYK, IT SOE AL TO MAL WEZE EN TO UNWIERSKIENLIK WURDE AS DER NOU GJIN DWERSBONGELS EN ALTERNATIVELINGEN OPSTIENE. IT TAFAL WOL DAT BAUKJE DE JONG REDAKSJELID IS FAN IT LITERAIRE TYDSKRIFT ‘SUBSYDZJE’. EN AS JO HWAT OP 'E HICHTE WEST WIENE MEI DE FRYSKE TASTANTSJES, DAN HIENE JO WITTEN DAT DE REDAKSJE FAN DIT TYDSKRIFT. EUFEMISTYSK SEIN, MINDER GOED OERWEI KIN MEI DE LITERAIRE POMMERANTENFORIENIGING ‘DE FRYSKE KOU’. EN IT LIKET MY DAN EK WOL BLIKSEMSE TAFALLICH DAT DE KAR FAN DE POMMERANTEN NOU KREKT OP BAUKJE FALLEN IS. IS BAUKJE WIER SA'N ‘IDEALTYPE’? | |
[pagina 331]
| |
YNDIED, SA'T IT LIKET MOATTE WY YN DIT GEFAL DE POMMERANTEN GELYK JAEN. HWAT OARS AS NOCHT OAN UNNOCHT IS IT, AS MEN EFTER YN 'E TUN SA'N FREONLIKE MOARSKE GASTARBEIDER SLACHTET. MEI IN OARDELMINGELSE YNJEKTIESPUIT SETTE DURK EN KLAES OF. OM MINDER OP TO FALLEN GEANE HJA DWERS TROCH DE MIEDEN. | |
[pagina 332]
| |
[pagina 333]
| |
EN IT IS WER IT TAFAL DAT HARREN TROCH IT LAN FAN BOER HANENBURG STJURT. UNDER SYTSKE IV WEI SJOCHT ER DE HEAREN FOARBY STAPPEN, SEIT NEAT, FORDWYNT NEI DE HEASOUDER... | |
[pagina 334]
| |
... EN TSIEN MINUTEN LETTER WIT DE REDAKSJE FAN ‘SUBSYDZJE’, YN NOFLIKE GEARSIT BYIEN, FIA DE MOBILE STJURDER ‘JE MAINTIENDRAI’ DAT DURK EN KLAES MEI IN YNJEKTIESPUIT TROCH DE MIEDEN RINNE. | |
[pagina 335]
| |
?? IN LUDIEKE AKSJE? (fuortendaliks torwurpen) SYKJE SE PUBLISITEIT? (se steane omtrint elke dei al yn 'e krante) GESKINKOANBLEDING? (neffens de Noas drip binne der gjin jierdeis of jubilea) ‘DAN MOAT DY NEATOFREDEN DER MEAR FAN WITTE. KOM MEI!’ EN SA GOED EN KWEA AS IT GIET, SLUPE SE NEI DE NET FIER OF WENJENDE FERRY NEATOFREDEN, DY'T KREKT NEI SAFOLLE JIERREN STUDZJE IT WERRIS OAN TIID HAT EN BIMUOI HIM MEI IN FROUPERSOAN. YN DIZZE KOMPRIMENTEARJENDE OMSTANNICHHEDEN WOL FERRY FANSELS WOL OMLYK EN UNDER STRIKTE GEHEIMHALDING FORTELT ER FAN DE RELAESJE DY'T ER FERIFIEARE HAT, DIT IS FOAR DE WITTENSKIPLIK UNDERLEINE REDAKSJEFOARSITTER ABRAHAM FERWERT GENOCH FOAR IN WISSE EXTRAPOLAESJE ‘IN MINGELTSJE BLOED SYKJE HJA’ SEIT ER, IENFALDICH AS ALTYD, ‘DE FRAECH BLIUWT, HWAENS BLOED HJA SYKJE.’ | |
[pagina 336]
| |
HWAENS BLOED? DE LOOP FAN DURK EN KLAES WURDT NAUKEURICH NEIGIEN EN OP IT SEKRETARIAET UNTSTIET IN KAERT MEI IN SPOAR YN 'E RJOCHTING FAN IT DOARP SKEANTSJERK: IT WENPLAK FAN REDAKTRISE BAUKJE DE JONG.. HWAT TO DWAEN! ‘GOEDE RAAD IS DUUR’, SEIT ABRAHAM TREFFEND EN HALDT DE HAN OP. HASTICH OERHANNICHT BAUKJE HIM IT LESTE DIELTSJE UT DE SPANNENDE DETEKTIVERIGE ‘MEI ABRAHAM FUSTKJE’ ‘HAWAR’ SEIT ABRAHAM, ‘DIT IS MYN FOARSTEL........... (etc.) OFPRAET? OANT JOUN JONGES’ LAITSJEND SETTE HJA OF...
TILLEFOANPETEAREN ‘JA SJAPPIE, MEI AB FAN “SUBSYDZJE”. MOAST RIS HARKJE JE, WY SITTE AS REDAKSJE HWAT MEI DY BAUKJE OANTANGELE. O JA. SOA. NE JU, GJIN GREINTSJE SOLIDARITEIT EN KONSTRUKTIVITEIT. NE WIS NET, DOCHT IT TYDSKRIFT GJIN GOED. EH JA, DY FUSYREBOELJE EK. WY SITTE DER MAR MEI OPSKEEPT. NOU JA. DEROM SKILLE IK DY FEITLIKEN, HASTU IN IDE OM HWAT FETSOENLIK FAN HAR OF TO KOMMEN?’ ‘MEI PATSER FAN IT LITERATUER MESENAET. HWAT SIZZE JO! MAR DAT KOMT FORDULDE GOED UT. JAWIS, JAWIS, IK SIL DER FUORTENDALIKS WURK FAN MEITSJE. DER KOMT GJIN REBOELJE FAN, SIZZE JO? MOAI, MOAI. PERSOANLIK BIN IK HJIR WOL MEI YNNAEM. RANKUNE? HAHA, SIZZE JÓ! US HIELE FOLK HAT HJIR BAET BY, IS'T NET SA. JAJA. IT KOMT FOAR INOAR, JA, JO KINNE OP MY REKKENJE’
FOAR DE TWADDE KEAR YN IEN WIKE KOMT PATSER HASTICH UT SYN BUROFOTUIL, KRYT DE OERJAS, DRAEFT NEI BUTEN EN SPRINGT YN SYN BUGATTI TYPE 41. EN WER GIET IT FULL SPEED NEI IT GEBOUWEN KOMPLEX YN 'E BINNENSTED.
‘DUS JOUN HEALWEI TOLVEN. WY KINNE DER MAKLIK IN FORKEARSUNGELOK FAN MEITSJE. SE SUPT NOCHAL HWAT. MAR DY REDAKSJE, IS DY TO FORTROVWEN? DY MOATTE WY EK KWYT, TINKT MY. DAT RUMT FUORT MOAI OP. NE NET ALLEGEAR WEI WURDE LITTE, DAT RINT YN 'E GATEN. EK IT FORKEAR MAR, JA ALLEGEAR YN IN AUTO EN DAN IT KANAEL YN. DAT KIN, NET WIER?! TOFOLLE DRANK YN 'E BEALICH. DUS OM HEALWEI TOLVEN BINNE WY BY DE PLEATS, WY NIMME IN MINGEL BLOED, DAN BOUWE WY IN WIDERGUT MACHUNGSFEESTKE EN DAN MEI DE AUTO DE BROT IT KANAEL YN. NOCH FRAGEN HEAREN? OP IT FRYSK BLOED, MANNEN. EALA FRISA FRESIA! | |
[pagina 337]
| |
[pagina 338]
| |
[pagina 339]
| |
[pagina 340]
| |
[pagina 341]
| |
YN HEECH TEMPO SET PATSER OF RJOCHTING SKEANTSJERK OM DURK EN KLAES OP TO HEINEN, JT SOE SPITICH WEZE AS DIT NYE PLAN NET TROCHGIE, WIER? FIIF DWERSBONGELS YN IEN KLAP! EFKES BUTEN SKEANTSJERK DRAEIT PATSER IN REED OP, KRYT DE KIKER UT IT DASHBOARD EN FORSKULE EFTER HWAT BEAMGUOD STRUNT ER DE MIEDEN OF.... ...EN JA HEAR YN IN KAMPKE LIZZE TWA MANNEN TO KOGJEN. YN 'E SLEATSWAL LEIT IN OARDELMINGELSKE YNJEKTIESPUIT. ‘LOAYE STJONKERDS,’ FLOKT PATSER, ‘MEN MOAT EK ALTYD SELS....’ EN SAKKET YNINOAR. | |
[pagina 342]
| |
IN WYT WATSJE ROST OP SYN EARM OM. DE NUDLE FAN IT SPUITSJE FORDWYNT YN IT FLEIS FAN SYN BOPPE-EARM. IN SLANKE TOMME TRIUWT DE SUGER DEL EN BLIKSEMSNEL IS IT SPUITAPPARAET WER FORDWOUN. EARSTE HULP BY IN HARTINFARCT??
JOUN HEALWEI TOLVEN ‘JOUN, KOM FIERDER - IN SLOKJE?’ ABRAHAM FERWERT, REDAKSJE - FOARSITTER FAN IT LITERAIRE TYDSKRIFT ‘SUBSYDZJE’ LIT IT FOLTALLIGE BISTJUR FAN DE LITERAIRE POMMERANTENFORIENIGING ‘DE FRYSKE KOU’ YN 'E OPSEAL FAN SYN FORTIMMERE PLEATSKE TO BOKSWEACH, DE ALDE FRYSKE KLOK OAN 'E MUORRE WIIST HEALWEI TOLVEN. UNBIKEND MEI DIT WICHTIGE BARREN LEIT IT FRYSKE FOLK TO SLIEPEN. NET WITTEND DAT HARREN TAKOMST YN DIZZE GEARKOMST BIPAELD WURDE SIL. SELS DE GREATE BISTJURDER NIMT YN DE HIM EIGENE UNSKULD... | |
[pagina 343]
| |
...SYN JOUNSTICH SLIEPMUTSKE EN TUTET SYN BEITSKE NACHT. IT IENNICHSTE HWAT WY DWAEN KINNE, IS OFWACHTSJE. DE EARSTE FRYSKE FEESTDEI OFWACHTSJE, HOE DAN EK, MAR PATSER, PATSER WIE DER NET BY. HWER IS PATSER BIDARRE?? HWEROM KRYE WY NOU IT BYLD FAN IN MANSKE BOLLE? WY MOATTE MAR RESTICH DE DEI OFWACHTSJE, LESSJOGGERS, FAN SPANNING WOL MYN BLOED WOL BRUZ' EN SIEDE! | |
[pagina 344]
| |
DE OARE DEIS:
KRANTEBIRJOCHT
IEPENLOFTSPUL TO BOKSWEACH
IT FRYSK BLOED SPREKT! POMMERANTEN YN TOU FOAR ‘SUBSYDZJE’
Dat wy allegear bruorren binne is nou aldergeloks ek dúdlik wurden oan de redaksje fan it lit. tydskrift ‘Subsydzje’ en de Literaire Pommeranten Forieniging ‘De Fryske Kou’. Neffens A. Ferwert, redaksjefoarsitter fan ‘Subsydzje’ is op in noflike gearkomst to Boksweach, hwêr't iepen en earlik tusken beide partijen praet is, fan de kant fan ‘De Fryske Kou’ it bislút fallen hjoed en moarn op Muoikes Kamp to Boksweach liiflik oanwêzich to wêzen. It publyk sil tagong ta de Pommeranten krije foar f 5, - p.p. (Bern en studinten f 3, - p.p.), hokker jild orneare is foar it finansjeel swakke ‘Subsydzje’. Mear oer dit heuglik nijs, sjoch side 11.
EN TO BOKSWEACH: GREATE DROKTE! TUZENE FRIEZEN WOLLE DE POMMERANTEN SJEN! → | |
[pagina 345]
| |
[pagina 346]
| |
[pagina 347]
| |
IN MOANNE LETTER IT LITERAIR TYDSKRIFT ‘SUBSYDZJE’ FORSKYNT OF 'E TIID, YN IN KREAS NY FORMAET EN GRAFYSK FORANTWURDE OP MAEK, FORSOARGE TROCH IN GOEDBITELLE BIKEND ARTYST. IT HONORARIUM PER SIDE STIIGT FAN f 8,- NEI f 12,-
DER FORSKYNT IN NY FRYSK BUSBOEK FAN H. PATSER: ‘MEI DE POMMERANTEN FOAR IT BLOK’
SEIT BAUKJE DE JONG YN IN FRAECHPETEAR MEI JAN KLAES FAN DE ‘NOASDRIP’: ‘IK MEI IT SA STOMME GRAECH DWAEN, HIN, JA, DE K.I. IS MYN LUST EN MYN LEVEN!!’
KRIGET DRS. F. NEATOFREDEN IN OANTEKENE SLUF FAN IT GOEDKARDE YNSTITUT FOAR TAELBIFOARDERING EN WURDKRAPTE, HWERYN DER BY HIM TWINGEND OP OAN STIEN WURDT DE AERD FAN 'E RELAESJES BLEAT TO LIZZEN TUSKEN FRYSK BLOED EN FRYSK STAMBOEKFE. NEFFENS DE ALDERLESTE BIRJOCHTEN HAT NEATOFREDEN OPNY YNTRESSANTE FYNSTEN DIEN, DY'T IN NY LJOCHT BRINGE KINNE YN DE FYRSKE STIID! WY HALDE JO OP 'E HICHTE! |
|