Tichel wurk
Rym en unrym
Hwa't syn moed net hat oer de fryske skriuwerij en hwa't wanhopet en och en wé ropt as it giet om de fryske literatuer fan ús dagen, moat him it Frysk Skriuwersalmanak 1972 oantuge. In kromke treast en bimoediging foar hwa't de moedfearren al hingje litten hat. Hwat útjowers net slagge dat krigen de amateurs - sa't hja harsels biskieden neame - fan it Skriuwersboun foarelkoar. Dit is wer ris in biwyske (en hwat foar ien) fan hoe't it yn Fryslân ek kin. Leadjitter en notarisklerk, sturtwasker en wittenskiplik amtner, mar allegearre frysk fan sprake. En allegearre yn ien almanak. As de ienriedigens ús mar yn 'e kraech pakt en ús op it spoar set nei it mienskiplik doel.
As in fleurige roazekrâns wikselje de fersen, de sketsen en de snoade gedachten elkoar ôf. Alderivichst moaije, fyn ynleine stikjes as dy b.g. oer it reepsjitterke fan de vlaerdinger hjerringlogger, de earste pofbroek op it doarp, Leny har hearlik eigenmakke sop, folle net genôch.
Mei rjocht en reden hat de regionale parse tusken alle puzzeldrokte en boulevardnijs plak ynromje wollen by it forskinen fan dit almanak. Hulde.
Moaijer manifestaesje fan solidariteit, fan oandacht foar de ûnderkrûper, fan de rojale stap út de eigen binearing yn it ramt fan it International Year of the Book lit him amper tinke. Sawntich skriuwers mar leafst fan allerhande karakter, pin en styl, oppenearje har tsjin it lytsachtsjen fan de ‘europeaen’ en de ‘mondial’ tsjin de lytse kultueren oer.
Der is in soad wurk forset. (It waeit jin op it frysk-literaire mêd langer net tomjitte). Gjin muoite en gjin relaesje is sparre. Ek it F.U.F. hat him net kenne litten. Hoewol't dit bondeltsje mei troch in pear bidriuwen faeks wol finansierd wurde kinnen hie, en hoewol't it hjir suver om in relaesjegeskink giet, hat it F.U.F. him der net foar skamme oan dit boekje prioriteit to jaen.
Bihindich is 't, en sûnder folle pretinsjes, mar it hat der fan dat dit almanak de útjefte fan it jier is, in priis wurdich.
Fansels, gjin ljocht sûnder skaed. Skriuwersalmanak hjit it. Spitich is 't dat guon skriuwers har, neffens it Ten Geleide, noch net oansletten ha en miene oare paden gean to moatten. Hooplik kin de útjefte fan takomme jier de nammen fan àl ús skriuwers bifetsje, as in moeting, in poadium en merke fan de fryske skriuwers en dichters.
Nacht yn 'e nane? It soe hwat. Jawis, de fryske skriuwerij is der noch net. Der sil op 'e slach past wurde moatte. Hoe tsjinstridich ek, útjowers en boekhannels lykje noch net de greatste propagandisten to wêzen. En de bibliobussen, dy't har langer oeral mar fortoane, 'k wit n't, 'k wit n't, oft dy ús wol neijer ta it doel bringe. In Boun hat dan ek in teken stelle wollen mei de direksje fan de ynstânsje dy't de boekebus foar de sutelaksje biskikber stelde, dit jier noch gjin almanak oan to bieden. Dat is kleare tael. Dat moat to tinken jaen.
It almanak tsjûget fan in geast fan protest tsjin de sleauwens dy't lang - al to lang - it krewearjen yn dit stik bihearske hat. Dêrmei komt it as mei de skriuwer dy't net mei to suteljen woe, syn boeken rekken ûnder de toanbank.
De died komt by it wurd tonei. Der is hope. Dêrom bin wy bliid. Bliid mei de bliden.
L.P.