Wy sjugge, hja binne beide allike earlik. Bigripe jimme nou wol, hwêrom de oppassers sa graech op seal 3 binne? Ik haw it fakernôch mirken, dat de iene de oare dat plak forgint. In soldaet yn 't hospitael mei net mear as in goune by him hawwe en de oppassers moatte dêrop tasjen, en dat wirk is hjar tige goed tabitrouwd. len fen ús kompanij fen de lichting fen '76 is ek stoarn en hie achteheal goune by him, to minsten, dat hiene syn âlden oan syn kameraet skreaun. Do disse lykwol nei de deade tagyng wier 't al foart.
Op seal 4 binne de eachsîken. Dêr hoef ik neat mear fen to sizzen.
Op seal 5 binne bisearden of ljeaver sokken, dy stienswolmen, iepene foetten en sa hawwe.
De 6e seal is tsjinwirdieh for kaderofficieren. Dat dêrby gûds binne, dy 't eigentlik op seal 2 hearden, scille jimme wol leauwe wolle.
Mear sealen binne der op 't eagenblik net biset.
Fen de dokters wol ik just gjin kwea sprekke, mar 't hindere my dochs, dat okkerdeis in officier fen gesondheid tsjin in stakker, dy 't hast dea is fen ûnwennigens, do 't disse him op syn frage, honear er syn tiid úttsjinne hie, ta'n andert joech: ‘mei Septimber,’ sei: ‘Dan zul je wel eerder dood weze.’
De oppassers matte nei de foarskriften de sîken ek seaft en goed bihannelje, mar foar koart barde it noch, dat hja in ûnnoazele stakkert dy 't de foetten waskje moast, him for hjar plezier heel end al neaken útklaeije lieten, hwêrnei hja him