Okkersneins is der wer ien for skelm weijage en hwet my to mear moeide wier, dat it ek yet in Ljouwerter wier, dos in Fries. Hy wier as remplasant mei ús hjir komd. Ofter fortsjinne hie, om weijage to wirden, doar ik net sizze. Hy wier in kear of trije om dronkenskip straft en om 't it in remplasant wier sa swier as 't mar koe. Do er for 't lêst út de cachot kaem wier er stiif fen rimmetyk en moast er nei 't hospitael, hwêr 't er ût rekke do 't er sein waerd, dat er foartjage wirde scoe. Syn frjeunen krigen permisje om de kaserne roun to gean om jeften for him to freegjen ta reisjild. Hja brochten tsiendeheal goune byien. Der waerd in boargerpakje for koft en hwet er oerbleau krige er yn 'e bûse.
Ik scil net sizze, dat it net goed is, daf er strang op sûpers tasjoen wirdt, mar hwa binne it dy 't er rapport fen meitsje?
Ho faek haw ik net, as ordonnans op de wacht it rapport nei de hoofdwacht brocht, hwêr op stie, dat alles presint wier, en dochs misten der forskate ûnderofficieren, dy letter stikum binnenlitten waerden. Hja wierne den trochgeans ek sa dronken as ûlen, mar dêr kraeide gjin hoanne nei. En as in oppasser in officier moarns net op syn bêd fynt, mar disse for beest yn 't ien of oar fornaem (?) losjemint to finen is, kin dat er den wol lâns? Mar ik forjit, dat er ûnderskied is twisken soldaten en officieren.
Sjea sa, safier bin 'k nou; nou scil ik yet hwet nijs fortelle. Ja man, wy geane wer to skoalle. Wy scille ek dûnsjen en skermjen leare, mar earst matte jimme witte, ho 't hjir yn 'e skoalle tagjit.